DE - Treinstellen DE (Blauwe Ingel)

Materieel DE1 en DE2, letter Plan X , better bekend ûnder de namme Blauwe Ingel, wie in searje Nederlânske diselelektryske treinstellen.

DE (Plan X)
DE1 41
DE1 41
Algemien
Bynamme Blauwe Ingel
Oantal DE1: 30
DE2: 46
Tal dielen DE1: 1 reau
DE2: 2 reau
Searje DE1: 21-50
DE2: 61-106
Fabrikant flagge fan Nederlân Allan
flagge fan Nederlân Werkspoor
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân AEC
flagge fan de Feriene Steaten Cummins
Boujier DE1: 1953-1955
DE2: 1953-1954
Yntsjinststelling 1953
Ut tsjinst 1979-2002
Ferfierder NS,
Oostnet,
Syntus
Line(n) Noardlike Njonkenlinen,
Kamperlyntsje,
Miljoenenline,
Spoarline Winterswyk - Zevenaar,
Spoarline Gouda - Alphen aan den Rijn,
Spoarline Swol - Almelo
Spoarbreedte 1435 mm
Gewicht DE1: 57 ton
DE2: 85 ton
Breedte 2,78 m
Hichte 3,45 m
Uterste faasje 105 km/o
Sitplakken
Tal sitplakken DE1:73
DE2:133
Sitplakken 1e klasse DE1: 8
DE2: 28
Sitplakken 2e klasse DE1: 65
DE2:105
Technyk
Fermogen 225 pk
Brânstof Disel
Ynhâld brânstoftank DE1: 500 liter
DE2: 2x650 liter
Koppeling Scharfenberg

SkiednisBewurkje

Om personielskosten te drukken en de ûntstoming mooglik te meitsjen op njonkenlinen, dy 't troch tin befolke gebiet rûnen yn Noard en East Nederlân, wie de NS op syk nei in net te swier en goedkeap traksjemiddel. It Rotterdamske Allan kaam mei in revolúsjonêr ûntwerp fan in diselelektrysk treinstel dat doe syn tiid fier foarút wie. In soad net-lektrifisearre spoarlinen waarden dêrtroch net mear bedrige troch sluting. De treinstellen moasten ek op de haadlinen tsjinst dwaan kinne, as der gjin elektrysk ferkear mooglik wie.

Omdat de motorreau en treinstellen yn tinbefolke gebiet ride soene, wiene hja oarspronklik ûntwurpen as tredde klasse treinen, wêrby 't de twadde klasse fakultatyf wie. Dit materieel waard yn 1953 - 1954 boud troch Allan yn opdracht fan de NS. Der waarden 30 motorreau DE1 en 46 twadielige treinstellen DE2 boud.

In DE1 hie mar twa kûpees (smoken en net smoke). Der wie gjin aparte 1e-klaskûpee , yn stee dêrfan hiene acht sitplakken yn de net-smokenkûpee in ôfwikende beklaaiïng op 'e stuollen en dizze jilden as 1e klasse. De hiele searje waard boud ûnder de namme Plan X, lykwols dizze beneaming waard pas echt brûkt foar de stellen dy 't yn 1975 modernisearre en giel skildere waarden.

De treinstellen binne sûnt 2002 net mear yn tsjinst, mar ferskate eksimplaren binne bewarre bleaun.

Beskriuwing fan it materieelBewurkje

 
Read farve treinstel 37 by Skearnegoutum

De kopfoarm fan it materieel is ôflaat fan Mat '46. In DE1 is 27,05 meter lang en hat twa draaiskammels dy 't elk oandreaun wurde troch twa elektromotoaren. In DE2 is 45,4 meter lang en hat trije draaiskammels, wêrfan 't it earste en tredde elk oandreaun wurde troch twa elektromotors. It middelste draaiskammel fan DE2 is in jacobsdraaiskammel. De elektryske stroom wurdt yn beide gefallen levere troch twa diselmotoaren mei keppele generator dy 't elk twa traksjemotoaren oandriuwe. Ein jierren fyftich binne de motoaren fan de treinstellen DE2 ferfongen troch in swierder type. De stellen hawwe Scharfenbergkeppelings en kinne mei-inoar keppele wurde ta maksimaal trije eksimplaren, mar net mei oare matearjeeltypen. Dit materieel kaam yn in blauwe kleur mei oranje biezen en foarsjoen fan wjukken ûnder de kabinerúten op 'e baan en krige dêrom al yn 1954 de bynamme Blauwe Ingel. Yn de sechstiger jierren waarden de treinstellen revisearre, en yn de doe foar diselmaterieel gebrûklike kleur read skildere.

ModernisearringBewurkje

 
DE2 176 yn de giele kleur

Nei 't de Haadwurkpleats Haarlem D2-treinstel 88 as prototype yn 1975 mei sukses renovearre hie, folgen yn de perioade 1970 -1981 nochris 25 Plan X treinstellen DE2. De treinstellen krigen ûnder oaren rommere kabines, in nij ynterieur mei reade banken, lykas yn 'e sprinters mei in lytse earste-klasafdeling, nije diselmotors mei op it dak boppe elk balkon in kuolynstallaasje foar de diselmotor, automatyske sluting fan de doarren, sko-rútsjes yn stee fan 'e tiidslinend te iepenjen rútsjes mei swingel, de beruchte ôfstapkes nei it balkon kamen te ferfallen en se krigen de giele húskleur. De fernijde treinstellen waarden fernûmere fan 161 oant 186. Omdat de 161 te folle ôfwykte fan de letter ferboude treinstellen, waard dat prototype yn 1984 al oan 'e kant steld. It stel waard hast 4 jier letter yn 1988 sloopt.

YnsetBewurkje

De DE1 - en DE2 - treinstellen wiene te sjen op hast alle net elektrifisearre spoarlinen yn Nederlân. Yn de measte gefallen ferfingen de treinstellen de stoomtraksje dy 't noch op dizze linen aktyf wie. De earste treinstellen waarden yn 1953 ynset op de linen ArnhimWinterswyk, GoudaAlfen oan de Ryn en tusken Ljouwert en Snits. It jier dêrnei folgen it Kamperlyntsje, de spoarline Swol - Almelo en de oare net elektrifisearre baanfakken yn Grinslân en Fryslân. As lêste waarden yn 1954 de Blauwe Ingelen yntrodusearre yn Súd-Limboarch. Dêrby rieden de treinstellen ek de ynternasjonale treintsjinsten tusken Maastricht en Luik en tusken Heerlen en Aken. Troch elektryfykaasje ferdwûnen de treinstellen yn 1956 alwer fan it trajekt Gouda - Alphen oan de Ryn.

Begjin jierren sechtich kamen de Plan U-treinstellen yn tsjinst. Sy ferfongen de Blauwe Ingelen op de linen Grins - Ljouwert en Arnhem - Winterswijk. De frijkommen treinstellen waarden benammen yn Twinte en om Zutphen ynset. Ek rieden de treinstellen yn de jierren sechtich koarte tiid tusken Alkmaar en Hoarn. Tusken 1970 en de elektrifikaasje fan it trajekt GeldermalsenTiel yn 1978 rieden de DE1 en DE2 - treinstellen de trochgeande treinen tusken UtertGeldermalsen en Arnhim /Nimwegen. Fan 1978 ôf waard dy tsjinst ynkoarte ta Tiel. Yn 1977 wie ûndertusken de ynset fan de treinstellen tusken Maastricht en Aken beëinige.

De lêste jierrenBewurkje

Tusken 1981 en 1983 waarden de Blauwe Ingelen op de Noardlike Njonkenlinen ferfongen troch de nije Waadrinners en waard begûn mei de grutskalige ôffier fan de net-ferboude treinstellen. Yn 1985 giene de lêste net-modernisearre treinstellen bûten tsjinst.

De ferboude DE2 - treinstellen waarden benammen op de disellinen om Swol en Zutphen hinne en tusken Arnhim en Tiel ynset. Yn 1985 waard it trajekt Maastricht – Luik Elektryfysearre en ferdwûnen de treinstellen út dizze ynternasjonale tsjinst. Yn 1986 waard it trajekt Heerlen – Kerkrade Sintrum elektrifisearre. De DE2 - treinstellen bleaune dêrnei noch twa jier riden tusken Kerkrade Sintrum en Valkenburg. Yn 1988 waard dizze treintsjinst beëinige. Foar in pear moanne ferdwûnen de DE2 - treinstellen út Súd-Limboarch. Yn desimber dat jier waard it materieel lykwols wer ynset tusken Maastricht en Aken. Yn maaie 1992 waard de treintsjinst Maastricht – Aken wizige yn Heerlen – Aken, dêrby ek gebrûk makke fan de DE2 - treinstellen. Uteinlik waarden sy hjir yn augustus 1998 ferfongen troch it nije diselmaterieel '90 (DM '90).

Troch de komst fan it nije DM '90 skoden de Plan U-treinstellen troch nei de minder wichtige disellinen dêr 't sy de D 2 - treinstellen ferfange soene. Yn 1996 en 1997 ferdwûnen de treinstellen fan frijwol al harren stamlinen. Op 30 juny 1997 waarden de lêste treinstellen (mei útsûndering fan de treinstellen dy 't tusken Heerlen en Aken rieden) offisjeel bûten tsjinst steld. Dy bleaune lykwols noch oant septimber dat jier ferskate kearen ynfallen yn de reizgerstsjinst. Se kearden dêrby geregeld werom tusken Zwolle en Kampen, mar wiene ek op oare disellinen te sjen. Lykas neamd waard, foel in jier letter, yn augustus 1998, ek it doek foar de Limboarchske treinstellen.

Fan maaie 1998 ôf waarden de treinstellen 180 en 186 ynset op it trajekt Almelo - Mariënberg. Dat wie de earste regionale spoarline dy 't iepenbier oanbestege waard. De line waard it earste jier eksploitearre troch Oostnet. Dit bedriuw gie yn 1999 op yn Connexxion wêrby 't Syntus ferantwurdlik waard foar de treintsjinst. It stel 164 tsjinne as plukstel en stie yn Hengelo. Wylst de 180 al earder de geast jûn hie, hold de 186 it noch oant maaie 2002 fol. It treinstel waard earst ferfongen troch twa treinstellen fan it type Waadrinner en letter troch twa LINT-treinstellen.

Nei de bûtentsjinststellingBewurkje

 
Kop fan 169 te Waterhuizen

De lêste rydtugen DE1 en de net modernisearre (reade) DE2 binne yn 1985 bûten tsjinst steld. Motorreau 41 is bewarre bleaun en is no eigendom fan it Nederlands Spoorwegmuseum te Utert. It reau is folslein restaurearre en yn de oarspronklike blauwe kleur skildere. Fan 1995 ôf is it rydfeardich en wurdt it ynset by ferskate spesjale ritten, wêrûnder in tal Heimwee Expressen fan it Spoorweimuseum. In kop fan motorreau 21 hat earst inkelde jierren oan in muorre fan de wurkpleats yn Swol hongen. By de ferbouwing dêr is dizze ferdwûn. De kop is no ûnderbrocht by de STAR yn stadskanaal. Ek de kop fan de ABk 169 is bewarre bleaun, dizze stiet yn Spoorwegmuseum Waterhuizen by Grins. De kop fan in treinstel, dy 't bewarre wie yn in jongereinsintrum yn Odijk, gie by in âldjiersbrân troch fjoerwurk ferlern. Treinstel 179 is yn 1999 oerdroegen oan de Súd-Limboarchske Stoomtrein Maatschappij. Treinstel 178 hat hjirby in tal reserveûnderdielen ôfstien en is dêrnei sloopt. De 179 is net-rydfeardich opburgen yn Simpelveld.

De eardere Oostnet-treinstellen 164 en 180 binne nei de Haarlem IJmuidense Spoorweg Maatschappij (HIJSM) te Haarlim gien. De 164 waard yn it neijier fan 2005 trochferkocht oan in firma yn Hoogwoud. De ABk is dêr, krekt as in tal oare ferfiermiddels te hier as fakânsjeappartemint. De Bk is sloopt, de kop waard behâlden en krige in plak op it hiem. De 180 waard yn 2020 oer it paad nei Hengelo ferpleatst om dêr opknapt te wurden om yn Twekkelo tsjinst te dwaan as wacht - en skûlgelegenheid by in spoarfytsebedriuw.

Treinstel 186 waard eigendom fan de Stichting Historisch Streekvervoer Achterhoek (HSA) (hjoed-de-dei Transit Oost) te Winterswyk. It stel waard wer werombrocht yn de giele NS-kleurstelling en is sûnt 2016 it iennichste rydfeardige DE2 - treinstel.

KameelBewurkje

Ta de searje heart, alteast technysk sjoen, ek nûmer 20, bynamme Kameel, de ynspeksjewein fan de NS-direksje, dat uterlik lykwols hielendal ôfwykt.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: