Materieel '46 wie in searje elektryske treinstellen fan de Nederlandse Spoorwegen, oantsjut nei it jier fan bestelling. Offisjeel waard dit materieel oantsjut as Plan A, AB, B en C. Offisjeus waard ek de beneaming "Mûzenoas" brûkt.

Mat '46
Mat '46 Treinstel NS 273
Mat '46 Treinstel NS 273
Algemien
Bynamme Mûzenoas
Oantal ELD2: 79
ELD4: 65
Searje ELD2:
221-299
ELD4:
641-705
Fabrikant flagge fan Nederlân Werkspoor
flagge fan Nederlân Allan
flagge fan Nederlân Beijnes
Yntsjinststelling ELD2:
1949: 241-246, 248
1950: 247, 249-256
1951: 221-228, 257-269, 285-286
1952: 229-240, 270-284, 287-299
ELD4:
1948: 641-651
1949: 652-668
1950: 669-689
1951: 690-705
Ut tsjinst ELD2:
1957: 229
Rest: 1974-1983
ELD4:
1950: 654
1955:667
1962: 700
Rest: 1973-1983
Ferfierder NS
Gewicht ELD2: 89 ton
ELD4: 169 ton
Uterste faasje 125 km/o
Sitplakken
Sitplakken 1e klasse ELD2:24
ELD4:42
Sitplakken 2e klasse ELD2:80
ELD4:168
Tal klapstuollen ELD2:21
ELD4:48
Technyk
Fermogen ELD2: 796 kW
ELD4: 1592 kW
Koppeling Scharfenberg
 
Mat '46 treinstel by opstelplak Tilburg, septimber 1954

By dizze searje waard fuortboud op eardere typen streamlinematerieel, lykas fan 1936 ôf yn Nederlân yn gebrûk naam wie. Dy searjes, dêr 't Mat '46 mei yn treinskeakeling ride koe, stiene bekend as Mat '35, Mat '36 en Mat '40.

Trochdat yn de Twadde Wrâldkriich in protte fan it Nederlânske spoarmaterieel ferlern gien wie, bestie nei de befrijing fan de Dútske besetting yn Nederlân in grutte krapte oan materieel. Om dat tekoart op te lossen en om oer materieel foar de fierder geande elektrifikaasje fan it spoarnet yn Nederlân beskikke te kinnen, waarden nije treinstellen oanskaft.

Tusken 1948 en 1952 waarden 65 fjouwerweinstellen (searje 61 -705) en 79 twaweinstellen (searje 221 -299) yn tsjinst steld. De twaweinstellen waarden nûmere fan 241 ôf en pas letter fan 221 ôf omdat de tuskenlizzende nûmers ynearsten noch yn gebrûk wiene foar de twaweinstellen út de Mat '36 - searje.

De fjouwerweinstellen bestiene út twa fêst keppele twaweinstellen, wêrby't oan beide úteinen fan it treinstel in bestjoerderskabine oanbrocht wie. Dy wie nei hjoeddeiske mjitstêven net bjuster noflik. De kabine wie sa krap bemetten dat de masinist syn (op in fytsseal likjende) stoel earst opklappe moast foardat er syn plak ferlitte koe.

De streamline kopfoarm wie inte op dy fan de eardere materiaalsearjes, dy't op harren beurt in soad fuort hiene fan de Dútske DR 877 ("Fliegender Hamburger") en ferlykbere (disel)treinstellen út de jierren tritich. De kop wie foarsjoen fan ferstevigingsribben dy't de masinist by oanridingen in bettere beskerming biede moasten.

Elk twaweinstel hie in jacobsdraaiskammel, in mienskiplik middendraaiskammel. De fjouwerweinstellen hiene twa jacobsdraaiskammels. Dat smiet in gewichtsbesparring op, mar hie in frij ûnrêstige loop ta gefolch omdat sydlingske krêften fan de iene rydbak oerbrocht waarden op de oare. In twaweinstel woech 89 ton, in fjouwerweinstel 169 ton. It fermogen wie 796 kW respektyflik 1592 kW. Hoewol 't faasjes oant 140 km/o talitten wiene, waard yn de normale tsjinstregeling net flugger riden as 125 km/o. Troch de elektryske en pneumatyske ferbiningen yn de automatyske Scharfenbergkeppelingen koene de stellen skeakele wurde mei de treinstellen Mat '35, Mat '36, Mat '40 en de letter ôflevere Mat '54. Yn tsjinstelling ta de "Hûnekoppen" (Mat '54) binne de treinstellen nea foarsjoen fan in sintrale doarsluting en moasten de kondukteurs op elts stasjon de doarren mei de hân slute.

Oarspronklik wiene de treinstellen oliifgrien mei reade biezen, fan de sechstiger jierren ôf gêrsgrien mei in giele snor op 'e noas. It oarspronklike foarnimmen om alle stellen giel te skilderjen is nea trochgien. Mar fjouwer twaweinstellen, de 279, 281, 295 en 299, waarden fanôf ûngefear 1970 yn de nije NS-hússtylkleur giel skildere.

Sawol de griene as de giele stellen hawwe fan likernôch 1970 ôf foarsjoen west fan de blauwe reklamestripen. Yn dy tiid waard dit materieel hieltyd mear alline mar brûkt yn de spits, sadat it oerdeis meastal op in opstelplak stilstie. De animo fan opdrachtjouwers om op dy treinen reklame oanbringe te litten wie dan ek lyts, sadat in treinstel Mat '46 mei reklame in seldsumheid wie.

Paralympyske Spullen

bewurkje seksje

Yn 1980 waarden de fjouwerweinstellen 660, 661, 678, 679, 690 en 695 ferboud foar de Paralympyske Simmerspullen yn Arnhim, mar de ynset waard gjin sukses troch in te koart oan passazjiers. Noch itselde jier waarden de stellen ôffierd.

 
Mat '46-treinstellen op Utrecht CS yn 1969

It materieel '46 is benammen boud om it materieelferlies dat ûntstien wie nei de Twadde Wrâldkriich. en it ferlet fan elektrysk stroomlinematerieel dat troch de elektrifikaasje tanommen is op te fangen. It materieel waard dan ek yn it hiele lân yn ferskate treintsjinsten ynset, sawol as snel - as stoptreinen, en faak ek as fersterking.

Benammen nei de ynfiering fan it nije tsjinstregelingkonsept Spoorslag '70 ferdwûn it materieel út de measte langeôfstânsferbiningen. Dizze ferbiningen waarden tenei riden mei it dêrfoar oanwiisde intercitymaterieel, wêrûnder treinstellen mat '54. Al waard it materieel '46 noch as fersterking of ferfanging brûkt. De treinstellen waarden tenei benammen ynset yn Noard-Hollân, op de ferbining Swol - Flissingen, en yn de stoptreintsjinsten op de Hofpleinline, de Hinneline (Kippenlijn) en yn Súd-Limboarch.

Mei de komst fan it Stêdskgewestlik Materieel fan 1975 ôf fûn der in tal materieelferskowings plak en koe in grut part fan it materieel '46 bûten tsjinst steld wurde. Dochs wie der troch de groei fan it tal passazjiers in tekoart oan materieel en der waard besletten in tal stellen noch in libbensferlingende opknapbeurt te jaan en langer yn tsjinst te hâlden. De masinisten hiene dêr slimme beswieren tsjin en woene net langer op dit materieel ride, benammen fanwege de kwetsberens fan de masinist by in oanriding yn de lytse kabine, yn fergeliking mei nijer materieel. In part fan de beswieren waard weinommen troch it materieel '46 mei oar materieel yn te setten, wêrby 't it materieel '46 efterop rûn en de kabine net brûkt waard.

De ynset konsintrearre him begjin jierren 80 yn de spitstsjinsten yn Noard-Hollân en de stoptreintsjinsten om Eindhoven hinne en yn Súd-Limboarch. Ek waarden der ekstra fuotbaltreinen mei riden, dêr't it ynsetten materieel faaks net sûnder skea fan ôf kaam. Yn guon gefallen waarden de treinstellen dan nei sa 'n tsjinst oan 'e kant set wurde as moasten opknapt wurde mei ûnderdielen fan al út é tsjinst helle treinstellen.

Treinstel 676 ried op 24 septimber 1983 by wize fan ôfskied hinne en wer tusken Haarlim en IJmuiden. In dei letter wie sawol de ynset fan it materieel '46 as de treintsjinst op de spoarline Santpoort Noard - IJmuiden ferline tiid.

Nei de bûtentsjinststelling

bewurkje seksje
 
Museum treinstel 273 yn 2007

Nei 't yn septimber 1983 it lêste treinstel materieel '46 út de reguliere reizgerstsjinst ferdwûn, waarden noch trije twaweinstellen brûkt foar proefnimmingen en ynstruksjeritten. De stellen 279, 285 en 291 wiene sa noch in pear jier ridend op it Nederlânske spoar te sjen. It giele treinstel 279 hold it sels noch oant 1990 fol en waard úteinlik pas yn 1992 sloopt. Treinstel 273 is as lêste bewarre bleaun yn de kolleksje fan it Nederlânsk Spoarweimuseum yn Utert. Dit treinstel is healwei de jierren njoggentich restaurearre en werombrocht yn de oarspronklike kleuren en wurdt tsjintwurdich foar bysûndere ritten brûkt.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • (ned) Gerrit Nieuwenhuis, Gerard Stoer: Spoor en trammaterieel in Nederland, Alkmaar 1982
  • (ned) C. van Gestel, B. van Reems, L. Tempelman: Elektrische treinen in Nederland. Deel 2, Alkmaar 1997
  • (ned) Oostrom, Martin van: Elektrisch stroomlijnmaterieel '46, '54 en Benelux, Rail Magazine Speciaalnummer 9 (72 blz. A4, ISBN 90-71513-14-9 en 90-71513-15-7 geb).
  • (ned) Maandblad HOV 1968
  • (ned) Maandblad Het openbaar vervoer, september 1979
  • (ned) Nicospilt.com - Foto's van mat '46
  Commons: Mat '46 – foto, fideo en harktriemmen