Heechwâld

(Trochferwiisd fan Hoogwoud)

Heechwâld[1][2] (Nederlânsk en offisjeel: Hoogwoud) is in plak yn de West-Fryske gemeente Opmeer yn de Nederlânske provinsje Noard-Hollân. It plak hat 3.590 ynwenners (2021). Heechwâld leit tusken Hoarn en Alkmar.

Heechwâld
Eardere riedshûs
Eardere riedshûs
Emblemen
               
Bestjoer
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Opmar
Sifers
Ynwennertal 3.980 (1 jannewaris 2023)
Oar
Postkoade 1718
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 42 'NB, 4° 56 'EL
Offisjele webside
Doarpsried Heechwâld
Kaart
Heechwâld (Noard-Hollân)
Heechwâld

It doarp hat 3.980 (1 jannewaris 2023) ynwenners.

De plaknamme komt yn 1289 foar as Hoechhoutswouder en yn 1396 as Hogherswoude. Lang waard tocht dat de plaknamme ta ûnderskieding fan it doe tichtbylizzende Nederwoude wie. De âldste namme tsjut lykwols op in wat heger lizzend wâld.[3] Dat wâld wie moeraswâld en ek al wie der lân oanmakke, der wiene noch in soad beammen of boskjes oanwêzich.

 
Kriichsmonumint mei it wapen fan Heechwâld.

Heechwâld waard bekend troch't tichteby it plak, nei alle gedachten yn 'e Berkmar, Willem II fan Hollân yn 1256 troch it iis sakke en ferstoar yn 'e slach tsjin 'e West-Friezen. Willem II waard nei't er finzen nomd wie 'begroeven' efter de hurdplaat fan in pleats yn Heechwâld. Syn soan, Floris V besocht faak syn heit werom te finen en yn in eigen gebiet te begraven. Dat slagge mei in slach yn 1282. Dêrby waard Heechwâld plondere en de befolking foar in grut part útmoarde troch de Hollanners.

Heechwâld krige yn 1414 stedsrjochten, mar om't de bestjoerders yn 'e tiid fan 'e Hoekske en Kabbeljauske Tsierderijen ferkearde besluten namen, waarden dy yn 1429 ynlutsen. Yn dat jier waard Eduard fan Hollân oansteld as hear fan Heechwâld en Aartswâld en it duorre oant 29 maart 1449 dat Eduard de stedsrjochten op 'e nij oan Heechwâld joech.[4][5]

Fan it yn de 15e iuw boude kastiel dat yn Heechwâld stien hat is neat oerbleaun. It kastiel is om de tiid fan de reformaasje hinne ôfbrutsen en ferfongen troch in hearehûs yn it doarp, dat tusken 1710 en 1741 ek wer ôfbrutsen waard.[6]

Heechwâld wie oant 1 jannewaris 1979 mei de plakken Aartswâld, Abbetsjerkeweare, De Weare, Gouwe, Langereis, Paradys en Hurderwyk in selsstannige gemeente.

It besjen wurdich

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Herfoarme tsjerke (Heechwâld).
  De Wikipedy hat ek in side Sint-Jehannes Bertetsjerke (Heechwâld).

De protestantske tsjerke is in letgoatysk gebou út de 17e-iuw mei in doopfont út de 15e iuw. Njonken in protestantske tsjerke stiet yn Heechwâld ek in katolike tsjerke, de 19e-iuwske Sint-Jehannes Bertetsjerke.

Krekt bûten it doarp stiet de poldermole De Vier Winden. Oan 'e westkant fan it doarp stiet de nôtmole De Lastdrager.

Oare monuminten binne ûnder mear it 18e-iuwske riedhûs en in tramstasjon út 1910.

Oer Heechwâld

bewurkje seksje

De grutste wurkjouwer yn 'e gemeente Opmeer is Túnsintrum de Boet. Yn Heechwâld wurdt alle jierren in lânbouútstalling holden en in simmerpopfestival.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Folkertsma, Eeltsje Boates, en Jonkman, Geart, Boerekinkels: Klankbylden út en om de Slach by Warns, yn: De Tsjerne, jg. 5 (1950), s. 267
  2. Wumkes, G.A., Bodders yn de Fryske Striid, Boalsert, 1926 (A.J. Osinga Utjowerij), gjin ISBN, s. 37
  3. Boarne?
  4. P. Bossen, Kroniek van de dorpen Hoogwoud en Aartswoud, Alkmaar 1938, side 106 en fierder.
  5. W. van Gouthoeven, D'oude Chronijcke ende Historien van Holland (met West-Vriesland) van Zeeland ende van Utrecht, Dordrecht 1620, side 177
  6. Side 'Dwangburchten'