Stasjon Wierden
Stasjon Wierden (Wdn) is in spoarweistasjon yn it doarp Wierden yn de gemeente mei deselde namme yn de provinsje Oerisel. It waard iepene yn 1881 oan it spoar fan Swol nei Almelo, yn 1888 kaam dêr ek noch it spoar fan Dimter nei Almelo by.
Stasjon Wierden station Wierden | ||
Stasjon Wierden (2012) | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Oerisel | |
Gemeente | Wierden | |
plak | Wierden | |
adres | Stationsplein | |
koördinaten | 52° 21' N, 6° 35' E | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Wdn | |
type | Standerttype Douma 2e stasjonsgebou | |
iepening | 1 jannewaris 1881 | |
boujier | 1879 1e stasjonsgebou 1965 2e stasjonsgebou | |
sloopjier | 1965 1e stasjonsgebou | |
arsjitekt | 1862 arsjitekt ûnbekent 1e stasjonsgebou 1965 C. Douma 2e stasjonsgebou | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 2 | |
perronspoaren | 3 | |
spoarline | Spoar fan Swol nei Almelo Spoar fan Dimter nei Almelo | |
1e stasjonsgebou stasjon Wierden | ||
Keunstwurk stasjon Wierden (2012) (keunstner Joep Gierveld, 1965) | ||
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Gebou
bewurkje seksjeIt oarspronklike spoarweistasjon fan Wierden wie in unyk ûntwerp. It lege bouwurk bestie út in relatyf lang stasjonsdiel en in wenning dy't heaks op it spoar stie. De wenning krige in souderferdjipping en in opfallend, oan trije siden mei houtsnijwurk dekorearre, puntdak.
It stasjon waard yn 1965 ferfongen troch in nij gebou bekend as Standerttype Douma fan de hân fan arsjitekt Cees Douma. Nei't yn 1997 de NS it loket foar de kaartferkeap slúte, is it gebou yn gebrûk naam as kafetaria. Koart nei de iuwwiksel is oan de rjochterkant in nij sletten fleugel boud dat oanslút op de besteande bakstiennen muorre. Ek oan de perronkant komt in útbou. Yn 2015 is de gevel oan de strjitkant flink útboud en heucht allinnich de muorre mei keunstwurk oan it oarspronklike ûntwerp fan Cees Douma.
Treinferbinings
bewurkje seksjeSearje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
7000 | Sprinter (NS) | Apeldoarn – Dimter – Wierden – Almelo – Hengelo – Ynskedee | In healoeretsjinst |
RS 23 7900 |
Sprinter (Keolis) | Swol – Almelo – Wierden – Hengelo – Ynskedee |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|