Stefanustsjerke (Aldeholtpea)
De Stefanustsjerke is in tsjerkegebou fan de PKN-gemeente Ter Holten yn Aldeholtpea, gemeente Weststellingwerf. Njonken Aldepholtpea hearre ek de doarpen Nijeholtpea, Aldeholtwâlde en Ter Idzard ta de gemeente.
Stefanustsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Weststellingwerf | |
plak | Aldeholtpea | |
adres | Haadwei | |
koördinaten | 52° 53' N 6° 03' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
patroanhillige | Stefanus | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1545 | |
boustyl | gotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 38868 | |
Webside | ||
PKN gemeente Ter Holten | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe oarspronklike tsjerke fan Aldeholtpea datearre fan 1204 en wie fan dowestien boud. De hjoeddeiske tsjerke ferfong de earste tsjerke en waard yn 1545 foltôge en oan de hillige Stefanus wijd. De letgoatyske tsjerke is in grutte doarpstsjerke mei in trijesidich koer. De fan gieltsjes boude ± 37 meter hege toer út 1608 hat oan de súdlike kant in útbouwing foar de trep en in achtsidige spits as bekroaning. De tsjerke waard yn de jierren 1983-1985 restaurearre.
Yn maaie 2018 waard der in nij tsjerklik sintrum by de tsjerke iepene.[1]
Ynterieur
bewurkje seksjeDe tsjerke wurdt mei in houten tonferwulft oerkape. De ienfâldige iken preekstoel, it doophek en in hearebank stamme út de 17e iuw. De flier bestiet foar in part út 17e-iuwske sarken. In liedklok út 1738 gyng yn de Twadde Wrâldoarloch ferlern en waard yn 1946 ferfongen troch in nij getten klok troch Van Bergen út Midwolda.
Oargel
bewurkje seksjeDe tsjerke hat in bysûnder twamanualich kabinetoargel dat yn 1800 yn Empirestyl makke troch Hendrik Anthonie Meijer út Amsterdam yn opdracht fan de Edammer boargemaster Jan Teengs, dy't it foar eigen gebrûk bestelde. Nei't yn 1844 de herfoarme gemeente fan Haarlim it ynstrumint foar de Janstsjerke oankocht sette de oargelmakker Gabry út Gouda it oargel achter in skynfront yn de tsjerke. Doe't de Janstsjerke in oar oargel bouwe liet naam de herfoarme gemeente fan Aldeholtpea it ynstrumint mei it skynfront oer. Tsjintwurdich is it kabinetoargel yn it koer fan de tsjerke set en bleau it skynfront op de galerij stean. It ynstrumint hat 14 registers.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|