Stegen fan de Midstrjitte
It tal Stegen fan de Midstrjitte op De Jouwer bedroech eartiids mear as tritich. De measte stegen, gloppen en sydstrjitsjes binne ferdwûn.
Untstean
bewurkje seksjeBoerepleatsen by Westermar en De Jouwer stiene faak oan of by de heger lizzende sânrêch fan de Midstrjitte. In soad boeren hiene dan ek in feart groeven fan harren pleatsen nei tichtby rinnende wetters. Sa koene se by harren fee en lân komme. Doe’t de hannel en skipfeart har ûntwikkelen groeide it ynwennertal fan De Jouwer. Dêrtroch rekken de boeren wat yn de ferdrukking. Faak ferkochten se in diel fan harren hiem of fan it foarhûs. Guon boeren, mar ek begoedige Jousters, lieten op it hiem efter harren hûs sels in tal ienkeamerwennings sette. Faaks wiene dat in trije- of fjouwertal ienkeamerwenningen ûnder ien dak. Of se lieten dit oer oan húskemelkers. Dochs waard oant fier yn de tweintichste iuw noch wol buorke oan de Midstrjitte, al kaam it lân troch de tanommen bebouwing fier fan de pleatsen te lizzen. In soad nije pleatsen waarden dan ek ‘efterút drukt’ en kamen fierder fan de Midstrjitte te stean. De grûn tusken de opfearten nei de pleatsen oan de Midstrjitte rekke geandewei tichter beboud. Trochdat der te min romte wie ûntstie in griemmank fan bousels oan de opfearten, syddiken, stegen, sydstegen en gloppen oan beide kanten fan de Midstrjitte.
Stegen oan de noardkant fan de Midstrjitte
bewurkje seksjeOan de noardkant fan de Midstrjitte leine:
- de Brouwersteech – neamd nei de bierbrouwerij fan de famylje Arjen en Gjalt Brouwer. Nei it graven fan de Kolk yn 1614 waarden hjir in soad lytse ienkeamerwenninkjes boud.
- de Bloemsteech – Oan de iene kant fan de steech stie ‘it langste skot fan ‘e Jouwer’. Dy skutting wie de ôffreding fan it hiem fan Elias Annes Borger. Yn de nauwe steech stie ek de klokmakkerij fan Siebolt van der Werf.
- de Gerben Martenssteech – Boer Gerben Martens liet op it steed fan syn skuorre sân hierkeamers bouwe. Syn hiem rûn oan De Kolk ta. De steech waard de Joadesteech neamd. Om 1900 wennen hjir in stovemakker dy’t ek de letter bekende ‘Jouster doazen’ makke.
- de Krússteech – hjir wennen yn de rin fan de tiid in soad ambachtsju, en der wiene in pakhûs, in grientehannel, in piteroaljeboer en in smid.
- de Kromme Elleboochjes – in nauwe steech mei sydsteechjes.
- de Fisksteech – oan de feart nei de fiskmerk.
- it Efterlantsje – hjiroan stie oant yn de 20e iuw in pleats oan de noardkant fan ‘de Daam’.
- de Bûterstrjitte – mei in soad lytse ûnderkommens, pakhúskes, wurkplakken en winkels. De Bûterstrjitte hie de aldersmelste sydsteechjes fan De Jouwer.
- de Jordaan – De Jordaan wie fanâlds in farwetter. De hûsadressen fan de Jordaan wiene oan de Bûterstrjitte.
- de Toerstrjitte – ek wol Toerstege, rûn op de Jouster Toer en hotel ‘Wapen fan Haskerlân’ ta. De steech tusken it hotel en de toer waardde Wide Steech of Tsjerkesteech neamd. It wetter bylâns de strjitte waard brûkt foar de oanfier fan bûter nei de bûterwaach. Yn 1865 waard it diel by de toer fan de Toerstrjittefeart dimpt. Oan de Toerstrjitte stiene yn de njoggentjinde iuw it Earmhûs, it weeshûs, de Waach en ‘Sopkôkerij’. Oan it ‘Griene steechje’ stiene tsien diakonijhúskes.
- de Lynbaastrjitte – ek: Baansteech, nei de eardere lynbaan.
- de Gieljittersstrjitte – neamd nei de gieljitterij Keverling.
- de Roskaamsteech – in steech nei in laad- en losplak.
- de Holtropsteech – neamd nei de pleats fan boer Holtrop.
- de Keakelsteech –'waard ek Keakelderij, Triennendal en Sineeske Wyk neamd. De steech krige letter de namme ‘Sinnebuorren’. In soad huzen oan de steech baarnden ôf by de grutte brân fan 1881. Oan de steech wennen destiids wol fjirtich húshâldings.
- de Veltmansteech – offisjeel Roggemolesteech, de earsdere reed nei in mole oan it Hurdspytsje.
- de Houtmolesteech – nei de houtseachmole (1744-1911) fan de famylje Borger.
Oan de súdkant fan de Midstrjitte
bewurkje seksjeOan de súdkant fan de Midstrjitte wiene minder stegen as oan de noardkant, de wetterferbinings hiene dan ek folle minder betsjutting as it Hurdspytsje en De Kolk.
- Driessenstrjitte – neamd nei dokter Jan Gijsbertus Driessen. Driessen wie ûnder mear foarsitter fan it Griene Krús, lid fan de skoalkommisje en mei-oprjochter fan de Hurddraverijferiening. Mei syn frou Aurelia Vegelin van Claerbergen wenne hy yn filla ‘Jamja’.
- nammeleas steechje - rûn fanút de Midstrjitte yn de rjochting fan de Súdwestpolder. Letter waard hjir meubelfabryk ‘De Nijverheid’ boud.
- de Saakje Meinessteech – njonken de roomske tsjerke
- de Ysbrandysteech – neamd nei slachter Ysbrandy. De steech waard pas yn 1986 befluorre.
- de Groenendalsteech – neamd nei kastmakkersbaas Groenendal.
- Lyts Luchtenveld – boerepleats. Nei ôfbraak fan de pleats waard dêr yn 1968 in nije iepenbiere skoalle boud. De seis wenten waarden doe ôfbrutsen.
- 'de spleet yn de muorre – tige nau steechje njonken de winkel fan Zijlstra.
- de Idsesteech –, eartiids Vossesteech nei rektor J. Vos fan de Latynske Skoalle. Ids Koster wie kastmakker oan de Midstrjitte
- de Heine Maaikesteech – healwei de Idsesteech en de Hobbe fan Baerdtstrjitte.
- de Simonsteech – skean foar de Jouster Toer oer. Waard ek Singelpaad neamd as oprit nei it omsingele terrein fan Hobbe fan Baerdt.
- de Teernstrasteech – nei de famylje Teernstra dy’t yn kafee hie op de hoeke mei de Midstrjitte.
- de Terwisgasteech – hotelhâldersfamylje Van Terwisga.
- Nammeleaze steech - rjochts fan it eardere postkantoar.
- de Beerkesteech – Greelt Jurjen Beerske wie in bekende Jouster.
Fierwei de measte Jouster stegen kamen út op de Midstrjitte. Mar ek oan It Sân wiene in soad stegen: Muldersteech, De Daam, Rins Ottopôle, koöperaasjesteech, steechje fan ‘reade Ype’, steechje mei it poartsje, pottebakkerstege en it Steechje fan Ike.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|