Stikelhierrige mûsgoffer

De stikelhierrige mûsgoffer (wittenskiplike namme: Chaetodipus spinatus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûsgoffers (Heteromyidae) en it skaai fan 'e rûchhierrige mûsgoffers (Chaetodipus), dat lânseigen is yn it súdwesten fan 'e Feriene Steaten en it noardwesten fan Meksiko. It is in herbivoar nachtdierke, dat libbet yn tige drûge biotopen. De IUCN klassifisearret de stikelhierrige mûsgoffer as net bedrige.

stikelhierrige mûsgoffer
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje mûsgoffers (Heteromyidae)
skaai rûchhierrige mûsgoffers
   (Chaetodipus)
soarte
Chaetodipus spinatus
Merriam, 1889
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

Fersprieding

bewurkje seksje

De stikelhierrige mûsgoffer is lânseigen yn it it uterste suden en súdeasten fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje en lytse dielen fan it uterste suden fan Nevada en it uterste westen fan Arizona. Yn Meksiko komt er foar oan 'e noardkust fan 'e Golf fan Kalifornje en op 'e eilannen yn dy see. Hy libbet ek op it grutste part fan it Kalifornysk Skiereilân; inkeld oan 'e noardwestkust ûntbrekt er yn in gebiet dat rûchwei fan 'e Sierra Vizcaíno oant de Amerikaanske grins rint.

Uterlike skaaimerken

bewurkje seksje

De stikelhierrige mûsgoffer hat trochinoar in kop-romplingte fan 8–81/2 sm, mei in sturtlingte fan yn trochsneed 111/2 sm. De lingte fan 'e sturt is likernôch 126% fan 'e lingte fan it lichem. It gewicht bedraacht 13–18 g. De earen binne lyts en rûn. De krêftige efterpoaten binne langer as de foarpoaten en mjitte likernôch 21/2 sm. De pels bestiet op 'e rêch út lange hierren mei stikels dertrochhinne, in skaaimerk dêr't dit bistke him mei ûnderskiedt fan oare rûchhierrige mûsgoffers. Der bestiet tusken pleatslike populaasjes wat fariaasje oangeande de kleur fan 'e pels, mar oer it algemien is dy brún op 'e rêch, kop en de boppekant fan 'e sturt, en krêm oant wyt op 'e bealch, kiel, siden en de ûnderkant fan 'e sturt.

Stikelhierrige mûsgoffers libje yn drûge biotopen, lykas steppe en woastyn. Yn bercheftige kriten komme se foar oant in hichte fan 900 m.

Hâlden en dragen

bewurkje seksje

De stikelhierrige mûsgoffer is in nachtdier, dat him oerdeis ornaris weromlûkt yn in eigengroeven hoale om te rêsten. Sa mijt er ek moai de hjittens, dy't simmerdeis yn 'e Sonoarawoastyn op it Kalifornysk Skiereilân tesinzgjend wêze kin. Nei it hâlden en dragen fan dit bist is fierders noch net in protte ûndersyk dien. It dieet fan 'e stikelhierrige mûsgoffer is herbivoar en bestiet út sied en griene plantedielen. Dy fandelet dit bist gear yn syn eksterne wangpûden, dy't oan 'e bûtenkant fan 'e kop sitte. Sa kin er mear meinimme nei syn hoale as dat er op in beskaat stuit opfrette kin, sadat er it miel letter yn alle rêst beplúzje kin. Mei't wetter krap is yn it biotoop fan 'e stikelhierrige mûsgoffer tinkt men dat er syn drinken foar it meastepart út syn fretten hellet. De wichtichste natuerlike fijannen foar dit bist binne ferwyldere katten.

De stikelhierrige mûsgoffer hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Trochdat er net foarkomt yn lânbougebieten hat dit bist mar komselden gedoente mei de minske.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.