Piipkrûd

(Trochferwiisd fan Stjonkblom)

Piipkrûd (Anthriscus sylvestris) is in plant út de famylje fan de skermblommen (Apiaceae).
Dizze soarte komt yn Fryslân algemien foar, yn it bysûnder op plakken dy't mei gers begroeid binne. De plant komt meast talryk foar oan 'e kant fan 'e dyk dy't hjirtroch wyt fan kleur wurdt.
Piipkrûd wurdt ek wol pipekrûd, fluitekrûd, fluitestâlen, franjekrûd, hûnestang, kikkertskrûd, piperkrûd, pypkrûd, spûkeblom of stjonkblom neamd.

piipkrûd
taksonomy
ryk planten (Plantae)
stamme blêdplanten (Euphyllophyta)
klasse bedutsensieddigen
   (Angiospermae)
skift woarteleftigen (Apiales)
famylje woartelplanten (Apiaceae )
skaai piipkrûden (Anthriscus)
soarte
Anthriscus sylvestris
(L.) Hoffmann, 1814

Botanyske beskriuwing

bewurkje seksje

De skermen binne gearstald út wite blomkes dy't nochal ier bloeie. De plant is behierre en kin 1,5 meter heech wurd. De stâlen binne hol mei groeven en faak readbewaze.
Trochdat de stâle hol is, kin der in fluitsje fan makke wurde. Om een fluit te meitsjen moat by in holle Piipkrûdpiip, mei ûnderoan in tichte knoop, ûngefear op healwei in sneed oerlangs makke wurde.
De blom is wyt en hat in trochsneed fan 3 à 4 mm. Elk blomke hat in omwynseltsje en fiif kroanbledsjes, wêrfan't der twa wat lytser binne. De blommen foarmje gearstalde skermen mei 8 oant 15 skermstrielen.
De bloeiperioade rint fan april oant juny. De blêden binne twa- oant trijefâldich fearre; de ûnderkant is sêftbehierre. Piipkrûd hat donkerbrune, silinderfoarmige fruchtsjes mei in ribbele snaffel.

De plant waard troch Jac. P. Thijsse ek wol Hollânsk kant neamd. Dit omdat de blommen fyn fan foarm binne.

Keppelings om utens

bewurkje seksje
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Anthriscus sylvestris fan Wikimedia Commons.