Storytime (liet fan Nightwish)

Storytime is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Nightwish tusken oktober 2010 en april 2011 en útbrocht op it album Imaginaerum fan Nightwish út 2011. Storytime wie it twadde nûmer op it album en waard op 9 novimber 2011 útbrocht as earste single fan it album.

Storytime
algemiene ynformaasje
artyst Nightwish
album Imaginaerum
taal Ingelsk
sjenre Metal
útbrocht 9 novimber 2011
opnommen oktober 2010 - april 2011
doer 5:22 album,
3:59 single
label Nuclear Blast
skriuwer Tuomas Holopainen
produsint Tuomas Holopainen
fideoclip
Nightwish - Storytime (OFFICIAL MUSIC VIDEO)

Oer it nûmer

bewurkje seksje

Storytime is skreaun troch Tuomas Holopainen. It nûmer is ynspirearre op de film The Snowman út 1982, dêr’t it tema earder fan brûkt waard troch Nightwish op it album Oceanborn út 1998. It idee foar de muzyk fan Storytime ûntstie nei't Holopainen him ôffrege wêrom't net ien in nije ferzje fan de film makke hie. De singleferzje fan it nûmer is sa'n oardel minút koarter as it orizjineel op it album Imaginaerum. Ek opfallend is it brûken fan auto-tune, dat is software om ûnsuverheden yn sjongpartijen te ferbergjen of te korrizjearjen en of om de klank fan de minsklike stim te ferfoarmjen. Yn lettere ferzjes fan it nûmer mei sjongeres Floor Jansen waard dêr gjin gebrûk mear fan makke.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: