Sûndastrjitte

(Trochferwiisd fan Strjitte Sûnda)

De Sûndastrjitte of Strjitte fan Sûnda (Yndonezysk en Sûndaneesk: Selat Sunda) is in seestrjitte tusken de Yndonezyske eilannen Java en Sumatra. Yn de midden fan de Sûndastrjitte leit it fulkanyske eilân Krakatau, mear de noardeastkant út, yn it smellere part fan de strjitte leit it eilân Sangiang. De strjitte is in ferbining tusken de Javasee en de Yndyske Oseaan.

Sûndastrjitte
geografy
type wetter see-ingte
lokaasje tusken Java en Sumatra
lân Yndoneezje
ûnderdiel fan Yndyske Oseaan
sifers
maks. lingte ±150 km
maks. breedte 100 km
djiptegemiddelde 20 m
djipste punt 100 m
De Sûndastrjitte.

It westlik part is oant sa'n 100 m djip, nei it westen wurdt de strjitte smeller en ûndjipper; mei de sânbanken, de sterke streamings en obstruksjes sa as oaljeplatforms foar de Javaanske kust, is it dreech navigearjen yn dizze seestrjitte. Fanâlds is de seestrjitte fan grut balang foar de skipfeart west, benammen yn it tiidrek doe't it foar de Feriene Eastyndyske Kompanjy de poarte nei de Speserije-eilannen en havens fan Java wie (1602-1799). Troch syn smellens, ûndjipten en brekme oan sekuere kaarten is de seestrjitte net geskikt foar grutte moderne skippen; meast brûke dy dêrom de Strjitte fan Malakka.[1]

Slach yn de Sûndastrjitte

bewurkje seksje

Op 1 maart 1942 waard hjir slach levere: - de alliearde krúsers HMAS Perth (D29) en USS Houston (CA-30) foelen doe in Japanske lâningsleger, mei krúsers, ûnderseeboatjagers en in fleandekskip, ûnder skout-by-nacht Kenzaburo Hara, by Bantam oan. De alliearde krúsers waarden ta sinken brocht, neidat se Japanske minefegers en in transportskip de grûn yn boarre hiene. De Slach yn de Sûndastrjitte wie part fan de Slach yn de Javasee.

Plannen foar in brêge

bewurkje seksje

Yn de jierren 60 fan de 20e iuw waard útsteld om in brêge oer de Sûndastrjitte te lizzen, yn de 90er jierren kaam it plan wer op it aljemint. Oktober 2007 kaam der in nij plan: in hingbrêge yn fjouwer parten fan sa'n 3 kilometer, 70 meter boppe de seespegel, oanlein oer de eilannen Ular, Sangiang en Prajurit en hast 50% langer as de Akashi-Kaikyo Brêge. At it bedrach fan US$10 miljard op it kleed komt, kin mei de bou úteinsetten wurde yn 2012.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Donald B. Freeman, The Straits of Malacca: Gateway Or Gauntlet?. McGill-Queen's Press, 2006.
  2. Bridge plan to link Java and Sumatra - World - theage.com.au