Strjitten yn Aldeholtpea
Wikimedia-list
De Strjitten yn Aldeholtpea:
Register: A - B - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y
- Bûtenkamp - De strjitte leit yn nijbouwyk 'De Kampen', en is neamd nei in kampe lân dat eartiids 'De Kaampe' neamd waard. It kampke lân dat eartiids Bûtenkamp neamd waard leit ten suden fan de Boppewei (no Stellingenwei) yn de omkriten fan de Wester Vikkeri'je.
- Finkegeafeartwei - rint fan de Stellingenwei oer de Kontermansbrêge nei Finkegea. Omdat de dyk oant 1970 Kontermanswei hiet hawwe âldere ynwenners it noch altyd oer de Kontermanswei, Hoevewei of Hoevegewei. De Finkegeafeart waard omtrint 1647 as sydfeart fan de Noardwâlderfeart groeven om de turf út it heechfeangebiet efter Finkegea en omkriten ôf te fieren.
- Franckenastrjitte - De namme Franckena komt al foar op in grêfstien yn it gongpaad fan de tsjerke. De stien waard yn 1668 lein op it grêf fan Regnerus Franckena (*1620). Hy wie krektas syn heit Francke Regneri Franckena sekretaris fan Stellingwerf Westeijnde. Fierders is der net folle te lêzen op de stien, likeman as op dy fan Abelus Bertholdi Franckena, dy't fan 1638-1673 dûmny fan de tsjerklike gemeente Aldeholtpea, Nijeholtpea, Ter Idzerd en Aldeholtwâlde wie. Dat it in famylje fan oansjen wie blykt út de bou fan in oansjenlik hûs dat se krekt op Wolveageaster grûn benoarden de Haadwei sette lieten. It kastieltsje mei brede slotgrêft waard yn 1723 tekene troch de bekende Jacobus Stellingwerf út Amsterdam. Yn dat jier wie Joachimus (Jochem) Franckena (1652-1736) eigener. Hy wie de net-troude soan fan Regnerus. Op it fiadukt út 1984 yn de A32 oer de Haadwei stiet it opskrift 'Franckena'.
- G F Vosstrjitte - Gerrit Vos waard yn 1924 oansteld as fjildwachter yn Aldeholtpea en yn 1936 beneamd as haad fan de Wurkleazensfoarsjenning yn Wolvegea. Tegearre mei Pieter Gorte hie hy in grut oandiel yn it ta stân kommen fan de ferlingde Hamerswei.
- Grutte Kamp'- nei in grutte kampe lân.
- Hamerswei - ferbynt Aldeholtpea mei Ter Idzerd. Eartiids wienen der twa oare ferbinings, ien troch de Scheenebosk en ien lâns de Idzerdastins. Boppedat wie der noch it 'Schoelepad' dat fan de Idzerdawei foar de herfoarme tsjerke op de Haadwei útkaam. De namme Hamerswei ferwiist nei Jan Titus Jozef Hamers (Ter Idzerd, 30 july 1863 - 4 july 1958) dy't riedslid west hie. De wei rint njonken de pleats 'Terwisscha-sate' yn Ter Idzard dêr't er in tiid buorke hat.
- Hesselinghstrjitte - Mr. Cornelius Hesselingh út Stienwikerwâld wie yn 1542 'dorpspastoor van Holpade', hy wie dat 57 jier.
- Hofsteestrjitte - H. Hofstee ( Finsterwâlde, 9 septimber 1868 - ± 1941 ), wie dûmny yn de herfoarme gemeente fan Aldeholtpea en Nijeholtpea. Bûten de tsjerke hat er him tige ynsetten foar de ûntginning fan de pastorale lannerijen. Dy lannen wienen yn 1936 hast allegear omsetten yn fruchtbere lânbougrûn, mei útsûndering fan de Spjirrebosk (Karkeheide), de Wannelbosk en it Paepentuuntien.
- Haadwei - De Bûtenwegen of Boppewegen rûnen faak oer sânrêgen. De Haadwei wie oant de yndiking fan de Sudersee (1932) ek slieperdyk foar de Lindedyk om it efterlân tsjin it sâlte seewetter te beskermjen. De Haadwei waard dêrom yn 1777 noch ophege. Letter waard it de Grintdyk neamd.
- Lolkemaleane - rûn fan de Stellingenwei nei de healannen by de Linde en waard 'Lolkema’s laene' of 'Lolkema’s singel' neamd. Op it plak fan de wite ophelbrêge wie earder in draaibrêge mei de namme 'Lolkema’s brogge' út 1925. Dêrfoar leinen hjir de barten fan Lolkema dy't de lannen oan beide kanten mei elkoar ferbine moasten.
- Lycklamastrjitte - It geslacht (fan) Lycklama (à Nijeholt) levere yn it ferline benammen oan de súdeasthoeke fan Fryslân in tal grytmannen en boargemasters. Stamheit wie de Saksyske, Boergondysk gesinde, Lyckle Eables út Stienwyk. Dy liet ek huzinge Friesburch oan de Slingerwei yn Nijeholtpea bouwe. Hy wie yn 1512 grytman fan Stellingwef Westeynde. De famyljenamme (fan) Lycklama waard yn de 17e iuw tusken 1611 - 1679 troch neisieten oannomd, letter heakken oaren der 'à Nijeholt' oan ta. De strjitte is neamd nei Rincko fan Lycklama. Hy wie fan 1626-1637, grytman. Syn namme stie op ien fan de liedklokken dy't ea yn de toer hongen dy't yn 1608 boud waard. Hjirop stie: "Het dorp Oldeholtp heeft deze clocke laten maken als mijnheer Rinck van Lycklama, Grietman was van Stellingwerf Westeynde 1636". Om de iuwwikseling hinne kaam der in skuor yn de klok sadat der yn 1934 in jijen-ien komme moast. Dy is lykwols meinomd troch de Dútsers.
- Moleleane - Hjir stie eartiids in nôtmole dy't al neamd wurdt op in kaart fan Schotanus út 1664. Om 1770 hinne kaam der in nije mole dy't yn 1824 in hannen kaam fan Yske Sents van der Meer, dy't mei syn frou Aaltje Everts Akkerman en harren njoggen soannen en trije famkes in drok bestean hienen. It nôt waard oanfierd troch de destiidske Skipsleat (letter Molewyk) fanút de Linde. Op 15 augustus 1915 is de mole ôfbaarnd nei bliksemynslach.
- Oltholtstrjitte - Johannes Gosvi Oltholt wie om 1650 hinne as 'Notaris Publique ende Proculaat' ferbûn oan "den Gerechte van Stellinckwerf- Westeijnde". It 'gerechte' hearde ta de saneamde 'Nedergerjochten'. Sûnt de Saksyske tiid (1498-1515) wienen dat de legere rjochtbanken yn stêd en gritenij, neist it yn 1499 oprjochte Hof fan Fryslân. As taastber oantinken leit yn de tsjerke syn grêfstien út 1669 dy't tusken 1983-1985 by in restauraasje fan it tsjerkhôf yn de tsjerkeflier lein waard. De stien is de Frânske tiid goed trochkomd sadat it famyljewapen noch goed te sjen is. Der stiet de Fryske heale earn op, flankearre troch in ikeblêd en twa ikels. Ek de tekens fan it libben steane der by: de sânrinner, de deadsholle, de krúste skrinkels en it hert.
- Pasmaleane - Lieuwke Pasma wie de opfolger fan Romke Viersen, as haad fan de skoalle yn Aldeholtpea. De markante haadmaster mei syn kromme piip en fioele late de skoalle yn de jierren 1924-1954. De beammen oan beide kanten fan de leane binne plante troch de skoaljeugd yn 1926.
- P J Gortewei - Pieter Gorte wie bestjioerslid fan Pleatslik Belang sûnt de oprjochting op 14 febrewaris 1939 oant 1969. Mei Gerrit F. Vos, hat er him tige ynset foar wat letter de Ferlingde Hamerswei neamd wurde soe. De dyk wie fan belang om de bewenners fan 'efter de Boppewei' tichter by it doarp te bringen. It fuortbestean fan de mei elkoar oanleine wei wie yn 1974 wikkerdewik omdat hjir by de ruilferkaveling 'Midden Tsjonger' gjin omtinken foar wie. Nei in hantekeningenaksje koe it dochs bestean bliuwe as fyts-fuotpaad.
- Scheeneboskpaad - By de ruilferkavelingsplannen fan 1984 waard in fytspaad makke tusken Ter Idzerd en it wetterpompstasjon by Aldeholtpea. Yn 1992 koe op it lêste momint noch in ferbining makke wurde fan de Scheenebosk mei dat fytspaad.
- Scheenekamp - In grut part fan dizze wenwyk leit op in kampe lân dat 'De Kaampe' neamd waard. Yn in ferkeapboekje wurdt de Svcheenekamp'neamd. De krekte lizzing is ûnwis mar it lei wol tsjin de Scheene oan.
- Stellingenwei - De Stellingen bestjoerden ea it âlde Stellingwerf. Oant 1504 wienen der trije Stellingen mei in eigen gebiet om rjocht te sprekken. Mei inoar bestjoerden se de Stellingwerven. Yn 1473 setelen de Stellingen yn Aldeholtpea, Steggerda en West-Nyeberkeap (it lettere Nijeholtpea). It amt fan Stelling wikselde jierliks. Se waarden keazen út de troch alle doarpen ôffurdige 'doarpsstellingen'. De Stellingen bleaunen op de ien oft oare wize funksjonearjen oant de revolúsje fan 1795.
- Weidekamp - Mei de Weidekamp waard in kampe lân oantsjutten dat even east fan de P.J. Gortewei lei oan de Stellingenwei.
- Westerhofstrjitte - As neisiet fan in weinmakkersfamylje út Aldskoat liet Jan Hendrik Westerhof yn 1850 in pleats sette. Neist in buorkerij hie hy ek in weinmakkersbedriuw.
- Westerse Kamp - nei in kampke lân tusken de Stellingewei en de Haadwei, east fan de Wannelbosk.
- Wilfred Berrystrjitte - Wilfred Berry wie in Kanadeeske befrijer dy't op 12 april 1945 sneuvele by Aldeholtpea. Oan him is it Wilfred Berry Monumint wijd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |