Strjitten yn Top-en-Twel

Wikimedia-list

De Strjitten yn Toppenhuzen en Twellingea:

Register: A - B - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y

  • Afkelânsdyk - en ek Afkepolder binne neamd nei boerinne Afke Lammerts Frankena, dy't hjir mei har man Ultsje Bouwes de Jong wenne hat op de pleats dy't no `De Karnmolen´ hjit.
  • Bertuspleintsje - oan de Buorren, skean foar de tsjerke fan Twellingea oer, nei bussjauffeur Bertus Pelsma dy't derneist wennet. Hjir stiet bytiden in feesttinte.
  • Binnebaan - nei de earste iisbaan 'Rept U' fan Twellingea yn plan De Grêften.
  • Bonningastrjitte - nei de haadlingenfamylje Bonninga
  • Brêgefinne - neamd nei de brêge oer it Margrietkanaal. In finne is in stikje fruchtbere grûn by in buorkerij.
  • Brêgesleatsdyk - Op it Fryske plattelân wurdt altyd sprutsen fan 'dyk' ynstee fan 'wei'. Dat komt trochdat der eartiids gjin strjitten wienen, mar allinnich diken; om it wetter te kearen en jin oer te ferpleatsen. Wat no de Easterbrêgeskleat is wie earder de loop fan it Margrietkanaal. Foarby it âlde molkfabryk hiet de feart Westerbrêgesleat. Dit diel is tichtsmiten, dêr leit no it bedriuwsterrein fan Twellingea.
  • Broerstrjitte - nei ien fan de trije reuzen dy't neffens de leginde elk mei in pream in sleat groeven hawwe. It byld "De Trije Bruorren' stiet op de hoeke fan de Ferbiningswei.
  • Bûtebaan - nei de earste iisbaan 'Rept U' fan Twellingea yn plan De Grêften.
  • Bybaan - nei de earste iisbaan 'Rept U' fan Twellingea yn plan De Grêften.
  • De Bou - ferwiist nei it stik lân dêr't ynwenners fan Top en Twel yn de oarloch in grientetúntsje hienen.
  • Douwestrjitte - nei ien fan de trije reuzen dy't neffens de leginde elk mei in pream in sleat groeven hawwe. It byld "De Trije Bruorren' stiet op de hoeke fan de Ferbiningswei.
  • Eastwei - fan skipswerf Popma nei de pleats fan J. Feenstra, de wei is ûntstien by de ruilferkaveling. Doe't der om 1975 hinne huzen boud waarden, ferhuze de âlde iisbaan nei de Eastwei. Tweintich jier letter makke de iisbaan plak foar útwreiding fan de jachthaven fan WSC Hart van Friesland en ferhuze nei de hjoeddeiske lokkaasje neist de Ferbiningswei.
  • Ferbiningswei - ferbynt de Nije Dyk mei de Sjaerdawei. Nettsjinsteande dat yn de jierren '70 de snelwei A7 oanlein is wurdt de âlde rykswei noch altyd 'Nije Dyk' neamd.
  • Hindrik Mensonidesstrjitte - nei doarpssmid Hindrik Mensonides dy't op de Smidsdaam efter it kafee wenne. Mensonides wie in sosjaal fielend man dy't hast yn alle bestjoeren fan ferienings en de tsjerke sitten hat.
  • Jarichstrjitte - nei ien fan de trije reuzen dy't neffens de leginde elk mei in pream in sleat groeven hawwe. It byld "De Trije Bruorren' stiet op de hoeke fan de Ferbiningswei.
  • Kappenburch - nei de eardere state Kappenburch yn Toppenhuzen.
  • Koartebaan - nei de earste iisbaan 'Rept U' fan Twellingea yn plan De Grêften.
  • Langebaan - nei de earste iisbaan 'Rept U' fan Twellingea yn plan De Grêften.
  • Leiepoel - nei de Leiepoel, der wienen yn dizze omkriten mear puollen mei dy namme.
  • Merkelstrjitte - nei de wetterfûgel markol
  • Noardein - it noardlike stik fan Twellingea.
  • Piter Walmastrjitte - Piter Walma wie om 1865 hinne boer yn Toppenhuzen. Hy siet ûnder oaren yn it bestjoer fan it wetterskip en hat der mei foar soarge dat der in grintwei kaam tusken Toppenhuzen en Snits.
  • Reinardastrjitte - nei de haadlingenfamylje fan Reinardastate.
  • Rodenburch - nei de eardere state Rodenburch yn Boarnsweach
  • Sjaardawei - nei de haadlingenfamylje
  • Soetenhofke - efter de tsjerke fan Twellegea. De widdo fan goudsmid Jan Soeten, Ytsje Soeten-de Jong, is hikke en tein op it adres Buorren 43 en stomtafallich is Soet ek de famkesnamme fan de hjoeddeiske bewenster: Riet Zappeij.
  • Súdwei - De wei is ûntstien by de ruilferkaveling. It wie earst ien gehiel, mar waard yn twaen splitst troch it Prinses Margrietkanaal.
  • Tsjerkebuorren - de huzen by de tsjerke.
  • Wolframstrjitte - nei in evangeeljepreker út de midsiuwen dy't yn dizze omkriten wurke hat. In buorskip dat earder yn it Aldhôf lei (der is noch in eilantsje fan oerbleaun) krige syn namme: Wolprandskerke, ek wol Folprandegea neamd en letter Westerkerke. It lêste stikje fan de Langwarder Feart hjit noch altyd Tsjerkesleat.
  • Zeino van Burmaniastrjitte - Zeino fan Burmania wie grytman en ûnder oare lid fan de rekkenkeamer. Yn 1690 hat hy de earste stien lein fan de tsjerke fan Twellingea.