Strjitten yn Wâldsein
Wikimedia-list
De Strjitten yn Wâldsein:
Register: A - B - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y
- Age Hylkes Trompstrjitte - alle huzen oan dizze wei wienen eigendom fan de Underlinge Brân Waarboarchmaatskippij Wâldsein. Age Hylkes tromp wie stifter fan de fersekeringsmaatskippij. By it 150-jierrich bestean fan de maatskippij krige de strjitte syn namme.
- Ald Tsjerkhôf - dêr't no in plantsoen is wie eartiids in tsjerkhôf.
- Ald Wyk - eartiids de wyk fan it fear oer de Ie
- B W Okmastrjitte - B.W. Okma wie in foaroansteand man yn in pleats foar de strjitte oer. Hy wie lid fan Deputearre Steaten mei as haadtaak de wettersteat fan Fryslân. Yn syn bestjoerstiid is it Woudagemaal by Teakesyl der komd.
- Beurtfeartsteech - doe't alles noch oer wetter befoarriede waarden gie de oanfier troch dizze steech.
- Bewarskoallesteech - hjir stie in beukerskoalle.
- Blokmakkerssteech - nei de skips- en mêstmakkerij.
- Brievegarder - it postkantoar stie hjir.
- Brouwerssteech - nei de brouwerij fan de dames Westra.
- Bruorrestrjitte - ferwizing nei de muontsen fan it karmeliter kleaster.
- D Schilstrastrjitte - Diedert W. Schilstra (*1 desimber 1923) sneuvele as oarlochsfrijwilliger op 22 septimber 1946 yn Nederlânsk-Ynje.
- De Dyk - de trochgeande dyk troch Wâldsein.
- De Kamp - al in lang besteande namme.
- De Kolk - nei de kolk fan houtseachmole De Jager op dat plak.
- De Poel - súdpunt fan Wâldsein, en foar de sechtiger jierren in polderke efter de molepôle fan de houtseachmole. It strûpte by't hjerst en winter faak ûnder wetter.
- De Warren - in war is in leechlizzend stik greide.
- De Swan - it yndustryterrein oan de oare kant fan de Welle is neamd nei sjippefabryk De Swan dy't hjir stien hat.
- Dokter Bongastrjitte - Dokter Bonga waard yn 1941 hûsarts yn Wâldsein omdat de joadske dokter Biema syn beriop net mear dwaan mocht fan de Dútsers. Bonga wie regionaal haad yn it ferset.
- Doniastrjitte - It gebiet east fan de Ie oant Doanjewerstâl wie eigendom fan it geslacht Donia.
- Dwerssteech - rint bylâns de Iewâl.
- Efterom - al in lang besteande namme.
- Fermaningsteech - de eardere doopsgesinde tsjerke, no restaurant It Ponkje'stiet hjir oan.
- Fiskerssteech - wennen in soad fiskers oan.
- Gloppe - in gloppe is in smelle bline steech.
- Grôtmakkerstrjitte - op it stee fan drukkerij Van Dyk stie eartiids in grôtmakkerij.
- Hellingsteech - nei de helling fan Jelle Nijdam. Stiet op it plak fan de eardere grifformearde tsjerke.
- Iewâl - de kaai fan de Ie wie al lang beboud.
- Yndyksterleane - de leane nei Yndyk.
- It Skil - sil eartiids ferhurde west ha mei skulpen.
- J C Nagelhoutstrjitte - Jacob Nagelhout (*15 april 1917) sneuvele as fersetsstrider by de Wellebrêge op 15 april 1945.
- J van Huizumstrjitte - Johannes fan Huzum is de âldst bekende prior fan it Karmeliter kleaster (± 1361)
- J S Hoekstrastrjitte - Jouke S. Hoekstra (*10 july 1923) gie op 3 oktober 1946 as oarlochsfrijwilliger nei Nederlânsk-Ynje. Op syn 24e jierdei, op 10 july 1947 stoar hy dêr oan malaria en tyfus.
- Julianaplantsoen - by de berte fan keningin Juliana binne hjir yn 1909 beammen plante.
- Kapteinssteech - nei it eardere kapteinshúske,
- Karmeliterstrjitte - ferwiist nei it eardere kleaster.
- Kleasterstrjitte -
- Koetshúsleane - de famylje Tromp, fan de houthannel, hie hjir in koetshús.
- Kollegat - in kol is in heks, dus heksekont.
- Leechwar - ûntliend oan de stikken lân mei de namme De Warren of Lege Warren.
- Lynbaan - nei de eardere touslaggerij. Hjir waard patinttou slein troch in masine dy't troch in hynder oandreaun waard.
- Melchior Clantstrjitte - Melchior Clant wie de earste reformatoaryske dûmny fan Wâldsein tusken 1598-1603.
- Merkstrjitte - waard eartiids merk hâlden, foar 1904 stie op it stee fan 'It Lange Hûs' in bûterwaach. De âlde gevelstien fan de waach sit noch yn dit hûs.
- Midstrjitte - eartiids Buorren neamd, rint midden troch it doarp.
- Moderige steech - as alle stegen fluorre waarden wie dizze steech lêst oan de beurt.
- Molestrjitte - mole 't Laam stiet oan dizze dyk.
- Nije Buorren - waard al sa neamd doe't de Midstrjitte noch Buorren hiet.
- Op 'e Romte - Oant ± 1908 wie it terrein begrinze troch bûterwaach, mole en Efterom ûnbeboud. Yn de folksmûle waard dit De Romte neamd.
- Paterstrjitte - ferwiist nei it eardere kleaster.
- Prof Titus Brandsmastrjitte - op grûn dêr't eartiids it karmeliter kleaster stien hat. Pater Titus Brandsma wie fan dizze oarder.
- Sâlkeetsteech - nei de brouwerij fan de dames Westra.
- Seilmakkerssteech - der siet in seilmakkerij yn de steech, oan de oare kant fan de Ie waarden de seilen taand.
- S de Jongstrjitte - Simen P. de Jong (*22 oktober 1925) sneuvele op 22 desimber 1947 as soldaat yn Nederlânsk-Ynje.
- Smelle Steech - nauwe steech.
- Steatsskoallesteech - de steatsskoalle stie hjir oant de tachtiger jierren.
- Smidsteech - hjiroan stie in smidte.
- Vosseleane - dûmny Vos wie in menniste dûmny (1903-1911) en lid fan Pleatslik Belang. Troch himn binne oan beide kanten fan de grintwei fan de Strjitwei nei Wâldsein oan beide kanten in rige beammen.
- Waachswâl - hjir stie de bûterwaach, neist de wei rûn de yn 1951 tichtsmiten Weisleat.
- Wellewei - dyk dy't nei it wetter De Welle rint.
- Wide Steech - brede steech