Strykmûne E (De Zes Wielen)

Strykmûne E yn Alkmaar is ien fan 'e 14 strykmûnen, dy't eartiids boud waarden om it wetter fan ferskate polders ôf te meallen nei de Skermerboezem. In strykmûne is in wettermûne mei in tige lytse opfierhichte, dy't it wetter fan 'e iene nei de oare boezem "strykt" respektyflik mealt. Om de strykmûnen fan inoar te ûnderskieden, waarden de mûnen mei in letter oantsjut. De strykmûnen by Alkmar wurde ek wol de 'Zes Wielen' neamd, nei de seis grutte tsjillen, wêrmei't de oerhalen betsjinne waarden.

Strykmûne E
mûne / mole
lokaasje
provinsje Noard-Hollân
plak Alkmar
adres Molenkade 9
koördinaten 52° 38'N 4° 46'E
bysûnderheden
type mûne muonts
funksje strykmûne
flecht 24,40 m
boujier 1630
oare ynformaasje
eigner Mûnestifting Alkmar
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 7471
Webside
www.molend.nl
Kaart
Strykmûne E (Alkmar)
Strykmûne E

By it drûchlizzen fan 'e Heerhugowaard koene de bedikers net foldwaande wetter útmealle op 'e Raaksmaatsboezem. Dêrom moasten de strykmûnen boud wurde op 'e skieding fan 'e Raaksmaats- en Skermerboezem om it oerstallige wetter fan 'e Raakmaatsboezem yn 'e 40 sm heger steande Skermer te meallen.

Seis strykmûnen stiene oan 'e Molenkade yn Oudorp (hjoed-de-dei in wyk fan Alkmar), fjouwer efter Oudorp en fjouwer by Rustenburg. Fan dy fjirtjin strykmûnen binne der acht oerbleaun. Yn 1941 ferlearen de strykmûnen harren funksje mei't de Raaksmaatsboezem mei de Skermerboezem ferbûn waard. Strykmûne A waard demontearre om de mûne yn it Nederlânsk Iepenloftmuseum by Arnhim wer op te bouwen. By oarlochsomstannichheden gyng de demontearre mûne dêr lykwols ferlern. Mûne F stie oan 'e ein fan 'e rige en baarnde al yn 1688 ôf. Dy mûne waard doe net op 'e nij boud. Sadwaande binne fan 'e seis mûne op 'e lokaasje no noch allinne de strykmûnen B, C, D en E oerbleaun.

De strykmûnen fan 'e Raaksmaatboezem waarden tusken 1627 en 1630 boud en Strykmûne E stamt fan 1630. Eigner fan 'e mûne is de Mûnestifting Alkmar e.o..

Strykmûne E is fan 'e rige mûnen fan 'e 'Zes Wielen' de mûne dy't it lêste renovearre waard. De mûne waard yn 2008 wer draaifeardich makke. Yn'e mûne waard wer in wente timmere en de mûne krige nei reid. Yn 2023 krige de mûne nije roeden. De âlde roeden wiene oan inoar laske, wylst de nije roeden klonken binne.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: