Ferûntweardiging
Ferûntweardiging is in gemoedstastân en emoasje wêrby't men in spesifike foarm fan lulkens fielt dy't almeast feroarsake wurdt troch ûnrjochtfeardichheid of teloarstelling. It wurd 'ferûntweardiging' liket yn it Frysk in hollanistyske ynterferinsje te wêzen, mei't it yn gjin inkeld wurdboek fan 'e Fryske Akademy werom te finen is. It is lykwols yn 'e Fryske sprektaal alhiel ynboargere, en waard troch skoalmaster en auteur Ulbe van Houten al brûkt yn syn novelle Ein fan 'e Mars, dy't yn 1941 skreaun en yn 1945 publisearre waard.[1] It Frysk Wurdboek Nederlânsk-Frysk fan W. Visser, dat yn 1985 foar it earst troch de Fryske Akademy útjûn waard, is it iennichste dêr't wat oer it begryp "ferûntweardiging" yn fûn wurde kin. It Nederlânske wurd verontwaardiging wurdt dêr lykwols oerset as "lilkens".[2] Dat begryp hat der wol mei te krijen, mar dekt de lading dúdlik net. As men beslist geef Frysk skriuwe wol, soe men "stutsenens" brûke kinne en foar de eigenskipswurdlike foarm 'ferûntweardige': "stutsen", "krinkt" of "op 't sear kommen".
As emoasje hat ferûntweardiging behalven mei lulkens ek te krijen mei walging en teloarstelling. Men kriget sa'n gefoel almeast as jin sels misjegene wurde troch in oar of as jins rjochtfeardichheidsgefoel op in oare wize oantaast wurdt, bgl. troch in ûnearlike behanneling fan in oare persoan. Dejinge dy't skuldich is oan it ûnrjocht dat de boarne is fan 'e ferûntweardiging, wurdt ek it doelwyt fan 'e lulkens dy't út 'e ferûntweardiging fuorkomt. Neffens psycholooch Claude Miller is ferûntweardiging "in net-primêre, diskrete, sosjale emoasje, dy't yn 't bysûnder de ôfkarring omfiemet fan 'e skuldweardige die fan in oar". Dejinge dy't it gefoel fan ferûntweardiging ûndergiet (de waarnimmer), is dêrby fan miening (oft dat no objektyf sa is of net) dat de die dêr't it om giet de objektive noarmen en wearden geweld oandocht. Tagelyk ferwûnet dyselde die ek ymplisyt it selsbyld fan 'e waarnimmer. Ferûntweardiging is in foarm fan adaptyf hâlden en dragen, dat net foarkomme kin sûnder ynteraksje mei oaren, om't it in gefoel is dat altyd troch in oar yn jin oproppen wurdt.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |