Sudertsjerke (Assen)
De Sudertsjerke (Zuiderkerk) oan 'e Sudersingel is in tsjerkegebou fan 'e City Life Church yn 'e Drintske haadstêd Assen. De gemeente makke diel út fan 'e City Life Church Nederlân.
Sudertsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Drinte | |
adres | Zuidersingel 39 9401 KB Assen | |
koördinaten | 52° 59' N 6° 33' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | City Life Church Nederlân | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Albert Smallenbroek | |
boujier | 1923-1925 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 469336 | |
Webside | ||
Side City Church Assen | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe ekspresjonistyske tsjerke waard yn 1924 boud foar de grifformearde tsjerke fan Assen. Arsjitekt fan it op in grûnplan fan in Gryksk krús boude ryksmonumint wie Albert Smallenbroek. De earms fan it gebou hawwe alle fjouwer in sealtek mei in topgevel, wêryn't smelle hege finsters mei glês-yn-lead ynbrocht binne. Oan 'e noardeastlike kant stiet by de tagong in toer, wylst der oan 'e efterkant fan 'e tsjerke in kosterswente en in pear sealen oanboud binne.
Nei de foarming fan 'e protestantske gemeente Assen naam de tsjerkeried yn 2012 it beslút om de gemeente gear te foegjen mei twa oare besteande gemeenten en de Sudertsjerke ôf te stjitten. De reden dêrta wie it djoere ûnderhâld en it tebekrinnen fan it ledetal fan 'e protestanske gemeente. Yn 2014 koe de tsjerke oerdroegen wurde oan 'e City Life Church, in yn 2012 yn Assen oprjochte gemeente dy't benammen jongerein oansprekt en yn koarte tiid oanwoeks ta in echte gemeente. Dêrmei koe it gebou in kristlike funksje hâlde.[1]
Kwestje Geelkerken
bewurkje seksjeDe tsjerke kaam yn 1926 lanlik yn it nijs, doe't dêr de synoade fan de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân gearkaam. No hie de Amsterdamske dûmny Johannes Geelkerken al sûnt 1920 in konflikt mei de synoade. Oan 'e oarder yn Assen kaam de ynterpretaasje fan 'e Bibelferhalen. De ynterpretaasje dat de sprekkende slang tsjin Eva yn it paradys sintúchlik waar te nimmen west hat, late ta in grut konflikt. Oars as de mearderheid fan 'e synoade woe Geelkerken dat net oan, hy tocht dat it ferhaal mear yn in oerdrachtlike sin bedoeld wie, en tegearre mei in tal meistanners waard hy útsluten fan it amt. De skorsing en letter ôfsetting út it amt soe sels ta skuorrings yn it grifformearde bolwurk liede.
Oargel
bewurkje seksjeNei twa foargongers krige de grifformearde tsjerke yn 1932 in nij twamanualich oargel fan de firma Valckx & Van Kouteren út Rotterdam. Dat yn 1962 en 1975 feroare en ferbettere ynstrumint stiet noch jimmeroan yn 'e tsjerke, mar wurdt troch de nije gemeente net brûkt om't se gebrûk makket fan moderne muzyk.[2]
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|