Albert Smallenbroek (arsjitekt)

Albert Smallenbroek (Feanhuzen, 5 jannewaris 1880 - Assen, 8 juny 1959) wie in Nederlânsk oannimmer en arsjitekt.

Sudertsjerke, Assen

Smallenbroek (ek wol 'A. Smallenbroek Jsn.') wie in soan fan arsjitekt Jan Smallenbroek. Hy boaske yn 1908 mei skippersdochter Grietje Vos (1884-1983). Se binne de âlden fan Jan Smallenbroek (1909-1974), dy't ûnder mear minister van Binnenlânske Saken wie en Albert Smallenbroek (om 1926 hinne) dy't boargemaster west hat.

Neist arsjitekt wie er ek bestjoerlid fan de bouferiening BOAZ yn Assen. Syn meast bekende bouwurk is de Sudertsjerke, mei kosterswent, yn Assen. Smallenbroek stoar yn Assen en waard dêr beïerdige op it Noarderbegraafplak.

Jier Lokaasje Beskriuwing
1906 Assen, Feart NS 72 went (gemeentlik monumint)
1909 Assen, Wilhelminastrjitte 9-11 dûbel wenhûs (gemeentlik monumint)
1923 - 1925 Assen, Sudersingel 81 Sudertsjerke (ryksmonumint)
  • Battjes, J.T. (1996) Assen Architectuur en Stedebouw 1850-1940 Swol: Waanders
  • Gerding, M. (redactie) (2013) Buurt met karakter. Assen Oud-Zuid en haar inwoners, Vereniging Assen Oud-Zuid. ISBN 978-90-9027936-7.