Jan Smallenbroek (arsjitekt)
Jan Smallenbroek (De Like, 25 desimber 1852 - Assen, 18 maart 1932) wie in Nederlânsk arsjitekt.
Libben en wurk
bewurkje seksjeSmallenbroek wie in soan fan Albert Smallenbroek en Bouwina van der Velde. Syn heit en pake wiene wettermûnder yn de provinsje Grinslân. Hy waard opsichter by Rykswettersteat en letter arsjitekt. Hy troude yn 1876 yn Assen mei Trijntje Offereins (1854-1913) en festige him yn Drinte. Harren soan Albert Smallenbroek gie yn de fuotleasten fan syn heit en waard ek arsjitekt.
Smallenbroek stoar yn de âldens fan 79 jier en waard beïerdige op it Suderbegraafplak yn Assen.
Bouwurken (in kar)
bewurkje seksjeJier | Lokaasje | Omskriuwing |
---|---|---|
1901 | Assen, Grinzerstrjitte14 | Betheltsjerke (ryksmonumint) |
1902 | Súdlaren, Stasjonswei by Bovendiepen neist de Grifformearde tsjerke | Kristlike Skoalle foar LU en ULO (yn 1989 ôfbrutsen)[1] |
1905 | Assen, Vaart ZZ 1 | ferbouwing fan hotel Het wapen van Drenthe (gemeentlik monumint) |
1906 | Assen, Torenlaan 11 | went (ryksmonumint) |
1906-1907 | Assen, Stasjonsstrjitte 11 | Hûs Ebbenerve, went (ryksmonumint) |
1907 | Assen, Wilhelminastrjitte 19-21 | dûbele went (gemeentlik monumint) |
1917-1918 | Peize, Riedhûsstrjitte 1 | gemeentehûs (ryksmonumint) |
-
Assen, Stasjonsstrjitte 11
-
Assen, Torenlaan 11
-
Peize, gemeentehûs
Bibliografy
bewurkje seksje- Battjes, J.T. (1996) Assen Architectuur en Stedebouw 1850-1940 Zwolle: Waanders ISBN 9040098123
- Gerding, M. (redaksje) (2013) Buurt met karakter. Assen Oud-Zuid en haar inwoners, Vereniging Assen Oud-Zuid. ISBN 978-90-9027936-7
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Jan Smallenbroek (1852-1932) fan Wikimedia Commons. |