Susan Peters
Suzanne Carnahan, letter bekend as Susan Peters (Spokane, 3 july 1921 — Visalia, 23 oktober 1952) wie in Amerikaanske aktrise dy't yn 'e rin fan har tsienjierrige karriêre yn mear as tweintich films spile. Hoewol't se har karriêre begûn yn ûnregistrearre en rollen as 'ûnskuldich bern', soe se har yn 'e midden fan de jierren fjirtich as in serieuze aktrise yn drama's ûntjaan.
Susan Peters | ||
akteur | ||
Publisiteitsfoto Susan Peters | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Suzanne Carnahan | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 3 july 1921 | |
stoarn | 23 oktober 1952 (31 jier) | |
jierren aktyf | 1940–1952 | |
offisjele webside | ||
IMDb-profyl |
Karriêre
bewurkje seksjePeters waard grutbrocht troch har mem, in widdo, yn Portland, Oregon, en letter yn Los Angeles. Doe 't se ôfstudearre oan de Hollywood High School wie, studearre se aktearjen by de Eastenrykske teaterregisseur Max Reinhardt en tekene in kontrakt by Warner Bros. Pictures. Se ferskynde yn gâns byrollen foardat se in lytse byrol krige yn Santa Fe Trail (1940 ). Se makke har lêste film foar Warner Bros. yn 1942, de film noir The Big Shot mei Humphrey Bogart en Richard Travis; nei de release besleat Warner har kontrakt net te ferlingjen.
Yn 1942 spile Peters in byrol yn Tish, wat har in kontrakt opsmiet by Metro-Goldwyn-Mayer (MGM ). Itselde jier hie se in haadrol yn it troch Mervyn LeRoy regissearre drama Random Harvest, wat har in Academy Award-nominaasje opsmiet foar Bêste Byrol en har fêstige as in serieuze dramatyske aktrise. Peters spile dêrnei de haadrol yn gâns films foar MGM, bygelyks rollen yn de romantyske komeedzje Young Ideas (1943), en ferskate oarlochsfilms: Assignmint yn Brittany (1943), Song of Russia (1944) en Keep Your Powder Dry (1945).
Op nijjiersdei 1945 waard Peters har rêchmoarch slim skansearre troch in skotwûn, wêrtroch't se foar altyd ferlamme rekke. Har auto waard útrist mei in hângaspedaal en hânremmen om har by steat te stellen om te riden nei har ferlamming. Peters kearde werom nei de film en spile in smjunt yn in rolstoel yn The Sign of the Ram (1948).
Peters stapte dêrnei oer nei it teäter, as Laura Wingfield yn in produksje fan The Glass Menagerie fan Tennessee Williams út 1949, dy 't in bytsje oanpast waard sadat Peters yn in rolstoel spylje koe. Dêrnei folge in produksje fan The Barretts of Wimpole Street, dêr't se de lichaamlik handicapte dichteres Elizabeth Barrett Browning yn fertolke. Yn 1952 hie Peters lykwols al in pear jier in klinyske depresje as gefolch fan de ûntbining fan har houlik en har beheinde karriêremooglikheden. Ein 1952 begûn se harsels út te hongerjen, wat yn kombinaasje mei har ferlamming late ta groanyske nierynfeksjes en longûntstekking. Se ferstoar dat jier yn de âldens fan 31 jier oan de gefolgen dêrfan.
Yn 1944 waard se neamd yn de top 10 list fan akteurs dy 't yn stjerren feroare binne. Oare neamden binne Esther Williams, Laraine Day, Kathryn Grayson, Van Johnson, Margaret O'Brien, Ginny Simms, Robert Walker, Gene Kelly en George Murphy.
Filmografy
bewurkje seksjeJier | Titel | Rol | Opmerkings |
---|---|---|---|
1940 | Susan and God | Gast op feest | Net neamd |
1940 | River's End | Net neamd | |
1940 | Sockaroo | College Coed | As Suzanne Carnahan |
1940 | The Man Who Talked Too Much | Lytse rol | Net neamd |
1940 | Young America Flies | Ien fan Jack sy freondinnen | Net neamd |
1940 | Money and the Woman | Depositeur | Net neamd |
1940 | Santa Fe Trail | Charlotte Davis | As Suzanne Carnahan |
1941 | The Strawberry Blonde | Famke | Net neamd |
1941 | Here Comes Happiness | Miss Brown | Net neamd |
1941 | Meet John Doe | Hantekeningjager | Net neamd |
1941 | Scattergood Pulls the Strings | Ruth Savage | |
1941 | Three Sons o' Guns | Mary Tyler | |
1942 | A New Romance of Celluloid: Personalities | As harsels | Koarte promosjefilm foar MGM |
1942 | The Big Shot | Ruth Carter | |
1942 | Tish | Cora Edwards Bowzer | |
1942 | Dr. Gillespie's New Assistant | Frou Howard Allwinn Young | |
1942 | Random Harvest | Kitty | |
1942 | Andy Hardy's Double Life | Sue, Wainwright Coed on Train | |
1943 | Assignment in Brittany | Anne Pinot | |
1943 | Young Ideas | Susan Evans | |
1944 | Song of Russia | Nadya Stepanova | |
1945 | Keep Your Powder Dry | Ann "Annie" Darrison | |
1945 | The Outward Room | Net dienmakke projekt | |
1948 | The Sign of the Ram | Leah St. Aubyn | |
1951 | Miss Susan | Susan Martin | Telefyzjerige; fannijs Martinsville, U.S.A. titele |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Susan Peters fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|