Nettelkrûper

(Trochferwiisd fan Swartkop)

De nettelkrûper (Sylvia atricapilla) is in moskeftige út de famylje fan de Sylviidae. Se wurde sa'n 13,5 oant 15 sm grut. It is in skou, wat ferhoalen libjend fûgeltsje dat syn oanwêzigens ferried troch it sjongen. Winterdeis lit er him út-en-troch op de foerplanke sjen.

nettelkrûper

mantsje

wyfke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje hagekrûperfûgels (Sylviidae)
skaai nettelkrûpers (Sylvia)
soarte
Sylvia atricapilla
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel
     simmerfûgel
     wintergast

     trochtrekker
     wierskynlik útstoarn


De nettelkrûper hat in opfallend mûtske, dat by it mantsje swart is en by it wyfke brún. Hy wurdt dêrom ek wol Swartkop (=atricapilla) neamd. De kleur fan it kleed is fierder griis: ûnder wat ljochter as boppe. De snaffel is griiseftich.

De nettelkrûper komt foar yn tunen en parken mei beammen en strûken en yn bosken mei in soad ûndergroei.

Ferspriedingsgebiet

bewurkje seksje

It ferspriedingsgebiet is suver hiel Europa, oant Aazje en Noard-Afrika. Winterdeis lûke se nei wat mear súdlike streken, it suden fan Ingelân, Ierlân en Westfrankryk.

 
Aaien fan de Nettelkrûper