Swartslús
Swartslús[2] of Swartslûs (Nederlânsk en offisjeel: Zwartsluis; Nedersaksysk: De Sluus) is in (haven)plak yn de gemeente Swartewetterlân yn de provinsje Oerisel. It plak hat op 1 desimber 2015 4805 ynwenners.
Swartslús Zwartsluis | ||
Grifformearde tsjerke (2017) | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Oerisel | |
Gemeente | Swartewetterlân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 4.955 (2023) [1] | |
Oerflak | 18,34 km² dêrfan lân: 16,63 km² dêrfan wetter: 1,71 km² | |
Befolkingsticht. | 270 ynw./km² | |
Oar | ||
Ferkearsieren | N331, N334 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
beleefzwartsluis.nl | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeSwartslús is ûntstien op it plak dêr't it Meppelerdjip yn it Swarte Wetter útrint. It plak wurdt yn 1398 foar it earst neamd, doe't it djip ôfdamme waard mei in dûkerslús.
Swartslús hat in trochfierhaven west foar turf út Drinte nei Hollân.
Tusken 1765 en 1798 wie Swartslús it plak dêr't in protte Joadske húshâldings út de omkriten harren nijberne jonkjes besnije lieten. It besnijenisregister dat bewarre bleaun is neamt de plaknamen Dwingeloo, De Lemmer, Kampen, Bloksyl en oaren.
Der hat in synagoge west, mar dêr is neat mear fan te sjen as it tsjerkhôf dat efter de synagoge lei.
Men men hat yn dit doarp in tal tsjerken: De Herfoarme tsjerke, Grifformearde tsjerken, in Mennistetsjerke en in Kristlike Grifformearde tsjerke.
Oant 2001 wie Swartslús in selsstannige gemeente, it is doe mei Hasselt en Genemuiden opgien yn de gemeente Swartewetterlân.
Underwiis
bewurkje seksjeSwartslús hat twa basisskoallen. De Wijngaard is in protestantsk-kristlike skoalle en De Aremberg jout iepenbier ûnderwiis. It Agnieten College foar fuortset ûnderwiis hat dêr ek in festiging.
Berne yn Swartslús
bewurkje seksje- Johannes Kielstra (13 novimber 1878 - Monako, 1 april 1951), heechlearaar, gûverneur fan Suriname en diplomaat
- Jan de Koning (31 augustus 1926 - Leien, 9 oktober 1994), politikus
- Eelco Gelling (12 juny 1946), gitarist fan Cuby and the Blizzards
- Afke Schaart (24 oktober 1973), politika
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Swartewetterlân | ||
---|---|---|
Stêden: Genemuiden • Hasselt | ||
Doarpen: Kamperzeedijk-Oost • Kamperzeedijk-West • Swartslús | ||
Buorskippen: Afsched • Baarlo • Cellemuiden • De Velde • Genne • Genne-Overwaters • Holten • Kievitsnest • Mastenbroek (foar in part) • Nieuwe Wetering • Roebolligehoek • Streukel • Swartewetterskleaster | ||
Wetter: Galgenrak • Goot • Molenstreng • Swarte mar (foar in part) • Swarte Wetter • Veneriete | ||
· · |