Sybrand van Haersma Buma (1830-1886)

Sybrand van Haersma Buma (Ljouwert, 10 novimber 1830 - dêre, 1 desimber 1886) naam de namme Van Haersma Buma oan en waard sa de stamheit fan dat laach. Hy wie in pakesizzer fan Bernhardus Buma en liet him yn 1850 as rjochtestudint ynskriuwe oan 'e Ryksuniversiteit Grins, dêr't er yn 1855 promovearre. Hy wie dêrnei rjochtsgriffier op De Lemmer (1866-1867), Snits (1867-1870) en Ljouwert (1870-1874), doe abbekaat yn Amsterdam en fan 1877 ôf ofsier fan Justysje te Amsterdam en Apeldoarn (1881). Hy troude yn 1867 mei Cornelia Geertruida Maria Scheurleer (1843-1932) fan De Haach. Se krigen ien soan, Bernhardus van Haersma Buma (1875-1960)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: