Sylvia Gertrudis Martyna Hoeks (Maarheeze, 1 juny 1983) is in Nederlânske aktrise en fotomodel.

Sylvia Hoeks yn 2016
 
Sylvia Hoeks oan 't wurd op it San Diego Comic-Con International yn San Diego, Kalifornje, 2017

At hja 14 jier is docht Sylvia mei oan in modellewedstrijd. Dêrtroch krige sy in protte opdrachten. Neist har wurk as model makket sy ek har VWO-opleiding ôf (2001). Yn 2002 docht se audysje by de toanielskoallen fan Amsterdam en Maastricht. Beide wolle har talitte, mar sy kiest foar Maastricht. Yn 2004 kriget Sylvia de haadrol yn de telefyzjefilm Staatsgevaarlijk (NPS). Yn 2005 spilet sy de mêtresse fan Martin Morero yn Gooische Vrouwen. Yn 2005 hat se in rol yn de telefyzjerige Vuurzee (Sonja Looman) op Nederlân 3 (VARA). De rol fan 'it famke' hat se yn de film Duska yn 2007. Dy rol besoarget har in Gouden Keal. Yn 2009 spilet sy de oertsjûgjende rol fan Siuwske boeredochter Julia yn it drama De Storm, in film oer de wettersneed fan 1953 en yn 2010 jout sy stâl oan Tirza yn de film Tirza, in ferfilming fan de roman mei deselde namme fan Arnon Grunberg.

Yn 2010 spile sy de rol fan Antje Zwager yn de dramarige Bloedverwanten (VARA), op 15 maart 2012 ferskynde seizoen 2 fan de rige. Yn 2011 krige se de haadrol yn it thrillerdrama Overspel fan de VARA, mei Fedja van Huêt en Ramsey Nasr. 2013 kaam it 2e seizoen fan de rige op telefyzje.

Hoeks hie 2013 har earste haadrol yn in Ingelsktalige film The Best Offer. Fan 2016 ôf liket it der op dat Hoeks ynternasjonaal trochbrekt: se spile ûnder oaren mei Harrison Ford yn in troch Denis Villeneuve regisearre ferfolch op de film Blade Runner dy't yn 2017 útkaam.

Telefyzjerigen

bewurkje seksje

Telefyzjefilms

bewurkje seksje

Bioskoopfilms

bewurkje seksje

Underskiedings

bewurkje seksje

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. [1]
  2. De Telegraaf, Amerikaanse filmprijs voor Sylvia Hoeks