Synagoge fan Baden-Baden
De synagoge fan Baden-Baden waard yn 1899 boud foar de joadske mienskip fan Baden-Baden en foar it grutte tal joadske spa-gasten dy't it kueroard besochten. Sûnt de 18e iuw hie Baden-Baden him ûntjûn as in wichtich kuerplak mei in goede reputaasje yn hiel Jeropa. De synagoge waard yn 1938 troch de nazy's ferwoastge .
Synagoge fan Baden-Baden | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Baden-Wuertemberch | |
plak | Baden-Baden | |
adres | Stephanienstraße 5 | |
koördinaten | 48° 45' N 8° 14' E | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Ludwig Levy | |
boujier | 1899 | |
sloopjier | 1938 | |
boustyl | Neoromaanske styl | |
Webside | ||
Side Isr. Kultusgemeente Baden | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjePas nei 1862 stie it joaden frij harren as lykweardige boargers yn Baden-Baden te fêstigjen. Nei in foarse groei fan de joadske mienskip waard op 2 novimber 1890 de joadske gemeente Baden-Baden stifte en al gau waard der ek besletten om in provisoaryske gebedsseal yn in hotel yn te wikseljen foar de nijbou fan in grutte synagoge.
It ûntwerp fan it gebou wie ôfkomstich fan de joadske arsjitekt Ludwig Levy (1854-1907), dy't yn Dútslân al meardere synagogen boud hie, lykas dy fan Pforzheim, Barmen en Kaiserslautern.
De nije synagoge fan it kuerplak waard yn neoromaanske styl boud, mei in rûnbôgeportaal en in grut roasfinster oan 'e súdlike kant. It grûnplan fan de synagoge wie krúsfoarmich en it bouwurk krige twa tuorren mei treppen nei de galerij foar de froulju. Njonken de synagoge stie it hûs fan de joadske gemeente.
Op de ynwijing fan de synagoge op 16 augustus 1899 hold rabyn Baruch Mayer út Bühl in feestlike preek. De earetsjinst yn 'e gemeente fûn plak neffens it otterdokse ritueel. In oargel wie net oanwêzich, likemin wie it de froulju tastien te sjongen.
10 novimber 1938
bewurkje seksjeOp 10 novimber 1938 waarden sûnt moarnsier likernôch 80 joaden út harren hûs helle en nei it sintrale plysjeburo brocht. Oan it ein fan 'e moarn gie de poarte wer iepen en waarden de manlju yn kolonne mei oan beide kanten bewakers nei bûten fierd en twongen om ta fermaak fan belangstellenden troch de strjitten fan Baden-Baden te marsjearjen. De measte ynwenners fan Baden-Baden lieten it lykwols ôfwitte en bleaune yn 'e hûs. It minste stik wie doe't de kolonne de synagoge benei kaam, dêr't uniformearre lju en oar nazy-folk harren by de tagong fersammele hiene. De joaden waarden twongen om oer de gebedsmantel hinne te wâdzjen en sa de synagoge yn te gean. Dêr moasten de joaden yn 'e banken sitte en harkje nei stikken út Mein Kampf, dy't troch guon foaroansteande joaden foarlêzen waarden. Ek waarden hja meardere kearen twongen it Horst Wessel-liet te sjongen. Wylst wiene SS-ers op de kreake foar de froulju drok dwaande tariedings te meitsjen om it gebou yn 'e lôge te setten. Dêrnei waarden de joaden yn ôfwachting fan deportaasje nei Dachau nei in hotel brocht, dêr't se te iten krigen.[1]
Noch deselde deis baarne de synagoge folslein út. Yn 'e wiken neitiid waard de synagoge sloopt, de kosten dêrfan wiene foar de rekken fan'e joadske mienskip.
Nei de ferwoasting
bewurkje seksjeIt plak dêr't eartiids de synagoge stie bleau oant nei de Twadde Wrâldkriich braak lizzen. Dêrnei krige it de funksje fan parkearplak. Ta neitins fan 'e synagoge stiet op it plak tsjintwurdich in ienfâldich monumint.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de: Synagoge_(Landau_in_der_Pfalz)
|