Synagoge fan Middelburch
De Synagoge fan Middelburch wie de earste synagoge yn Nederlân dy't bûten Amsterdam boud waard. It gebou waard yn 1705 yn de eftertún fan de joad Benjamin Levie boud. De yngong is tsjintwurdich yn de Herenstraat en wurdt brûkt troch de Joadske Gemeente Seelân.
Synagoge fan Middelburch | ||
bouwurk | ||
Tagong ta de synagoge | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Seelân | |
plak | Middelburch | |
adres | Herenstraat 14 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Synagoge | |
boujier | 1705 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 28953 [1] | |
offisjele webside | ||
Side Stifting Synagoge |
Yn 1942 waard de synagoge troch de besetter sletten en yn gebrûk nommen foar it opslaan fan foardere radiotastellen. By de befrijing fan Walcheren rekke de synagoge slim skeind troch in Ingelske granaat. Nei de Twadde Wrâldkriich wie der hast gjin joadske mienskip mear en ferinnewearre it gebou yn de rin fan de tiid ta in púnbult.
De yn 1987 oprjochte "Stifting Synagoge Middelburch", in gearwurking tusken joaden en net-joaden, hie as doel de synagoge wer te rekonstruearjen. De stifting krige de ruïne yn 1991 yn eigendom en mei help fan oerheid en donateurs waard it gebou yn 1994 rekonstruëarre.
De synagoge wurdt tsjintwurdich wer brûkt foar tsjinsten, mar de romte is multyfunkjoneel en der kinne ek konserten holden wurde.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|