Tûnelûken
Tûnelûken is in Fryske folkloaresport dy't nij libben ynblazen is troch de Bruorren Anker út Akkrum en Sportreal. De earste wedstryd wie yn 1984. Eartiids waard it wol mear dien yn in tal Fryske stêden. Yn 1985 binne der telefyzjeopnames makke troch Veronica-sport wêrnei't it tûnelûken op mear as 19 oare plakken dien waard: Utert, Lelystêd, Julianadoarp, Holten, Offenwier, Sint Nyk, Bakkefean en oer de Noarderdwersfeart yn Drachten. Hjirby waard faak de ynstallaasje fan Sportreal Akkrum brûkt. In dielnimmer sit hjirby op in echte húsketûne dy't draait om in sjippeglêde mêst fan 9 meter dy't boppe de Boarn hinge. It giet om it ôfleine ôfstân en de tiid dy't dêrfoar nedich is. Troch te lûken oan in tou dat troch in katrolkonstruksje rint moat in dielnimmer him nei de oare kant ta lûke.
Spulregels
bewurkje seksjeDer wurdt striden yn ferskillende klassen: froulju oant en mei 16 jier, froulju fan boppe de 17 jier en manlju oant en mei 16 en 17 jier en âlder. De bêste 5 per kategory geane oer nei de finaleronde en mei yn dat ferbân noch twa pogingen dwaan. As tiidlimyt foar junioaren jildt 60 sekonden, foar senioaren 40 sekonden. Fan de yn totaal dan trije ûndernomme pogingen mei de minste ôflutsen wurde, wêrnei't de prizen útrikt wurde kinne. At dielnimmers út lykwicht drige te reitsjen meie se har net fêstklampe oan de mêst, oars folget diskwalifikaasje. Allinnich it tou en de tûne meie fêsthâlden wurde. Wa't foar it berikken fan it einpunt yn it wetter falt is útskeakele.
Rekords
bewurkje seksjeHenk Wim Galama út Haulerwyk hat it Fryske rekord, mei 10,68 sekonde (1986). Doe't er yn 1986 trije kear efter elkoar de earste priis wûn, mocht der de earste wikselbeker hâlde. Rekordhâldster by de froulju is Petra van Smeden út Drachten mei 24,03 sek. (1986). Winners Iepen Frysk kampioenskip:
Jier | Manlju | Froulju | Jonges | Famkes |
---|---|---|---|---|
1986 | Henk Wim Galama Haulerwyk |
Klazien Riemersma Drachten |
Jeroen Dik Epsen |
Petra Jousma Eastersee |
1985 | Henk Wim Galama Akkrum |
Ike Schouwstra Grou |
Niels Schimmel Haulerwyk |
Margriet Brouwer Munnikebuorren |
1984 | Henk Wim Galama Akkrum |