Tacori Blu, echte namme: Sharmalee Burnett (Chicago, 24 jannewaris 1973), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan mingd Angelsaksysk Amerikaansk, Dútsk, Iersk en Panameesk etnysk komôf. Hja makke yn it begjin fan har karriêre ek wol gebrûk fan 'e artystenammen Jade J'adore en Jade JaDore.

Tacori Blu
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Jade J'adore, Jade JaDore
echte namme Sharmalee Burnett
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 24 jannewaris 1973
berteplak Chicago (Illinois)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
Dútsk
Iersk
Panameesk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, fetysjmodel,
pornoaktrise
jierren aktyf 20072012
offisjele webside
www.tacoriblu.com (deade link)

Libben en karriêre bewurkje seksje

Blu waard yn 1973 berne yn Chicago, yn 'e Amerikaanske steat Illinois. Yn 2007, doe't se 34 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile se sûnt yn in fyftjintal pornofilms, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Pure Play Media, Diabolic Video en Evil Angel.

Fierders wie Blu ek aktyf as neakenmodel, wêrby't se posearre foar ferskate manljusblêden. Ek wurke se as fetysjmodel, û.o. foar de website Kink.com. Neffens har offisjele opjefte is Blu 1.70 m lang, mei in gewicht fan 59 kg en kupmaat 34DD, dêr't se oan kaam troch in boarstfergruttingsoperaasje te ûndergean.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: