Tatra (berchtme)
De Tatra of Hege Tatra (Poalsk: Tatry; Slowaaksk: Tatry) is in berchtme dat de natuerlike grins foarmet tusken de Eastjeropeeske steaten Slowakije en Poalen. It is makket eins ûnderdiel út fan 'e gruttere berchkeatling fan 'e Karpaten, wêrfan't it it heechste diel foarmet.
Tatra | ||
berchtme | ||
De Hege Tatra yn Poalen. | ||
geografy | ||
diel fan | de Karpaten | |
regio | East-Jeropa | |
lân | Poalen Slowakije | |
sifers | ||
oerflak | 785 km² | |
lingte | 80 km | |
heechste punt | Gerlach | |
hichte | 2.499 m | |
geology | ||
yndieling | heechberchtme | |
kaart | ||
De lizzing fan 'e Tatra yn Poalen en Slowakije. |
De Hege Tatra moatte ûnderskaat wurde fan 'e Lege Tatra, dy't súdlik derfan, yn Slowakije lizze. De Hege Tatra beslacht in gebiet fan 785 km², wêrfan't sa'n 610 km² (of 77,%) yn noardeastlik Slowakije leit, en likernôch 175 km² (22,3%) yn súdeastlik Poalen. It heechste punt is de Gerlach, mei in hichte fan 2.655 m, dy't benoarden de stêd Poprad oan 'e Slowaakske kant fan 'e grins leit. It heechste punt yn Poalen is de Rysy, mei in hichte fan 2.499 m, dy't besuden de stêd Zakopane leit.
De Tatra rint oer in lingte fan 80 km fan 'e Huciańska-pas (905 m) yn it westen nei de Zdziarska-pas (1.081 m) yn it easten. It berchtme is mar 19 km breed. Tsjintwurdich is it in beskerme natoergebiet, dêr't twa nasjonale parken oaninoar grinzgje, te witten: it Slowaakske Nasjonaal Park de Tatra en it Poalske Nasjonaal Park de Tatra.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |