Teätertsjerke Nes

teätertsjerke yn Nes, Nederlân

De Teätertsjerke Nes (foarhinne De Hoekstien) is de eardere tsjerke fan de grifformearde gemeente yn Nes-Dongeradiel.

Teätertsjerke
De Teätertsjerke yn 2023
De Teätertsjerke yn 2023
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
plak Nes
adres Wiersterwei
koördinaten 53° 23' N 6° 02' E
Tsjerklike gegevens
status Net mear yn gebrûk as tsjerke
Arsjitektuer
arsjitekt Ane Nauta
boujier 1925-1926
Webside
theaterkerknes.nl
Kaart
Teätertsjerke Nes (Fryslân)
Teätertsjerke Nes

Op 22 juny 1925 waard de earste stien lein foar in nije tsjerke foar de grifformearde gemeente fan Nes. It ûntwerp fan de tsjerke is ôfkomstich fan Ane Nauta.

Nei de fúzje mei de herfoarmen yn 2012 krige de tsjerke de namme "De Hoekstien". De PKN-gemeente Nes-Wierum hie doe trije gebouwen. It die bliken dat dat tefolle wie en de grifformearde tsjerke fan Nes waard ôfstjitten. De grifformearde tsjerke fan Wierum wie al earder yn 2003 ferkocht. Op snein 19 febrewaris 2017 waard de lêste tsjinst yn De Hoekstien fierd.

It oansjen fan de eardere grifformearde tsjerke bliuwt mei de nije bestimming bewarre. De liturgyske foarwerpen binne troch de tsjerklike gemeente meinommen. Yn de tsjerke is wurk te sjen fan de keunstskilder Jo Rispens (1914-2002).

Tsjintwurdich draacht it gebou de namme Teätertsjerke en hat it in maatskiplike funksje.[1][2]

It oargel stamt út 1930 en waard troch de firma Dekker, Goes, boud. Nei de Twadde Wrâldkriich waard it yn de jierren 1980 fergrutte ta in twamanualich ynstrumint troch de firma Bak út Edam. Nei de ferkeap fan de tsjerke en de sekularisaasje fan it gebou waard it oargel net útboud.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  • (ned) Gereformeerde Kerken: Skiednis grifformearde tsjerke fan Nes
  • (ned) Teätertsjerke Nes (offisjele webside)


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: