Ted Hughes
Edward James (Ted) Hughes (Mytholmroyd, Yorkshire, 17 augustus 1930 – North Tawton, Devon, 28 oktober 1998) wie in Ingelsk dichter en skriuwer fan berneboeken.
Libben
bewurkje seksjeTed Hughes wie de soan fan de William Henry en Edith.
Hughes studearre Ingelsk, antropology en archeology yn Cambridge. Yn dy snuorje moete er syn lettere frou, de Amerikaanske dichteres Sylvia Plath op in feest. Sy trouden yn 1956 en gienen yn 1962 by elkoar wei. Plath die harsels tekoart yn 1963, hja wie doe 30 jier.
Oer Plaths selsmoard en Hughes' mooglike ferantwurdlikheid dêrfoar waard en wurdt noch spekulearre (benammen yn feministyske rûnten)[1][2] . Ted Hughes waard nei har dea eigner fan Plaths literêre erfgoed. Hy hâlde alle postume publikaasjes sekuer yn de gaten en ferneatige in part fan har deiboek dat de oantins fan harren lêste trije jier tegearre befette.
Yn 1969 makke Assia Wevill, dy't doe Hughes syn freondinne wie, ek in ein oan har libben (nota bene op deselde wize as Plath), nei earst harren dochterke fan fjouwer Alexandra deadien te hawwen.
Yn 1970 troude Hughes mei ferpleegster Carol Orchard. Sy bleaune troud oant Hughes' dea yn 1998. Hy soar oan de gefolgen fan leverkanker.
Wurk
bewurkje seksjeHughes wtrdt beskôge as ien fan de bêste dichters fan syn generaasje, hoewol't guonts twifelje oer sawol syn technyk as yntellekt.[3] Nei it ferstjerren fan John Betjeman waard er yn 1984 beneamd ta Poet Laureate, in beneaming dy't er krige hawwe soe neidat Philip Larkin wegere hie omdat dy him der literêr net mear by steat ta fielde.
Syn earste gedichtebondel, The Hawk in the Rain (1957), krige in soad omtinken. Syn wurk is yn dy tiid bot op de natuer rjochte, dy't sjoen wurdt as hurd en ûnmeilydsum en dêr't de minske mei syn dierlike eigenskippen mar in part fan is.
De Galbraith Prize wûn er yn 1959.
Letter stiet syn wurk mear yn de bardtradysje en ûndersiket er de myte en it tsjustere ûnderbewustwêzen, dêrfan is "Crow" út 1970 ien fan de meast wichtige. Yn Tales from Ovid (1997) jout er de lêzer in kar út frije oersettingen fan de Metamorphoses fan Ovidius.
Yn Birthday Letters (1998) ferdúdlike er lang om let it tal mystearjes rûnom syn yngewikkelde ferhâlding mei Sylvia Plath en har dea. It is in werjefte fan syn hâlden en dragen út dy tiid en Hughes lit ek in stikmannich aspekten fan harren relaasje sjen. It boek waard bekroane yn it jier fan útjefte mei de 'Forward Poetry Prize' foar de bêste bondel. It gedicht Last letter, dat oktober 2010 foar it ljocht kaam, beskriuwt wat er barde yn de trije dagen foar de dea fan Plath.
Njonken gedichten en berneboeken skreau Hughes operalibretto's. Op syn boek The Iron Man basearre Pete Townshend de rockopera mei deselde namme. Ek de animaasjefilm 'The Iron Giant' wie op dat boek grûnfêste. Teffens redigearre er ferskate karlêzingen.
In 2003 ferskynde postúm de 'Collected Poems', mei al Hughes syn gedichten.
Kar út bibliografy
bewurkje seksjeGedichten
bewurkje seksje- (1957) The Hawk in the Rain
- (1960) Lupercal
- (1967) Wodwo
- (1968) The Iron Man
- (1970) Crow
- (1977) Gaudete
- (1979) Moortown Diary
- (1979) Remains of Elmet
- (1986) Flowers and Insects
- (1989) Wolfwatching
- (1992) Rain-charm for the Duchy
- (1994) New Selected Poems 1957-1994
- (1997) Tales from Ovid
- (1998) Birthday Letters
Berneboeken
bewurkje seksje- How the Whale Became
- Meet my Folks!
- The Earth Owl and Other Moon-people
- Nessie the Mannerless Monster
- The Coming of the Kings
- The Iron Man
- Moon Whales
- Season Songs
- Under the North Star
- Ffangs the Vampire Bat and the Kiss of Truth
- Tales of the Early World
- The Iron Woman
- The Dreamfighter and Other Creation Tales
- Collected Animal Poems
- Shaggy and Spotty
Oer Hughes
bewurkje seksje- Bell, Charlie. Ted Hughes (2002. Hodder and Stoughton)
- Dirda, Michael. Bound to Please (sd 17–21). (2005. W. W. Norton)
- Feinstein, Elaine. Ted Hughes: the life of a poet. (2001. W. W. Norton)
- Gammage, Nick (ed.) The Epic Poise: a celebration of Ted Hughes (1999. Faber and Faber)
- Hadley, Edward. The Elegies of Ted Hughes (2010. Palgrave Macmillan)
- Rees, Roger (ed.) Ted Hughes and the Classics (2009. Oxford University Press)
- Roberts, Neil. Ted Hughes: a literary life (2006. Palgrave Macmillan)
- Sebastian Carter, 'The Rainbow Press', in Parenthesis; 12 (2006 novimber), s.32-35
- Sagar, Keith. The Art of Ted Hughes (1978. Cambridge University Press)
Oars
bewurkje seksjeDe Nederlânske skriuwster Connie Palmen skreau yn 2015 de roman "Jij zegt het", in sabeare-autobiografy fan Ted Hughes oer syn ferhâlding mei Sylvia Plath.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|