Tehmeena Afzal (New York, 27 maart 1982), is in Amerikaansk glamourmodel en neakenmodel fan Pakistaansk komôf. Neffens har offisjele opjefte is se 1.60 m lang, mei in gewicht fan 53 kg en kupmaat 34E of 34DD, dy't se krigen hat troch in boarstfergruttingsoperaasje te ûndergean. Hja wennet tsjintwurdich yn it doarp Westbury, op Long Island.

Tehmeena Afzal
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Tehmeena Afzal
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 27 maart 1982
berteplak New York (New York)
etnisiteit Pakistaansk
wurkpaad
wurksum as glamourmodel, neakenmodel
jierren aktyf 2006 – no
offisjele webside
www.tehmeena.com

Libben en karriêre bewurkje seksje

Afzal waard yn 1982 yn 'e Newyorkske wyk Queens berne as de dochter fan Pakistaanske ymmigranten. Mei acht jier wist hja har âlden safier te krijen dat hja op softbal mocht, hoewol't sport yn 'e Pakistaanske kultuer eins inkeld oan manlju en jonges foarbeholden is. Mei't se in earsten werper bliek te wêzen, krige Afzal as softbalster in protte oandacht fan 'e pleatslike media. Op 'e middelbere skoalle waard hja útroppen ta bêste spylster fan 'e stêd, bêste spylster fan 'e steat en úteinlik ta froulike sporter fan it jier. Troch har sportkapasiteiten wist Afzal in stúdzjebeurs te bemachtigjen dy't har by steat stelde om fierder te learen oan it Ynstitút fan Technology fan New York, dêr't se in bachelorstitel behelle.

Neitiid bejoech Afzal har op it mêd fan 'e muzykyndustry, en rjochte se in -muzykwebside op dy't rjochte wie op it urban-muzyksjenre. Doe't se op dy wize in beskate bekendheid krige yn 'e Amerikaanske muzykbrâns, waard de kreaze Afzal frege om as model mei te wurkjen oan ferskate fideoklips. Fanôf ein 2006 liet se har ek fotografearje as glamourmodel foar withoefolle seksy fotoreportaazjes yn tydskriften. Letter begûn se sporadysk ek as neakenmodel te wurkjen. Dat smiet har grutte populariteit op, mar der kamen ek in protte tige negative reäksjes, benammen út Pakistaanske fermiddens. Wat Afzal docht en hoe't sy har libben liedt, soe yn Pakistan foar in frou ûnbesteanber wêze, mar dêr lûkt hja har neat fan oan. Hoewol't har âlden it net altyd iens binne mei de dingen dy't se docht, akseptearje se dat harren dochter har eigen libben liede moat. Afzal is de iennichste Pakistaanske frou dy't op dizze wize barriêres ôfbrekt yn 'e muzykyndustry en de modellewrâld.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: