Tergooi
Tergooi is in stifting dêr't sûnt 2006 twa sikehuzen yn it Goai yn ûnderbrocht binne, ntl. yn Blaricum en yn Hilfertsom, mei in bûtenpolyklinyk yn Weesp. Yn Almeare sit fierders it Sintrum foar Ynfeksjesykten, de dependâns fan it Sintraal Bakteriologysk en Serologysk Sintrum (CBSL).
Tergoai hie yn 2011 mear as 3.000 meiwurkers en sa’n 200 medysk spesjalisten. De spesjalisten binne ferdield oer 28 spesjalismen foar de mear as 250.000 minsken yn it fersoargingsgebiet. Fierders hat it 18 medysk spesjalistyske opliedings en 633 bêden.
Namme
bewurkje seksjeDe namme fan it sikehûs late ta ôfkarring troch taalkundigen, dy't derop wiisden dat it foarheksel ter net foarkomme kin yn kombinaasje mei de dúdlik ûnsidige namme It Goai. Ter is in gearlûking fan te en it froulike der, krekts ten dat is fan te en den. De Ried fan Bestjoer fielde him net oansprutsen en reagearde derop mei te stellen dat it hjir suver om in fantasijnamme gean soe: As wy in taalkundich klopjende namme wols hiene, wie it in oare wurden.[1]" Wêrom't dizze fantasijnamme dat krekt weromgripe moast op in âld-Nederlânsk taalgebrûk en dat yn dit ferbân ferkeard tapaste, liet hy ûnferklearre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|