Territoriale Finzenis fan Yuma

De Territoriale Finzenis fan Yuma (Ingelsk: Yuma Territorial Prison) is in eardere finzenis yn Yuma, yn it súdwesten fan 'e Amerikaanske steat Arizona. Dat tichthûs funksjonearre fan 1876 oant 1909 en wie yn 'e tiid fan it Wylde Westen berucht yn it Amerikaanske Súdwesten. Hjoed oan 'e dei is it in museum mei de wetlike monumintale status fan in steatshistoarysk park en mei as offisjele namme Steatshistoarysk Park De Territoriale Finzenis fan Yuma (Yuma Territorial Prison State Historic Park).

Territoriale Finzenis fan Yuma
Yuma Territorial Prison
bouwurk
De haadpoarte fan 'e Territoriale Finzenis fan Yuma
De haadpoarte fan 'e Territoriale Finzenis fan Yuma
lokaasje
lân Feriene Steaten
steat Arizona
county Yuma County
plak Yuma (Arizona)
koördinaten 32°43′37″ N 114°36′54″ E
bysûnderheden
type bouwurk finzenis
boujier 1875
monumintale status steatshistoarysk park
offisjele webside
www.yumaprison.org
kaart
Territoriale Finzenis fan Yuma (Arizona)
Territoriale Finzenis fan Yuma
Lokaasje yn Arizona.

Skiednis bewurkje seksje

De earste gebouwen fan 'e Territoriale Finzenis fan Yuma waarden yn 1875 oplevere, doe't Arizona noch gjin steat wie, mar ynstee it Territoarium Arizona foarme (dêrfandinne de namme). De earste finzene waard op 1 july 1876 yn it tichthûs opsletten. De folgjende 33 jier soene yn totaal 3.069 finzenen (wêrûnder 20 froulju) yn Yuma harren selstraffen útsitte, foar misdieden dy't útinoar rûnen fan moard oant polygamy. Yn dy tiid waard de finzenis oanhâldend útwreide en ferboud, wêrby't foar it fysike wurk gebrûk makke waard fan 'e twangarbeid fan 'e finzenen. De lêste finzene ferliet de Territoriale Finzenis fan Yuma yn 1909, doe't it nij oanleine Steatsfinzeniskompleks fan Arizona, yn Florence, ree kaam.

Finzenen dy't yn 'e Territoriale Finzenis fan Yuma straffen úttsjinnen, wiene û.m.

Fan 1910 oant en mei 1914 wiene de gebouwen fan 'e eardere finzenis yn gebrûk foar de Yuma Union High School, in skoalle foar fuortset ûnderwiis. Doe't it Amerikaansk fuotbalteam fan 'e skoalle ûnferwachts wûn fan it team fan Phoenix, lieten de Phoenixers harren kenne as minne ferliezers troch it team fan Yuma út te skellen foar "criminals" ('kriminelen'), ferwizend nei de finzenis. Yuma High naam dy omskriuwing foar in geuzenamme oan, en sûnt neame de Amerikaansk fuotbalspilers fan 'e skoalle harrensels the Crims. It embleem fan 'e skoalle is it gesicht fan in yn it kwea behurde krimineel, en it merchandisingwinkeltsje hjit the Cell Block ('it Selleblok').

Nei't Yuma Union High School oan 'e ein fan it skoaljier 1913-1914 nei oare, gaadliker gebouwen ferhuze wie, waard de Territoriale Finzenis fan Yuma in offisjeel monumint mei de status fan in steatshistoarysk park. It wie it trêde monumint dat yn Arizona dy status taparte krige. Tsjintwurdich is it tichthûs in museum dat heart ta de Yuma Crossing and Associated Sites en opnommen is yn it Amerikaanske Nasjonaal Register fan Histoaryske Plakken. Foarhinne waard it beheard troch de ynstânsje Arizona State Parks, mar fanwegen besunigings by de steatsoerheid is it behear ûnderwilens oerdroegen oan 'e gemeente Yuma.

Yn 'e popkultuer bewurkje seksje

Om't de Territoriale Finzenis fan Yuma yn it Amerikaanske Súdwesten yn 'e tiid fan it Wylde Westen berucht wie, wurdt it tichthûs gauris neamd yn westernromans en -films. Sa spile de finzenis in wichtige rol yn ferskate romans en koarte ferhalen fan auteur Elmore Leonard, lykas Three-Ten to Yuma (1953) en Forty Lashes Less One (1972). Films dêr't de finzenis yn foarkomt, binne û.m. 3:10 to Yuma (1957) en de remake 3:10 to Yuma (2007); The Badlanders (1958), For a Few Extra Dollars (ek bekend as Fort Yuma's Gold, 1966); en A Long Ride from Hell (1968). Ek yn beskate ôfleverings fan tillefyzjesearjes as 26 Men (1957) en Rawhide (1959) spile de Territoriale Finzenis fan Yuma in rol.

Fotogalery bewurkje seksje

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.