Elmore Leonard
Elmore Leonard (folút: Elmore John Leonard jr.; New Orleans, 11 oktober 1925 – Bloomfield Hills (Michigan), 20 augustus 2013) wie in Amerikaansk skriuwer fan romans, koarte ferhalen en senario's. Hy begûn syn karriêre mei it skriuwen fan benammen westerns, mar skreau fan 'e 1960-er jierren ôf fral noch misdieromans en skrillers. Fan syn boeken binne 26 ferfilme, guon mear as ien kear. Leonard syn bekendste romans binne Get Shorty, Out of Sight, Swag, Hombre, Mr. Majestyk en Rum Punch (ferfilme as Jackie Brown). Syn koarte ferhaal Three-Ten to Yuma waard ek twaris ferfilme. Leonard wûn yn 1984 in Edgar Award yn 'e kategory bêste detektiveroman, en syn wurk waard neitiid ferskate kearen bekroane mei oeuvreprizen.
Elmore Leonard | ||
skriuwer | ||
Elmore Leonard yn 2011. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Elmore John Leonard jr. | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 11 oktober 1925 | |
berteplak | New Orleans (Louisiana) | |
stoarn | 20 augustus 2013 | |
stjerplak | Bloomfield Hills (Michigan) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | westerns, misdieromans, senario's | |
bekendste wurk(en) |
Get Shorty Out of Sight | |
prizen | Edgar Award 1984 Peabody Award 2010 | |
jierren aktyf | 1951 – 2013 | |
offisjele webside | ||
www.elmoreleonardofficial.com |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeLeonard waard yn 1925 berne yn New Orleans, yn 'e Amerikaanske steat Louisiana, as de soan fan Elmore John Leonard sr. en dy syn frou Flora Amelia Rive. Om't syn heit as fabryksplanner foar autofabrikant General Motors wurke, ferhuze it gesin ferskate kearen yn koarte tiid. Uteinlik kamen se yn 1934 foargoed yn Detroit te wenjen, yn 'e steat Michigan, dêr't Leonard fierder opgroeide. Hy genoat fuortset ûnderwiis oan 'e Jesuit High School fan 'e Universiteit fan Detroit, dêr't er yn 1943 slagge foar syn eineksamens.
Tsjin dy tiid wie de Twadde Wrâldoarloch yn folle gong, en Leonard melde him oan by it Amerikaanske Marinierskorps, dêr't er lykwols net troch de keuring kaam fanwegen syn minne gesichtsfermogen. Dêrop besocht er it by de Amerikaanske Marine, dêr't er wol oannommen waard. Leonard tsjinne trije jier yn 'e Stille Súdsee, oant er yn 1946 ôfswaaide. Yn dy tiid brocht er it ta ûnderofsier en krige er de bynamme 'Dutch' (nei de doedestiden bekende honkballer Dutch Leonard).
Nei syn militêre tsjinst liet Leonard him ynskriuwe oan 'e Universiteit fan Detroit, dêr't er Ingelske taal- en letterkunde en filosofy studearre. Yn dy tiid begûn er foar it earst serieus te skriuwen, wêrby't er guon koarte ferhalen ynstjoerde foar wedstriden en oanbea foar publikaasje yn tydskriften. Yn 1949 fûn er in baan as tekstskriuwer by it reklameburo Campbell-Ewald Advertising Agency, dêr't er ferskate jierren wurke njonken syn stúdzje en syn privee-skriuwerij. Yn 1950 studearre er mei goed gefolch ôf oan 'e Universiteit fan Detroit.
Karriêre
bewurkje seksjeSyn earste súkses as skriuwer hie Leonard yn 1951, doe't syn koarte ferhaal Trail of the Apaches opnommen waard yn it tydskrift Argosy. Yn 1953 publisearre er syn earste roman, de western The Bounty Hunters. Dêrnei folgen yn 'e 1950-er en 1960-er jierren in fjouwertal oare westernromans en mear as tritich koarte ferhalen fan dat sjenre. Dêryn liet er in foarleafde blike foar it beskriuwen fan underdogs mei in ferskaat oan kulturele eftergrûnen. Faak wiene syn personaazjes goed ûntwikkele troch dialooch, wêrby't elts personaazje in eigen wize fan praten hie en himsels dêrtroch ûnderskate fan 'e oare personaazjes. Foar dekôr joech Leonard oer it generaal de foarkar oan Arizona en Nij-Meksiko.
Fjouwer fan Leonard syn westernromans waarden ferfilme: The Law at Randado (as Border Shootout), Last Stand at Saber River (as Last Stand at Saber River), Hombre (as Hombre, mei Paul Newman) en Valdez Is Coming (as Valdez Is Coming, mei Burt Lancaster). Dêropta waard syn westernferhaal The Captives ferfilme as The Tall T, mei Randolph Scott, wylst it westernferhaal Three-Ten to Yuma twaris ferfilme waard, yn 1957 (3:10 to Yuma, mei Glenn Ford) en yn 2007 (3:10 to Yuma, mei Russell Crowe en Christian Bale). Fierders skreau Leonard ek it orizjinele senario foar de western Joe Kidd, mei Clint Eastwood yn 'e haadrol.
Yn 1969 ferskynde by Gold Medal Books de earste misdieroman fan Leonard, mei as titel The Big Bounce. Leonard wie in oare misdieskriuwer as de measten út dy tiid, dy't melodrama, pessimisme en noir-eleminten yn harren wurk ferfrisselen. Ynstee dêrfan spriek út 'e romans fan Leonard inkeld belangstelling foar syn personaazjes, dy't delset waarden mei reälistyske dialogen. Syn misdieferhalen spilen gauris yn Detroit, mar ek wol yn súdlik Floarida. The Big Bounce waard twaris ferfilme, yn 1969 (The Big Bounce) en yn 2004 (The Big Bounce). Fifty-Two Pickup, út 1974, waard ek twaris ferfilme: as The Ambassador yn 1984 en as 52 Pick-Up yn 1986.
Fierders waard Get Shorty ferfilme as Get Shorty (mei John Travolta, Gene Hackman, Danny DeVito en Rene Russo), Rum Punch as Jackie Brown (mei Pam Grier, Samuel L. Jackson, Bridget Fonda, Michael Keaton en Robert De Niro), en Out of Sight as Out of Sight (mei Jennifer Lopez, George Clooney en Dennis Farina). Oare misdieromans fan Leonard dy't ferfilme waarden, wiene: The Moonshine War (as The Moonshine War), Mr. Majestyk (as Mr. Majestyk), The Switch (as Life of Crime), Cat Chaser (as Cat Chaser), Stick (as Stick), Touch (as Touch), Freaky Deaky (as Freaky Deaky), Killshot (as Killshot) en Be Cool (as Be Cool).
Foar de misdieroman La Brava krige Leonard yn 1984 de Edgar Award yn 'e kategory bêste detektiveroman takend troch de Mystery Writers of America (MWA). Mei syn folgjende roman, Glitz, oer gokken yn Atlantic City, briek er einlings troch by in breder lêzerspublyk. Wylst er earder beskôge wie as in auteur fan wat literatuerkritisy faak delbûgend 'sjenrefiksje' neame, waard er neitiid sjoen as in literêr skriuwer. Glitz stie sechstjin wiken lang yn 'e bestsellerlist fan The New York Times, en Leonard syn folgjende boeken waarden ek allegear bestsellers. Yn 1992 kende de MWA him de Grand Master Award ta foar syn hiele oeuvre. Foar it senario fan 'e tillefyzjesearje Justified wûn Leonard yn 2010 de Peabody Award, en yn 2012 waard him noch in National Book Award takend by wize fan oeuvrepriis.
Priveelibben
bewurkje seksjeLeonard troude yn 1949 mei Beverly Clare Cline, mei wa't er fiif bern krige: trije dochters en twa soannen. Uteinlik einige harren houlik yn 1977 lykwols yn in skieding. Yn 1979 wertroude Leonard mei Joan Leanne Lancaster (ek bekend as Joan Shepard), mei wa't er troud bleau oant har ferstjerren yn 1993. Letter datselde jiers troude er foar de trêde kear, no mei Christine Kent, fan wa't er yn 2012 skiede.
Ferstjerren
bewurkje seksjeDe lêste jierren fan syn libben brocht Leonard troch deun by syn bern yn Oakland County, yn Michigan. Op 29 july 2013 krige er in oerhaal, en hoewol't it der earst op liek dat er wer opbetterje soe, kaam er úteinlik op 20 augustus fan dat jier yn 'e âlderdom fan 87 jier oan komplikaasjes te ferstjerren yn syn hûs yn Bloomfield Hills, in foarstêd fan Detroit. Omtrint de tiid fan syn dea hie Leonard 13 pakesizzers en 5 oerpakesizzers. Der wiene tsjin dy tiid tsientallen miljoenen eksimplaren fan syn boeken ferkocht.
Wurk
bewurkje seksjeRomans
bewurkje seksje- 1953 – The Bounty Hunters
- 1954 – The Law at Randado (yn 1990 ferfilme as Border Shootout)
- 1956 – Escape from Five Shadows
- 1959 – Last Stand at Saber River (yn 1997 ferfilme as Last Stand at Saber River)
- 1961 – Hombre (yn 1967 ferfilme as Hombre)
- 1969 – The Big Bounce (yn 1969 ferfilme as The Big Bounce; yn 2004 ferfilme as The Big Bounce)
- 1969 – The Moonshine War (yn 1970 ferfilme as The Moonshine War)
- 1970 – Valdez Is Coming (yn 1971 ferfilme as Valdez Is Coming)
- 1972 – Forty Lashes Less One
- 1974 – Mr. Majestyk (yn 1974 ferfilme as Mr. Majestyk)
- 1974 – Fifty-Two Pickup (yn 1984 ferfilme as The Ambassador; yn 1986 ferfilme as 52 Pick-Up)
- 1976 – Swag
- 1977 – Unknown Man No. 89
- 1977 – The Hunted
- 1978 – The Switch (yn 2013 ferfilme as Life of Crime)
- 1979 – Gunsights
- 1980 – City Primeval
- 1980 – Gold Coast (yn 1997 ferfilme as tillefyzjefilm)
- 1981 – Split Images (yn 1992 ferfilme as tillefyzjefilm)
- 1982 – Cat Chaser (yn 1989 ferfilme as Cat Chaser)
- 1983 – Stick (yn 1985 ferfilme as Stick)
- 1983 – La Brava
- 1985 – Glitz (yn 1988 ferfilme as tillefyzjefilm)
- 1987 – Bandits
- 1987 – Touch (yn 1997 ferfilme as Touch)
- 1988 – Freaky Deaky (yn 2012 ferfilme as Freaky Deaky)
- 1989 – Killshot (yn 2009 ferfilme as Killshot)
- 1990 – Get Shorty (yn 1995 ferfilme as Get Shorty; yn 2017 adaptearre ta de tillefyzjesearje Get Shorty)
- 1991 – Maximum Bob (yn 1998 adaptearre ta de tillefyzjesearje Maximum Bob)
- 1992 – Rum Punch (yn 1997 ferfilme as Jackie Brown)
- 1993 – Pronto (yn 1997 ferfilme as tillefyzjefilm; yn 2010 adaptearre ta de tillefyzjesearje Justified)
- 1995 – Riding the Rap (yn 2010 adaptearre ta de tillefyzjesearje Justified)
- 1996 – Out of Sight (yn 1998 ferfilme as Out of Sight; yn 2003 adaptearre ta de tillefyzjesearje Karen Sisco)
- 1996 – Naked Came the Manatee (mei tolve oare auteurs, as fúljeton publisearre yn de Miami Herald; it tolfde fan 'e trettjin haadstikken is fan Leonard)
- 1998 – Cuba Libre
- 1999 – Be Cool (yn 2005 ferfilme as Be Cool)
- 2000 – Pagan Babies
- 2002 – Tishomingo Blues
- 2004 – Mr. Paradise
- 2004 – A Coyote's in the House
- 2005 – The Hot Kid
- 2006 – Comfort to the Enemy (as fúljeton publisearre yn The New York Times)
- 2007 – Up in Honey's Room
- 2009 – Road Dogs
- 2010 – Djibouti
- 2012 – Raylan (yn 2010 adaptearre ta de tillefyzjesearje Justified)
Ferhalebondels
bewurkje seksje(de ûndersteande list is ûnfolslein)
- 1998 – The Tonto Woman and Other Western Stories
- 2002 – When the Women Come Out to Dance (lettere werprintingen ferskynden ûnder de titel Fire in the Hole)
- 2004 – The Complete Western Stories of Elmore Leonard
- 2006 – Moment of Vengeance and Other Stories
- 2006 – Blood Money and Other Stories
- 2006 – Three-Ten To Yuma and Other Stories
- 2007 – Trail of the Apache and Other Stories
- 2009 – Comfort to the Enemy and Other Carl Webster Stories
- 2014 – Charlie Martz and Other Stories: The Unpublished Stories of Elmore Leonard
Koarte ferhalen
bewurkje seksje(de ûndersteande list is ûnfolslein)
- 1951 – Trail of the Apaches
- 1953 – Three-Ten to Yuma (yn 1957 ferfilme as 3:10 to Yuma; yn 2007 ferfilme as 3:10 to Yuma)
- 1955 – The Captives (yn 1957 ferfilme as The Tall T)
- 1982 – The Tonto Woman
- 1996 – Karen Makes Out (yn 2003 adaptearre ta de earste ôflevering fan 'e tillefyzjesearje Karen Sisco)
- 2001 – Fire in the Hole (yn 2010 adaptearre ta in ôflevering fan 'e tillefyzjesearje Justified)
- 2001 – Chickasaw Charlie Hoke
- 2005 – Louly and Pretty Boy
Senario's
bewurkje seksje- 1970 – The Moonshine War (film)
- 1972 – Joe Kidd (film)
- 1974 – Mr. Majestyk (film)
- 1980 – High Noon, Part II (tillefyzjefilm)
- 1985 – Stick (film)
- 1986 – 52 Pick-Up (film; mei John Steppling)
- 1987 – The Rosary Murders (film; mei William X. Kienzle en Fred Walton)
- 1987 – Desperado (tillefyzjefilm)
- 1989 – Cat Chaser (film; mei James Borelli)
- 2010 – Justified (tillefyzjesearje)
Non-fiksje
bewurkje seksje- 2007 – 10 Rules of Writing
Prizen en nominaasjes
bewurkje seksjejier | priis | resultaat | kategory | foar |
---|---|---|---|---|
1984 | Edgar Award | wûn | bêste detektiveroman | La Brava |
1992 | Grand Master Award | wûn | Lifetime Achievement (fan 'e MWA) | hiele oeuvre |
2008 | F. Scott Fitzgerald Literary Award | wûn | treflike prestaasjes op it mêd fan 'e Amerikaanske literatuer | hiele oeuvre |
2010 | Peabody Award | wûn | bêste tillefyzjesenario | Justified |
2012 | National Book Award | wûn | Medal for Distinguished Contribution | hiele oeuvre |
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan Elmore Leonard
- (in) Folsleine filmografy fan Elmore Leonard yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|