Testamint (akte)
In testamint is in persoanlik, net iepenbier dokumint wêryn't immen skriftlik fêstleit, of troch in notaris fêstlizze lit, wat der by syn of har dea mei syn of har neilittenskip barre moat yn ôfwiking fan 'e algemiene wetlike bepalings. Neffens kêst 4:42 fan it Boargerlik Wetboek treedt sa'n testamint pas yn wurking nei it ferstjerren fan 'e oanbelangjende persoan en mei it inkeld dan iepenbier makke wurde oan 'e belanghawwenden. In testamint kin sels skreaun wurde as in ûnderhânske akte dy't yn it bewar jûn wurde moat by in notaris, mar ornaris wurdt sa'n uterste wilsferklearring troch de notaris fêstlein yn in notariële akte. Etymologysk komt it wurd "testamint" fan it Latynske testamentum, mei deselde betsjutting, dat ôflaat is fan testari, dat "tsjûge wêze" betsjut. Immen dy't in testamint skriuwt of opstelle lit, is de testateur. As men yn in testamint wat neilit oan immen, sprekt men yn it Frysk faak fan "testamintsje oan".
Erfrjocht
bewurkje seksjeYn Nederlân jildt in algemiene wetlike regeling foar erfopfolging yn gefal fan ferstjerren. Dêryn is fêstlein wa't de erfgenamten binne as troch de erflitter neat regele is. Dat binne ntl. de houlikspartner en de offisjele bern út in houlik. De wet bepaalt dat goede freonen of net biologysk besibbe en net formeel adoptearre bern út in gearstald gesin gjin erfgenamten binne. De wet seit fierders net wat der barre moat mei it ûnderskate replik guod en ûnreplik goed, de tegoeden, skulden of bisten fan 'e erflitter of hokfoar regeling oft der troffen wurde moat as de iennichste wetlike erfgenamten minderjierrigen binne.
Mei in testamint kin binnen it ramt fan 'e wet ôfwykt wurde fan 'e algemiene regels nei de persoanlike wil fan dejinge dy't it testamint opstelt of opstelle lit, de testateur. Beskate besittings kinne bgl. oan ien persoan fermakke wurde, freonen en net-biologyske famyljeleden kinne as erfgenamt oanwiisd wurde, yn it gefal fan in skieding kin de eardere oarehelte fan erving útsletten wurde en jongere erfgenamten, lykas bernsbern, of goede doelen kinne ûnderstipe wurde mei in legaat. Fierders is it ek mooglik en stel in testamintêr bewâld yn, bgl. ta beskerming fan minderjierrige erfgenamten. Teffens kin der in eksekuteur (foarhinne in eksekuteur-testamintêr) beneamd wurde dy't nei it ferstjerren fan 'e testateur de erfgenamten it regelwurk út 'e hannen nimt.
It meitsjen fan in testamint is in iensidige rjochtshanneling, dy't inkeld de testateur persoanlik útfiere kin. Hy of sy mei dêrby troch nimmen oars ferfongen wurde, ek net troch in oarehelte, bern, fertrouwenspersoan of belestingadviseur. It is wol mooglik om eigenhandich in testamint te skriuwen sûnder dat formeel troch in notaris yn in notariële akte fêstlizze te litten, mar om soks rjochtsjildich te meitsjen, moat it likegoed troch de testateur sels by in notaris yn bewar jûn wurde. As immen, bgl. troch demintens, net mear by steat is om sels in testamint op te stellen of troch de notaris opstelle te litten, is it fêstlizzen fan in testamint ûnmooglik wurden en sil de neitlittenskip beävensearre wurde moatte neffens de algemiene wetlike regels.
Uterste wil
bewurkje seksjeDe Nederlânske wet sprekt net fan "testamint", mar fan "uterste wil(sbeskikking)" (kêst 4:1 Boargerlik Wetboek). It wurd "testamint" komt yn 'e wet wol foar yn 'e oantsjuttings testamintêre lêst, testamintêr bewâld en testaminteregister. De "uterste wil" ferwiist nei in (ornaris notariële) akte, wylst de term "uterste wilsbeskikking" brûkt wurdt foar de ynhâld fan dy uterste wil. De wet sommet fiif soarten uterste wilsbeskikkings op:
Kodisil
bewurkje seksjeIn kodisil is in soarte fan bykommend testamint, dêr't minder strange regels foar jilde. Beskate foarmen fan replik guod kinne bûten de notaris om neilitten wurde fia in hânskreaun, datearre en ûndertekene kodisil. Dat jildt inkeld foar klean en oar liiftabehear, lytse sieraden, boeken en oare lytse, ta de ynboel hearrende saken. Ek kin yn in kodisil fêstlein wurde hoe't de begraffenis of kremaasje plakfine moat. Foár 1 jannewaris 2003 koe fierders in eksekuteur (doe noch oantsjut as eksekuteur-testamintêr) by kodisil beneamd wurde. Dat is sûnt net mear mooglik, mar moat plakfine yn in testamint.
Testearfrijheid
bewurkje seksjeEltsenien fan sechstjin jier en âlder dy't wilsbekwaam is, hat de frijheid om nei eigen ynsjoch en winsken in testamint op te stellen. Soks hjit yn 'e wet 'testearfrijheid'. Dy frijheid wurdt inkeld beheind troch de bepalings fan twingend rjocht op it mêd fan erfrjocht en mei de algemien jildende noarmen en wearden (goede zeden). Der mei troch nimmen ynfloed of twang op 'e testateur útoefene wurde by it opmeitsjen fan syn of har testamint (kêst 4:4 lid 1 Boargerlik Wetboek). As troch in notaris ûnfoldwaande soarchfâldich fêststeld is dat by it foarmjen fan 'e uterste wil gjin sprake wie fan beynfloeding, kin it testamint nei it ferstjerren fan 'e testateur troch in erfgenamt of oare legitimaris oantaast (d.w.s. oanfochten) wurde, mei as mooglik gefolch dat it bûten wurking steld wurdt. Dat slút bgl. út dat in testamint fia in onlinetsjinst ta stân komme kin, wêrby't de notaris de akte troch de testateur op ôfstân ûndertekenje lit: sa'n testamint soe nammentlik wetlik sjoen fan nul en gjinderlei wearde wêze om't sa net fêststeld wurde kin oft der ynfloed of twang útoefene is op 'e testateur.
Geheimhâldingsplicht en iepenbiermakking
bewurkje seksjeIn testateur hat it rjocht om 'e ynhâld fan syn of har testamint geheim te hâlden, en dêrta hawwe notarissen datoangeande in geheimhâldingsplicht. As der ek oare adviseurs by de tastânkomming fan in testamint belutsen west hawwe, is de geheimhâlding faak net garandearre, om't net eltsenien sa'n wetlike of beropsmjittige geheimhâldingsplicht hat. Nei it ferstjerren fan 'e testateur hawwe de belanghawwenden (d.w.s. de djipdrôven) rjocht op ynsjoch yn it testamint, werby't net-erfgenamten inkeld dat diel lêze meie dat op harren betrekking hat. In testateur kin fierders bepale dat it testamint pas nei syn of har útfeart oan 'e belanghawwenden iepenbier makke wurde sil. Eltsenien dy't fynt dat hy of sy belanghawwende is, kin by in notaris of by it Sintraal Testaminteregister neifraach dwaan oer it bestean fan in testamint, mar de ynhâld kin inkeld troch in notaris ta beskikking steld wurde nei't dyselde formeel in stikmannich saken oangeande de belanghawwende kontroleearre hat.
Makking
bewurkje seksjeIn makking is in erfstelling of in legaat. Op beide kin in testamintêre lêst rêste.
Erfstelling
bewurkje seksjeDe erfstelling wurdt foarme troch de bepalings yn in testamint, wêrby't oan ien of meer natuerlike persoanen of rjochtspersoanen de neilittenskip of in diel dêrfan fermakke wurdt (kêst 4:115 Boargerlik Wetboek). Dêrby wurde de dielen of fraksjes fermelden (bgl. in sechsde part, trije sechsde part en twa sechsde part) dy't mei-inoar ien (de hiele neilittenskip) foarmje, of der wurdt fermeld "foar gelikense dielen", wat betsjut dat alle erfgenamten in like grut part krije.
Unterving
bewurkje seksjeAs oan immen net datjinge fermakke wurdt, dêr't hy of sy rjocht op hawwe soe neffens de algemiene wetlike regels, sa bedoeld dat dyjinge fan erving útsletten wurdt, sprekt men fan ûnterving. Eventuele bern fan 'e ûnterfde persoan kinne dan yn syn of har plak ervje troch plakferfolling, of it moat wêze dat sy ek ûnterve binne. Yn dat lêste gefal sprekt men fan ûnterving sûnder plakferfolling. Dus as B, C en D neffens de wetlike regels de erfgenamten binne fan A, soene se ûnder dy regels elts in trêde part fan 'e neilittenskip ervje. As D ûnterve wurdt, mar twa bern hat dy't E en F hjitte, krije B en C noch altyd in trêde part, wylst E en F beide in sechsde part krije: de helte fan it trêdepart fan D. As der lykwols sprake is fan ûnterving sûnder plakferfolling, krije D, E en F neat, wylst B en C elts de helte krije.
Legitime poarsje
bewurkje seksjeDe erflitter kin in bern fan him of har eksplisyt of ymplisyt ûntervje. As in bern dêr gjin genoegen mei nimt, kin it in berop dwaan op 'e ligitime poarsje. Dêrmei wurdt oanspraak makke op 'e helte fan it oandiel yn 'e neilittenskip as de algemiene wetlike regels gouwen hiene (kêst 4:63 en 4:64 lid 1 Boargerlik Wetboek).
Legaat
bewurkje seksjeIn legaat is in skinking of oare jefte dy't by it ferstjerren fan 'e erflitter troch de erfgenamten oan 'e legataris (ûntfanger) útkeard wurdt. Dêrby kin it om jild gean, mar ek om replik guod of ûnreplik goed. It legaat kin oan ien of mear natuerlike persoanen of rjochtspersoanen jûn wurde. As it om rjochtspersoanen giet, is der ornaris sprake fan in goed doel. De legataris kriget in foarderingsrjocht op 'e neilittenskip. In legaat hoecht lykwols troch de legataris net akseptearre te wurden en kin hielendal of foar in part ferwurpen wurde.
Testamintêre lêst
bewurkje seksjeBy testamint kin in testamintêre lêst oplein wurde. Dat is in ferplichting foar ien of mear erfgenamten, legatarissen of de eksekuteur (kêst 4:130 lid 1 Boargerlik Wetboek). Sa'n lêst kin yn it belang wêze fan 'e testateur sels, fan 'e erfgenamt of ien fan 'e erfgenamten, of fan in trêde partij. It ferskil tusken in lêst en in legaat is dat in legataris foarderingsrjocht hat en in lêstbefoardielde net (kêst 4:117 lid 1 Boargerlik Wetboek). As de ferplichting net neikommen wurdt, kin it erfdiel of legaat fan 'e fersaker op fersyk fan 'e belanghawwenden komme te ferfallen.
Testamintêr bewâld
bewurkje seksjeBy testamint kin in bewâld oer in erfdiel of legaat yn 'e neilittenskip ynsteld wurde foar it gefal dat in erfgenamt net by steat is om it fermogen op in ferantwurde manear te behearen. Dêrby giet it bgl. om minderjierrige erfgenamten en om mearderjierrige erfgenamten dy't jonger as 23 jier binne of dy't bgl. alkoholist of drugsferslaafd binne of in geastlike beheining hawwe. Testamintêr bewâld ferskilt fan kuratêle trochdat dêrby de persoan sels ûnder bewâld steld wurdt, wylst by testamintêr bewâld it fermogen ûnder bewâld steld wurdt. De bewâldfierder, oftewol de behearder fan it fermogen, kin by testamint beneamd wurde, mar ek troch de kantonrjochter oansteld wurde (kêst 4:157-181 Boargerlik Wetboek). Testamintêr bewâld is net itselde as âlderlik bewâld (d.w.s. fâdij), mar kin dêrmei wol gearfalle, bgl. as it erfdiel fan in minderjierrige erfgenamt beheart wurdt troch in âlder dy't sels gjin wetlike erfgenamt is.
Eksekuteur
bewurkje seksjeFoar de praktyske útfiering en ôfhanneling fan in neilittenskip kin by testamint in persoan oanwiisd wurde as eksekuteur (foarhinne: eksekuteur-testamintêr), dy't neffens de winsken fan 'e testateur wurket en ek syn foech fan 'e testateur ûntfangt binnen it dêrfoar wetlik bepaalde ramt. In eksekuteur makket de neilittenskip ree foar ferdieling oer de erfgenamten en draacht de hiele brot dan oan harren oer, wêrnei't de erfgenamten sels foar de eigentlike ferdieling soargje moatte. Foar de manear dêr't de eksekuteur op te wurk gean moat, hearre rjochtlinen meijûn te wurden. Der kinne ek ferskate eksekuteurs beneamd wurde mei dieltaken, lykas it beävensearjen fan 'e útfeart of de ferkeap fan in fakânsjehûs yn it bûtenlân. As it foech fan 'e eksekuteur yn in testamint net neier omskreaun wurdt, dan jilde dêrfoar de algemiene wetlike regels.
Ofwikkelingsbewâld
bewurkje seksjeGebrûk meitsjend fan in juridyske mooglikheid bûten it eigentlike erfrjocht om, kin by yngewikkelde neilittenskippen mei in protte erfgenamten by testamint in saneamd ôfwikkelingsbewâld ynsteld wurde foar in neier te bepalen perioade. Dêrtroch lit men in ûnôfhinklike, saakkundige persoan de neilittenskip ôfhannelje yn it belang fan alle belutsenen. De ôfwikkelingsbewâldfierder hat in mei de eksekuteur ferlykbere rol, mar kin folle fierder geand foech krije, bgl. om sûnder meiwurking fan 'e erfgenamten oer replik guod en ûnreplik goed út 'e neilittenskip te beskikken (d.w.s. it te ferkeapjen), of eigenhandich de neilittenskip te ferdielen. In ôfwikkelingsbewâldfierder heart dêrom in yngeande kennis te hawwen fan sawol erfrjocht as ûndernimmingsrjocht.
Skulden
bewurkje seksjeBehalven replik guod, ûnreplik goed en fermogen kin in neilittenskip ek skulden omfetsje. Immen dy't by testamint as erfgenamt oanwiisd is, hat net de ferplichting om in erfenis te oanfurdzjen, mar as hy of sy dat al docht, moat hy of sy ek de skulden derby nimme. It is net mooglik om it fermogen wol mar de skulden net te oanfurdzjen.
Rjochtskar
bewurkje seksjeYn frijwol elts troch in notaris opsteld testamint wurdt in rjochtskar opnommen. Dat hâldt de kar yn foar in beskaat nasjonaal rjochtssysteem, en wurdt dien om safolle mooglik swierrichheden mei bûtenlânsk rjocht foar te kommen. Yn 'e grutte mearderheid fan 'e yn Nederlân ôfsletten testaminten sil sadwaande foar Nederlânsk rjocht keazen wurde. Sa'n kar is lykwols fan beheinde ynfloed, mei't in rjochtskar úteinlik mar oan 'e grins ta rikt. Men kin bgl. wol in kar foar Nederlânsk rjocht yn jins testamint fêstlizze litte, mar as der dan in fakânsjehûs yn Frankryk by de neilittenskip sit, bepale de regels fan it ynternasjonaal rjocht dat dêrfoar it Frânske erfrjocht fan tapassing is om 'e simpele reden dat it yn Frankryk stiet.
Werropping of oanfolling
bewurkje seksjeDe libbenssitewaasje fan 'e testateur kin yn in pear jier safolle feroarje, dat in opmakke testamint ferâldere rekket. Erfgenamten kinne bgl. sels earder as de testateur komme te ferstjerren, of rûzje kin in erfstelling ûnwinsklik meitsje. In testamint is dêrom altyd hielendal of foar in diel te werroppen troch de testateur sels. Dêrfoar moat in nije ferzje fan it testamint opmakke wurde litte; sadree't dy fan krêft wurdt, komt de foargeande ferzje te ferfallen. It ferskuorren fan ôfskriften fan in testamint is yn dit ferbân totaal sinleas, mei't it eigentlike testamint oan 'e notaris yn bewar jûn is. Om 'e rjochtswissichheid te waarboargjen is in hanneling fan 'e notaris nedich om in ienris opmakke testamint te feroarjen. It is ek mooglik om op dy wize oanfoljende beskikkings of wizigings yn in besteand testamint oan te bringen.
Utfeart
bewurkje seksjeWinsken oangeande de útfeart fan 'e testateur kinne yn in testamint opnommen wurde en immen kin as eksekuteur oanwiisd wurde om dy winsken út te fieren. Sa'nent wurdt in begraffeniseksekuteur neamd as hy of sy inkeld foech krigen hat op it mêd fan 'e útfeart. In begraffeniseksekuteur kin by testamint it foech krigen hawwe om 'e hiele útfeart sels ôf te hanneljen, mar hy of sy kin ek ûnder de wetlik jildende regels oansteld wurde, en dat moat der oer de útfeart oerlein wurde mei de erfgenamten (kêst 4:147 lid 2 Boargerlik Wetboek). De begraffeniseksekuteur hat yn beide gefallen wetlik it foech om syn of har lean en de kosten foar de útfeart út 'e neilittenskip te beteljen.
It is lykwols om praktyske redens handiger om foar winsken oer de útfeart in libbenstestamint op te stellen of eigenhandich in draaiboek te skriuwen en de famyljeleden dêrfan op 'e hichte te stellen. In testamint wurdt ntl. meastal net fuortendaliks nei it ferstjerren iepene, en neffens de Wet op de Lykbesoarging moat in útfeart yn Nederlân binnen seis wurkdagen nei it ferstjerren plakfine. Mei oare wurden: it komt wol foar dat it testamint pas nei de útfeart iepene wurdt.
Sintraal Testaminteregister
bewurkje seksjeIt Sintraal Testaminteregister (CTR) is in Nederlânske sintrale database dêr't yn byholden wurdt wa't in testamint opstelle litten hat en wannear't en by hokker notaris dat bard is. Oan 'e hân fan dat register kin troch belanghawwenden neifraach dien wurde oft der in testamint bestiet (mar net wat dêr yn stiet) en notarissen kinne oan 'e datum sjen wat it lêste testamint is, mei't inkeld dat rjochtjildigens hat.
Rol fan 'e notaris
bewurkje seksjeDe rol fan 'e notaris is by it testamintsjen mearfâldich. Hy kin as saakkundige yn erfrjocht advizen jaan oer saken dy't yn in spesifike sitewaasje yn in testamint regele wurde kinne en hy kin de testateur foarljochtsje oer wat ûnder de omstannichheden ferstannich is om yn in testamint op te nimmen. Der binne ferskate juridyske en fiskale mooglikheden en ferskate manearen om in neilittenskip ôf te wikkeljen en te ferdielen. Ofhinklik fan 'e spesifike omstannichheden en winsken fan 'e testateur wurdt der keazen foar de bêst passende mooglikheden en soarget de notaris foar de juridysk gaadlikste formulearrings fan 'e tekst fan it testamint.
In notaris hat absolute geheimhâldingsplicht, sadat in testateur derop fertrouwe kin dat neat út syn of har petearen mei de notaris dield wurde sil mei oaren, ek net nei syn of har ferstjerren, en ek net yn in gerjochtlike proseduere. Op grûn fan 'e Notariswet, fan syn berops- en gedrachsregels en fan juerisprudinsje moat in notaris derop tasjen dat in erflitter syn of har testamint frij en ûnôfhinklik bepale kin. Dêrom mei, as it derop oankomt, nimmen oars as de testateur en de notaris by it petear oer it testamint oanwêzich wêze (sa't yn maaie 2019 by in rjochtsaak yn Amsterdam troch de rjochter bepaald waard).
As der reden is ta twifel oer de wilsbekwaamheid fan 'e erflitter (bgl. yn it gefal fan begjinnende demintens), moat de notaris in medyske saakkundige ynskeakelje om te bepalen oft it noch wetlik mooglik is en stel in testamint op. De notaris beklaait in iepenbiere funksje, en is de iennichste dy't foech hat om in testamint as akte te passearjen (goed te karren) en yn te skriuwen yn it Sintraal Testaminteregister. In notaris dy't mei de ôfhanneling fan in iepenfallen neilittenskip (sûnder erfgenamten) belêstge is, wurdt in buolnotaris neamd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.
|