The Best Little Whorehouse in Texas (film)
The Best Little Whorehouse in Texas (Ingelsk foar "It Bêste Bordeeltsje fan Teksas") is in Amerikaanske filmmusical en komeedzjefilm út 1982 ûnder rezjy fan Colin Higgins, dy't ek ien fan 'e filmprodusinten wie en yn 'e mande mei oaren it senario skreau. It ferhaal giet oer in (yllegaal) bordeel yn in lyts plakje yn 'e Amerikaanske steat Teksas. De pleatslike sheriff, dy't in relaasje hat mei de hoeremadam, sjocht it bestean fan it bordeel troch de fingers, mar as de korrupte gûverneur fan Teksas dêr lucht fan kriget, twingt er de sheriff om it bordeel te sluten, net om't dat de wet is, mar om't er der polityk syn foardiel mei dwaan kin. De haadrollen waarden spile troch Burt Reynolds as de sheriff, Dolly Parton as de hoeremadam, Dom DeLuise as in skynhillige tillefyzjepresintator en Charles Durning dy't skittere as de achterbakse gûverneur. De film is in adaptaasje fan 'e Broadway-musical út 1978 mei deselde namme. The Best Little Whorehouse in Texas ûntfong tuskenbeiden kritiken, mar hie grut súkses yn 'e bioskopen.
The Best Little Whorehouse in Texas | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Colin Higgins | |
produsint | Robert L. Boyett Colin Higgins | |
senario | Colin Higgins Larry L. King Peter Masterson | |
kamerarezjy | William A. Fraker | |
muzyk | Carol Hall Patrick Williams | |
filmstudio | Miller-Boyett Productions RKO Pictures | |
distribúsje | Universal Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Burt Reynolds Dolly Parton Charles Durning Dom DeLuise | |
byrollen | Theresa Merritt Jim Nabors Lois Nettleton Noah Beery jr. Robert Mandan | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 23 july 1982 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | musical / komeedzjefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 114 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $20,5 miljoen | |
opbringst | $69,7 miljoen |
Plot
bewurkje seksjeYn it (fiktive) plakje Gilbert, yn 'e Amerikaanske steat Teksas, hat sheriff Ed Earl Dodd in relaasje mei de eigneresse fan it pleatslike bordeel, Mona Stangley, better bekend as Miss Mona. Har bordeel, de Chicken Ranch, bestiet al sûnt minskewitten. Hoewol't it yllegaal is, lit Ed Earl it gewurde salang't Mona derfoar soarget dat der gjin problemen ûntsteane. Net eltsenien yn Gilbert is wiis mei dy regeling, mar Miss Mona is ien dy't mei ferdrach operearret, en se jout geregeldwei oansjenlike jeften oan pleatslike goeddiedichheid. Hja is fatsoenlik en hâldt har oan 'e wet yn alle opsichten behalven har wurk.
As in tillefyzjepersoanlikheid út 'e grutte stêd, Melvin P. Thorpe, in stikje oer Gilbert yn syn programma opnimme sil, reizget Ed Earl nei stêd ta, dêr't er himsels oan Thorpe foarsteld en tige waarm ûnthelle wurdt. Hy mei by de útstjoering fan it live-programma wêze, en is dan skokt as er sjocht en heart dat Thorpe foar in tillefyzjepublyk út 'e hiele steat ferkundiget dat er ûntdutsen hat dat "der in bordeel yn Teksas is!"
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
De Chicken Ranch is in wier ynstitút yn Teksas, dêr't it winnende team fan 'e Amerikaansk fuotbalwedstryd tusken de universiteiten Texas A & M en de Universiteit fan Teksas tradisjoneel hinne brocht wurdt om 'e oerwinning te fieren. Fanwegen de negative publisiteit dy't Thorpe syn reportaazje oproppen hat, ûnthjit Miss Mona oan Ed Earl dat se har saak tydlik tichtdwaan sil oant alle kommoasje oer it bestean fan in yllegaal bordeel oerwaaid is. Mona hâldt wurd en docht har saak ticht, mar fynt it sneu dat de Amerikaansk fuotbalspilers dat jiers gjin feest krije, dat dat lit se trochgean. Midden yn 'e nacht kringt Melvin P. Thorpe, beselskippe fan in kameraploech, it bordeel yn en filmt wat dêr geande is.
Ed Earl makket it spul noch minder troch Thorp op in plein oan te sprekken op syn hâlden en dragen, him te misledigjen en him in terwinkel te ferkeapjen, allegear foar de rinnende kamera en útstjoerd op 'e tillefyzje. Neitiid meitsje de sheriff en Miss Mona inoar bittere ferwiten, krije rûzje en beëinigje harren relaasje, wêrby't Ed Earl Mona foar "hoer" útmakket.
De gûverneur fan Teksas, dy't nea gjin beslissing oer lykfol hokker ûnderwerp nimme kin oant er sjoen hat wat de kiezers deroer sizze yn 'e opinypeilings, harket nei Ed Earl syn pleidoai om 'e Chicken Ranch iepen te hâlden, mar komt op dat beslút werom as de útkomsten fan 'e opinypeilings it bordeel ticht hawwe wolle. De Chicken Ranch wurdt dan foargoed sletten, en de prostituees ferlitte it gebou. Miss Mona is ûntreastber, oant se ûntdekt dat Ed Earl nettsjinsteande harren rûzje by de gûverneur yn 't pleit west hat foar it fuortbestean fan it bordeel.
As Miss Mona sels ek de Chicken Ranch farwol seit, hâldt Ed Earl har oan ear't se fuort kin, en freget har om mei him te trouwen. Mona wiist him ôf, om't se wit dat it syn dream is om yn 'e polityk te gean, en as er in frou hat dy't yn prostitúsje wurke hat, soe dat frijwol ûnmooglik wurde. Mar de sheriff hâldt oan dat er mei har trouwe wol en dat it him neat skele kin wat oare lju dêrfan tinke of sizze. De film einiget mei in voice-over fan helpsheriff Fred, dy't ferteld dat Ed Earl en Miss Mona yndie troud binne en dat Ed Earl himsels lykwols mei súkses kandidaat steld hat foar it Parlemint fan Teksas. Fred sels is Ed Earl opfolge as sheriff fan Gilbert.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
sheriff Ed Earl Dodd | Burt Reynolds |
Mona Stangley | Dolly Parton |
de gûverneur fan Teksas | Charles Durning |
Melvin P. Thorpe | Dom DeLuise |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Jewel | Theresa Merritt |
helpsheriff Fred | Jim Nabors |
Dulcie Mae | Lois Nettleton |
Edsel | Noah Beery jr. |
senator Charles Wingwood | Robert Mandan |
C.J. | Barry Corbin |
Rita Crowell | Mary Jo Catlett |
Miss Modene | Mary Louise Wilson |
himsels | Howard K. Smith |
Jeff Gerald | Donald F. Colson |
Dora | Helen Kleeb |
Henry | Mickey Jones |
Dulcie Mae har soan | Bobby Fite |
Wulla Jean | Paula Shaw |
sheriff Jack Roy | Kenneth White |
sheriff Chapman | Ted Gehring |
kommentator by Amerikaansk fuotbalwedstryd | Verne Lundquist |
Amerikaansk fuotbalmaskotte | Lee Grosscup |
siktaresse fan de gûverneur | Alice Drummond |
Taddy-Jo | Terri Treas |
Shy | Andrea Pike |
Angel | Valerie Leigh Bixler |
Produksje
bewurkje seksjeThe Best Little Whorehouse in Teksas waard regissearre troch Colin Higgins op basis fan in senario fan himsels, Larry L. King en Peter Masterson. Tegearre mei Robert L. Boyett wie Higgins ek as filmprodusint by de film belutsen, foar de Amerikaanske filmstudio's Miller-Boyett Productions en RKO Pictures. De distribúsje waard dien troch Universal Pictures. William A. Fraker wie ferantwurdlik foar de kamerarezjy, en de muzyk wie fan 'e hân fan Carol Hall en Patrick Williams.
Oarspronklik wie it de bedoeling dat senarioskriuwer Peter Masterson en Tommy Tune, de toanielregisseur fan 'e Broadway-musical dêr't de film op basearre is, tegearre The Best Little Whorehouse in Teksas regissearje soene. Larry L. King, mei wa't Masterson it oarspronklike skript skreau, rette Shirley Maclaine, Dyan Cannon, Cari Glynn of Jill Clayburgh oan foar de froulike haadrol, mar de filmstudio wie fan miening dat dy net in grutternôch bioskooppublyk lûke soene. Doe't de kar úteinlik op countrysjongster Dolly Parton foel, rette King sjonger Willie Nelson oan foar de rol fan sheriff Ed Earl Dodd. Fertsjintwurdigers fan 'e filmstudio giene mei Nelson om 'e tafel, mar casten úteinlik akteur Burt Reynolds foar de rol.
Fan it totale budget fan $20,5 miljoen gie $3,5 miljoen op oan it salaris fan Reynolds en $1,5 miljoen oan dat fan Parton. Boppedat betong Reynolds ferskate senariowizigings en woed er yn 'e film sels ek sjonge. De studiobazen waarden dêr senuweftich fan, en besleaten om Colin Higgins, dy't mear ûnderfining hie as Masterton en Tune, oan te stellen as regisseur. Wylst de film makke waard, giene der geroften dat Reynolds en Parton in relaasje krigen hiene, mar dat wie net wier. Krektoarsom, Parton soe har ûnderfinings op 'e set mei Reynolds letter omskriuwe as "in nachtmerje", wylst Reynolds har omskreau as "hiel beskieden... yn it iepenbier."
It senario fan 'e oarspronklike musical waard foar it meastepart oernommen, mei ien grutte útsûndering. Yn 'e musical hawwe Ed Earl en Miss Mona fyftjin jier earder ris ien inkele one-night-stand hân, mar yn 'e film hawwe se al jierren in oangeande relaasje. Dêrút kaam ek de sêne mei de rûzje tusken harren beiden fuort, en it úteinlike happy end fan 'e film. In soad fan 'e oarspronklike lieten út 'e musical fan Carol Hall makken diel út fan 'e film, mei útsûndering fan Good Old Girl, The Bus from Amarillo, 24 Hours of Lovin’, No Lies en Doatsie Mae. Yn it plak dêrfan waarden twa komposysjes fan Parton tafoege: Sneakin’ Around, songen troch Parton en Reynolds, en in twa fersen tellende útfiering fan I Will Always Love You, songen troch Parton. Twa oare lieten, A Gamble Either Way en Where Stallions Run, waarden ek troch Parton foar de film skreaun, mar by de montaazje fuortknipt. Where Stallions Run waard wer tafoege foar de tillefyzjeferzje dy't troch ABC útstjoerd waard, nei't de film troch sinsuer te koart wurden wie foar de beskikbere stjoertiid.
De marketing fan The Best Little Whorehouse in Teksas smiet foar distributeur Universal Pictures nochal wat hollebrekken op, mei't yn 1982 it wurd whorehouse (letterlik: "hoerehûs") yn beskate dielen fan 'e Feriene Steaten as obseen beskôge waard. Sadwaande waarden advertinsjes op guon plakken troch de pleatslike oerheid ferbean of wie de studio twongen om 'e namme oan te passen ta The Best Little Cathouse in Teksas, wylst Dolly Parton yn guon ynterviews spriek oer The Best Little Chicken House in Teksas.
Untfangst
bewurkje seksjeDe film krige tuskenbeiden kritiken. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Best Little Whorehouse in Teksas in goedkarringspersintaazje fan 56%, basearre op njoggen ûnderskate resinsjes. De foaroansteande filmkritikus Roger Ebert, fan 'e krante de Chicago Sun-Times, joech de film twa fan fjouwer stjerren. Hy tekene oan: "As se Dolly ea de frije leie jouwe, en ophâlde om har op sa'n antyseptyske manier te ferpakken, soe se geweldich wêze kinne."
Resultaat
bewurkje seksjeThe Best Little Whorehouse in Teksas gie op 23 july 1982 yn 1.400 bioskopen yn 'e Feriene Steaten yn premiêre, en brocht yn it iepeningswykein $11.874.268 yn 't laadsje. Dat wie in nij rekôr, wêrmei't de foargeande rekôrhâlder, E.T. fan Steven Spielberg, dy't seis wiken earder útkommen wie, ûnttroane waard. Doe't de bioskoopfertoanings fan The Best Little Whorehouse in Teksas op 21 oktober einigen, hie de film $69.701.637 oan omset makke, wat delkaam op in winst fan $49,2 miljoen.
Charles Durning waard foar syn rol fan 'e achterbakse gûverneur nominearre foar in Oscar yn 'e kategory bêste manlike byrol. The Best Little Whorehouse in Teksas waard sels nominearre foar de Golden Globe foar bêste spylfilm (komeedzje of musical), en Dolly Parton krige in nominaasje foar de Golden Globe yn 'e kategory bêste aktrise yn in spylfilm (komeedzje of musical). The Best Little Whorehouse in Teksas wie de op trije nei meast opbringende live-action-filmmusical út 'e 1980-er jierren. Yn febrewaris 2010 makke Universal bekend dat men dwaande wie mei in remake fan 'e film, mar fan dat projekt is sûnt net folle op 'e hispel kommen.
Trivia
bewurkje seksje- It hûs dat yn 'e The Best Little Whorehouse in Teksas brûkt waard, bestiet noch altyd, en kin besjoen wurde op in rûnlieding troch de Universal Studios yn Hollywood.
- Noch yn 1982 ferskynde in pornografyske parody op The Best Little Whorehouse in Teksas, mei Annette Haven yn 'e rol fan 'e hoeremadam en Mike Horner yn 'e rol fan 'e sheriff. Kay Parker, dy't yn 'e pornofilm ien fan 'e prostituees yn it bordeel spile, hie yn The Best Little Whorehouse in Teksas in figuranteroltsje.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |