The Prince & Me (filmsearje)
The Prince & Me is in Amerikaanske filmsearje fan fjouwer romantyske komeedzjes foar jongerein. De rige sette yn 2004 útein nei in idee fan filmprodusint Mark Amin, en einige yn 2010. The Prince & Me is eigendom fan 'e filmstudio Sobini Films.
The Prince & Me | ||
betinker | Mark Amin | |
eigner | Sobini Films | |
lân | Feriene Steaten | |
begjinjier | 2004 | |
einjier | 2010 | |
films | ||
langspylfilms | ● The Prince & Me ● The Royal Wedding ● A Royal Honeymoon ● The Elephant Adventure | |
offisjele webside | ||
www.princeandme.com |
The Prince & Me
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side The Prince & Me (film).
Yn The Prince & Me sjocht de Deenske kroanprins Edvard (Luke Mably), dy't in ûnferantwurdlike playboy is, in fideo oer Wisconsin, dêr't de famkes nei't it skynt wyld en foar alles yn binne. Hy beslút dat dat it plak foar him is en skriuwt him tsjin 'e wil fan syn âldelju ûnder in skûlnamme yn oan in universiteit yn Madison. Dêr treft er net folle wylde famkes, mar wol de serieuze boeredochter Paige Morgan (Julia Stiles), dy't dokter wurde wol om yn ûntwikkelingslannen siken te genêzen. Hy rekket fereale op har en wurdt einlings en te'n lêsten motivearre om folwoeksen te wurden om har foar him te winnen. Dat slagget, mar as syn wiere identiteit lang om let útlekt, soarget dat foar nije swierrichheden. Underwilens wurdt Edvard troch syn mem, keninginne Rosalind (Miranda Richardson) weromroppen nei Denemark, om't syn heit, kening Haråld (Edward Fox), terminaal siik is.
The Prince & Me waard regissearre troch Martha Coolidge nei in senario fan Jack Amiel, Michael Begler en Katherine Fugate. De film gie op 2 april 2004 yn premiêre, en brocht $37,6 miljoen op tsjin in budget fan $22 miljoen.
The Prince & Me 2: The Royal Wedding
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side The Prince & Me 2: The Royal Wedding.
Yn The Prince & Me 2: The Royal Wedding makket Paige (Kam Heskin) har stúdzje medisinen ôf yn Kopenhagen om tichter by Edvard (Luke Mably) te wêzen. Nei in ferloving fan twa jier sille se einlings trouwe, mar in âlde wet, dy't stelt dat de Deenske kening inkeld mei in frou fan keninklik bloed in houlik oangean mei, driget de boel te bedjerren. De Noarske prinsesse Kirsten (Clemence Burton-Hill), dy't Edvard al sûnt harren bernetiid ken, komt yn it paleis te útfanhûzjen mei as geheime doel om Edvard fan Paige los te weakjen sadat se sels mei him trouwe kin. Uteinlik slagget it Paige om in mesk yn 'e wet te finen dy't har houlik mei Edvard dochs mooglik makket.
The Prince & Me 2: The Royal Wedding waard regissearre troch Catherine Cyran nei in senario fan Allison Robinson. De film waard op 21 febrewaris 2006 direkt-op-fideo útbrocht.
The Prince & Me: A Royal Honeymoon
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side The Prince & Me: A Royal Honeymoon.
Yn The Prince & Me: A Royal Honeymoon geane kening Edvard fan Denemark (Chris Geere) en syn frou, keninginne Paige (Kam Heskin), nei harren brulloft op houliksreis nei in wintersportoard yn (it fiktive lân) Belaavje. Dêr ûntdekke se dat premier Polonius (Todd Jensen) fan doel is om 'e Belavyske wâlden, dy't fan grut ekologysk belang binne, om te kapjen sadat der nei ierdoalje boarre wurde kin. Paige wol op slach har houliksreis ûnderbrekke om har dêrtsjin oan te kantsjen en freget dêrby de help fan har eardere feint Scott Olberson (Adam Croasdell), dy't it keninklik pear yn Belaavje tafallich met hat. De ferskining fan Scott op it toaniel makket Edvard slim jaloersk. Nei gâns yntriizjes witte Edvard en Paige harren tsjinstanners te oerwinnen en de romte, dy't tusken harren ûnderling ûntstien is, te tichtsjen.
The Prince & Me: A Royal Honeymoon waard regissearre troch Catherine Cyran nei in senario fan Blayne Weaver. De film waard op 28 oktober 2008 direkt-op-fideo útbrocht.
The Prince & Me: The Elephant Adventure
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side The Prince & Me: The Elephant Adventure.
Yn The Prince & Me: The Elephant Adventure wurde de Deenske kening Edvard (Chris Geere) en syn frou, keninginne Paige (Kam Heskin), útnûge foar de brulloft fan 'e dochter fan kening Saryu (Vithaya Pansringarm) fan it (fiktive) Súdaziatyske lân Sarjûn. Dêre oankommen ûntdekt Paige lykwols dat prinsesse Myra (Ase Wang) dea-ûngelokkich is mei har arranzjearre houlik mei de sinistere Kah (Prinya Intachai), en dat se temûk fereale is op 'e ienfâldige kornak Alu (Amarin Cholvibul). De geheime românse fan 'e prinsesse komt út, en Alu wurdt yn it tichthûs smiten, wylst de hillige houliksoaljefant ûntsnapt en ferdwynt yn it tropysk reinwâld. Om Myra te helpen moatte Edvard en Paige de oaljefant opspoare en kening Saryu derfan sjen te oertsjûgjen dat leafde boppe alles giet.
The Prince & Me: The Elephant Adventure waard regissearre troch Catherine Cyran nei in senario fan Blayne Weaver. De film waard op 15 febrewaris 2010 direkt-op-fideo útbrocht.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder References op dizze; dizze; dizze; en dizze side. |
The Prince & Me (filmsearje) | |
---|---|
The Prince & Me (2004) • The Prince & Me 2: The Royal Wedding II (2006) • The Prince & Me: A Royal Honeymoon (2008) • The Prince & Me: The Elephant Adventure (2010) |