Utfanhûzjen

(Trochferwiisd fan Útfanhûzjen)

Utfanhûzjen,[1][2] soms ek stavere as útfanhúzjen, is it oernachtsjen as gast yn in hûs dêr't men net wennet en sûnder dat men dêrfoar betellet. As men earne oernachtet troch dêrfoar te beteljen, lykas yn in hotel, motel of jeugdherberch, sprekt men ornaris net fan útfanhûzjen. Yn 'e regel docht men soks allinnich mar by famylje of freonen.

As men útfanhûzet, seit men dat op dat plak útfanhûs is. Immen dy't útfanhûs is, wurdt in útfanhûzer neamd. Om útfanhûzers te ûntfangen hawwe in protte húshâldings in saneamde útfanhûzerskeamer, dy't ynrjochte is mei in bêd dêr't útfanhûzers op sliepe kinne, it útfanhûzersbêd. Wa't net yn it besit fan sa'n keamer is, kin altyd noch in sliepplak ymprovisearje, by need op 'e bank. It komt ek wol foar dat de gasthear en/of gastfrou de útfanhûzer(s) it eigen bêd oanbiede om sels op in minder gaadlik plak te sliepen. De hiele drokte fan it ûntfangen en akkomodearjen fan útfanhûzers wurdt wol de útfanhûzerij neamd.

Folwoeksenen útfanhûzje eins inkeld as se earne fier fan hûs binne. As it praktysk is om foar de nacht noch werom te gean nei it eigen hûs, belêstget men famylje of freonen oer it algemien net mei útfanhûzerij. By bern komt it wol faak foar dat se deunby it eigen hûs te útfanhûzjen geane, bgl. by pake en beppe of in omke en/of muoike, sadat de âldelju in jûn útgean kinne of om't de âldeju sosjale ferplichtings hawwe, lykas in brulloft. Utfanhûzjen kin foar bern ek gewoan in foarm fan fakânsje wêze. It komt ek foar dat bern útfanhûzje by in freontsje of freondintsje yn it eigen wenplak. Dêrby giet it dan faak om in sliepfeestje, wêrby't ferskate bern tagelyk by in freontsje of freondintsje oernachtsje, bgl. ta gelegenheid fan it fieren fan 'e jierdei fan dat freontsje of freondintsje.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Zantema, J.W., Frysk Wurdboek: Frysk-Nederlânsk, Drachten/Ljouwert, 1984 (Utjouwerij A.J. Osinga/Fryske Akademy), ISBN 9 06 06 64 40X, s. 1132.
  2. Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik, Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy), ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 2213.