De Fagina Monologen

(Trochferwiisd fan The Vagina Monologues)

De Fagina Monologen, yn it oarspronklike Ingelsk: The Vagina Monologues, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster Eve Ensler (1953). It is in episoadysk stik fan feministyske synjatuer dat giet oer it frou-wêzen, hoe't froulju seks belibje, hoe't froulju mei harren fagina omgean en sa mear. The Vagina Monologues waard foar it earst opfierd yn it Westside Theatre yn New York, yn 1996. It is ûnderwilens yn 140 lannen op 'e planken brocht en oerset yn likernôch 50 talen. De Fryske fertaling fan Agatha Hijlkema-Jorna datearret fan 2006.

De Fagina Monologen
algemiene gegevens
oarspr. titel The Vagina Monologues
auteur Eve Ensler
taal Ingelsk
foarm toanielstik
sjenre episoadyske monolooch
skreaun 1996
1e opfiering 1996, New York
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Fagina Monologen
publikaasje 2006, Grins/Ljouwert
útjouwer Uitgeverij kleine Uil
Toanielgroep Sater
oersetter Agatha Hijlkema-Jorna
ISBN oers. 9 07 74 87 379

Eve Ensler skreau The Vagina Monologues yn 1996 op grûn fan twahûndert fraachpetearen dy't se dien hie mei froulju fan útinoar rinnende âldens (wêrûnder in famke fan seis) omtrint harren mienings oer seks, relaasjes en frouljusmishanneling. Dy fraachpetearen begûnen as ynformele praatsjes mei har freondinnen, dy't dêrby anekdoates trochdiene dy't se wer fan harren eigen freondinnen heard hiene. Dat brocht Ensler op it idee om in episoadysk toanielstik oer sokke ûnderwerpen te dwaan. Yn in fraachpetear mei women.com hat hja oanjûn dat har fassinaasje mei de fagina fuortkomt út it feit dat hja opgroeid is yn in gewelddiedige maatskippij. Se hat ek sein: "Dat froulju geweld oandien wurdt en ferkrêfte wurde en brûkt foar ynsest, is foar my in obsesje. Al dy dingen hawwe in gâns sterke bân mei ús fagina's." (Ensler is sels fan har fyfde oant har tsiende seksueel misbrûkt en lichaamlik mishannele wurden troch har heit.) Mei The Vagina Monologues woe se earst de fagina, oftewol it frou-wêzen, fiere, mar troch it stik rekke hja almar mear behelle yn 'e striid tsjin frouljusmishanneling, sadat it foar har úteinlik late ta de oprjochting, yn 1998, fan har organisaasje V-Day, dêr't se har oer de hiele wrâld mei ynset foar frouljusrjochten.

De Fagina Monologen besteane út in alvetal monologen (mei mearstimmige yntermezzo's), dy't oplêzen wurde troch in fariëarjend oantal froulju. Yn 't earstoan droech Eve Ensler eltse monolooch sels foar, mar al rillegau waard it dien troch trije ûnderskate froulju en de lêste jierren is it wenst om foar eltse monolooch in oare aktrise oan te lûken. (Under de aktrises dy't deryn meispile hawwe, binne grutte nammen, lykas Jane Fonda, Whoopi Goldberg, Glenn Close, Susan Sarandon, Cyndi Lauper en Oprah Winfrey.)

Elts fan 'e monologen behannelet in aspekt fan 'e ûnderfining fan it frou-wêzen; kwestjes dy't oan 'e oarder komme, binne û.m. seks, leafde, ferkrêfting, ynsest, menstruaasje, froulike genitale skeining, masturbaasje, it orgasme, it bernjen, de ûnderskate nammen en skelwurden dy't der binne foar de fagina, en de fagina as ûnderdiel fan it lichem. Wat almar wer weromkomt is de fagina as wurktúch wêrmei't froulju macht nei harrensels ta lûke kinne, en de fagina as belicheming fan 'e froulike yndividualiteit.

Fryske oersetting

bewurkje seksje

De Fryske oersetting fan The Vagina Monologues ferskynde yn 2006 (yn in boekje fan 62 siden) ûnder de titel De Fagina Monologen, by Uitgeverij kleine Uil te Grins, yn gearwurking mei Toanielgroep Sater út Ljouwert, en mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, de gemeente Ljouwert, it VSB-Fonds en it Je Maintiendrai-Fonds. De Fryske fertaling wie fan 'e hân fan Agatha Hijlkema-Jorna, dy't útgie fan 'e Nederlânske oersetting fan Barbara van Kooten ynstee fan har te basearjen op it Ingelsktalige orizjineel.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ensler, Eve, De Fagina Monologen, Grins, 2006 (Uitgeverij kleine Uil/Toanielgroep Sater, Ljouwert), ISBN 9 07 74 87 379.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.