Tomas fan Kempen

(Trochferwiisd fan Thomas à Kempis)

Tomas fan Kempen (of: Thomas à Kempis), minder bekend ûnder syn eigentlike efternamme Tomas Hemerken (Kempen (Dútslân), ±1380Swol, 25 july 1471), wie in Nederlânsk augustynsk kanunnik, preester, kopiïst, skriuwer en mystikus út 'e Midsiuwen. Hy wie de auteur fan De Imitatione Christi, wat ien fan 'e meast ferneamde kristlike boeken is oer spiritualiteit. Tomas fan Kempen wie lid fan de spirituële beweging fan 'e Moderne Devoasje, en in folgeling fan Geert Groote en Floris Radewijnsz., de stifters fan 'e Bruorren fan it Miene Libben.

Tomas fan Kempen
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym Thomas à Kempis
echte namme Tomas Hemerken
nasjonaliteit Keulsk
Utertsk
berne ±1380
berteplak Kempen (Keulen)
stoarn 25 july 1471
stjerplak Swol (Utert)
etnisiteit Nederlânsk
wurk
taal Latyn
sjenre hilligelibbens, non-fiksje
(religiosa)
perioade Midsiuwen
streaming Moderne Devoasje
bekendste
  wurk(en)
Vita Lidewigis
Vita Gerardi Magni
De Imitatione Christi
jierren aktyf 13991471
offisjele webside
n.f.t.

Tomas waard berne yn in ienfâldige húshâlding yn Kempen, deunby Krefeld, yn it Kleverlân, in krite dy't tsjintwurdich by Dútslân heart, mar oant de achttjinde iuw ta de Nederlannen rekkene waard. Syn eigentlike efternamme wie Hemerken, wat Kleverlânsk is foar "hammerke" en dat letter ek wol werjûn is yn Dútsk oersetting as Haemerken, Hämerken of Hammerlein. Syn heit Jan wie in hoefsmid, en syn mem Gertrude in skoaljuffer.

 
Monumint foar Tomas fan Kempen by de yngong fan it tsjerkhôf Berchkleaster yn Swol.

Yn 1392 folge er syn broer Jan nei Dimter ta, yn it Oerstift fan it bisdom Utert, om dêr nei in heech oanskreaune Latynske skoalle te gean dy't troch mûntsen laat waard. Dêre kaam er yn 'e kunde mei de Bruorren fan it Miene Libben, dy't folgelingen wiene fan 'e spirituële Moderne Devoasje-beweging fan Geert Groote. Tomas bleau oant 1399 op 'e skoalle yn Dimter.

Nei't er de skoalle ferlitten hie, ferfear Tomas nei Swol om dêr syn broer Jan wer op te sykjen, dy't dêr ûnderwilens prior fan it kleaster de Sint-Agnitenberch wurden wie. Dat wie in mienskip fan 'e Reguliere Kanunniken fan 'e Gemeente fan Windesheim, dy't stifte wie troch de folgelingen fan Groote, dat se libje koene op in mear monastyske wize. Tomas sels trede dêr yn 1406 yn as kanunnik, al waard er pas ta preester wijd 1413. Hy ûntjoech him yn 'e Sint-Agnitenberch ta in warber kopiïst en skriuwer, en 1429 waard er ta ûnderprior beneamd.

It kleaster rekke in hoartsje yn ûnstjoer doe't de paus in nije biskop-elekt fan Utert, Rudolf fan Diepholt, ôfwiisde, mar fierders wie Tomas syn libben dêr freedsum en stil, wylst er syn tiid trochbrocht mei devoasje-oefenings, skriuwen en kopiëarjen. Sa skreau er de folsleine Bibel mar leafst fjouwer kear oer; ien fan dy kopyen, besteande út fiif dielen, wurdt noch altiten bewarre yn it Dútske Darmstadt. Tomas stoar yn 1471 te Swol.

It biente fan Tomas fan Kempen lei oant 2005 yn in skryn yn 'e Sint-Michaelstsjerke te Swol. Om't dy tsjerke lykwols yn novimber fan dat jier sletten waard, binne se mei pinkster 2006 foargoed oerbrocht nei de basilyk fan Us Leaffrou te'n Himelopnimming yn it sintrum fan 'e stêd.

Tomas fan Kempen hearde ta de mystisy dy't yn dy tiid rûnom foarkamen yn it streamgebiet fan 'e Ryn, fan Switserlân ôf oan 'e Nederlannen ta. Hy wie tige ûnderlein yn 'e Bibel, en syn wurken tille dan ek op fan 'e bibelsitaten, fral út it Nije Testamint. Hy skreau foar it meastepart yn it Latyn en syn wurk wurdt yn 'e regel karakterisearre troch de sterke spiritualiteit dy't derút sprekt. It oeuvre fan Tomas fan Kempen omfiemet hilligelibbens, meditaasjes, brieven en preken.

 
De skryn mei it biente fan Tomas fan Kempen.

Wat de hilligelibbens oangiet, moatte de Vita Lidewigis (oer it libben fan 'e hillige Lidwina fan Skiedam), de Vita Gerardi Magni (oer Geert Groote) en biografyen fan Floris Radewijnsz. en njoggen oare Bruorren fan it Miene Libben neamd wurde. Ek syn rige preken foar de mienskip fan 'e Sint-Agnitenberch wurde as tige wichtich beskôge. Mar syn meast ferneamde wurk is De Imitatione Christi, dat yn 1929 troch Adzer H. de Vries yn it Frysk oerset is as It Neifolgjen fen Christus. Dat is in bondel fan fjouwer traktaten, wêrfan't it âldste manuskript út 1424 datearret. It waard yn 1471-1472 te Augsburch printe en foel der goed yn; it wie nei de Bibel it meast fersprate boek fan 'e Lette Midsiuwen. Fan in ferlykber soarte en trochstrings yn deselde geast binne Tomas fan Kempen syn wiidweidige meditaasjes oer it libben en de seinings fan Jezus Kristus, en oer de Weropstanning.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.