Thomas Dinesen
Thomas Fasti Dinesen (bûtenpleats Rungstedlund, 9 augustus 1892 - Velje, 10 maart 1979) wie in Deensk ofsier en skriuwer. Dinesen wie in soan fan Wilhelm Dinesen en drager fan it Fiktoariakrús (Victoria Cross, VC), de heechste oarlochsûnderskieding fan de striidmacht fan it Feriene Keninkryk. Hy wie in broer fan Karen Blixen.
Militêr
bewurkje seksjeThomas Dinesen die as frijwilliger mei yn de Earste Wrâldoarloch. As soldaat waard er lang om let, de Britten, Amerikanen en Frânsen woene him net oannimme, yndield by in Kanadeesk rezjimint (Quebec Regiment – Royal Highlanders of Canada). Hy fjochte oan it westfront yn Frankryk en waard ûnderskieden mei it Britske Fiktoariakrús fanwegen grutte dapperheid yn de foarste linys [1] op 12 augustus 1918 by Parvillers. Teffens waard er dekorearre mei de foarname Frânske oarder Croix de Guerre ('oarlochskrús'). Dinesen waard dêrnei yn ien kear befoardere fan soldaat ta luitenant.
Nei de oarloch
bewurkje seksjeYn 1918 ferfear Thomas Dinesen nei Britsk East-Afrika om syn suster te helpen mei har kofjeplantaazje yn de Ngonghichten súdwestlik fan Nairobi. Hy wie syn suster har grutste fertrouling.[2] Hy ûntwurp en boude (foar it grutste part) it kofjeroasterfabryk fan de plantaazje, dy't letter oars ôfbaarnde. Ier yn 1923 joech Thomas it koloniale libben oer en gie er werom nei Denemark.
Yn syn lettere jierren begûn er te skriuwen. It bekendst is Tanne, oer syn ferneamde suster. Yn 1929 publisearre er No man's land: En dansker med canadierne ved vestfronten. It boek giet oer syn drege besykjen om it westfront te berikken en ek beskriuwt er de barrens dy't him it VC opsmiet.
Dinesen waard beïerdige yn Hørsholm, Denemark. Syn VC en oare ûnderskiedingen wurde bewarre yn de Lord Ashcroft VC-samling yn it Imperial War Museum.
Wurk
bewurkje seksjeDeiboeken, essays en novellen
bewurkje seksje- No Man's Land – En dansker med canadierne ved vestfronten, 1929.
- Syrenbusken, Jespersen og Pios Forlag, Kopenhagen 1951.
- Øksen – En Lægmands Livssyn, Jespersen og Pios Forlag, Kopenhagen 1959.
- Dagbog fra Safari i Masai-Reserve 28. Februar – 15. April 1922. Udgivet med efterskrift af Ole Wivel, Udgivet af Gyldendal samt Jagt- og Skovbrugsmuseet, Kopenhagen 1982, ISBN 87-00-06281-2.
Monografy en biografy
bewurkje seksje- Boganis – Min fader, hans slægt, hans liv og hans tid, Forlaget Gyldendal, Kopenhagen 1972, ISBN 87-00-57451-1.
- Tanne – Min søster Karen Blixen, Forlaget Gyldendal, Kopenhagen 1974, ISBN 87-00-27983-8.
- Anne Margrethe – Dage og nætter i oldemors liv, Forlaget Gyldendal, Viborg 1976, ISBN 87-01-31922-1.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- Veteran Affairs Canada
- Canadian forces biography
- Canadian Great War Project
- The Danish Victoria Cross holders
- Legion Magazine
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |