Til Ungdommen
Til Ungdommen ('Oan de jonkheid'), ek bekind as Kringsatt av fiender ('Omkringe troch fijannen'), is in gedicht fan de Noarske dichter en sjoernalist Nordahl Grieg (1 novimber 1902 - 2 desimber 1943). De Deenske komponist Otto Mortensen (1907-1986) foarseach yn 1952 it gedicht fan in meldij. Withoe folle muzikanten en muzykgroepen hawwe dit liet opnommen yn harren repertoire. Nei de oanslach yn Noarwegen op 22 july 2011 waard it liet útfierd by ferskate betinkingsgearkomsten.
Skiednis
bewurkje seksjeYn 1936 skreau Grieg de tekst op fersyk fan de Noarske politikus Trond Hegna (1898 – 1992) by gelegenheid fan in feest fan de Noarske studinteferiening Det Norske Studentersamfund. De tekst is basearre op it útbrekken fan de Spaanske Boargeroarloch yn july 1936. It gedicht ropt op ta in freedsumme reaksje op it geweld dat Jeropa te wachtsjen stie, mar fûn yn dy tiid net folle oanklank. It gedicht rekke net yn it ferjit en bleau populêr, foaral yn it humanistyske fermidden.
De sjongster Herborg Kråkevik berikte mei dit liet, mei in opname út 2000 yn de 31e wike fan 2011 it earste plak yn de Noarske hitlist. Sissel Kyrkjebø song it liet as ôfslutend artyst fan de Noarske Nasjonale Betinkingsseremoanje op 21 augustus 2011 yn it Oslo Spektrum Arena, dat holden waard om de deaden te betinken dy’t ombrocht binne by in terroristyske oanfal. De betinking waard útstjoerd troch alle tillefyzjestjoerders fan Noarwegen.
Til ungdommen | Foar de Jonkheid |
---|---|
Kringsatt av fiender, | Omkring´ troch fijannen, |
gå inn i din tid! | gean mei yn dyn tiid! |
Under en blodig storm - | Ûnder in bloed’ge stoarm - |
vi deg til strid! | ree foar de striid! |
Kanskje du spør i angst, | Kinst freegje yn eangst, |
udekket, åpen: | ûntbleate, iepen: |
hva skal jeg kjempe med, | wêr sil ik mei fjochtsje, |
hva er mitt våpen? | wêr is myn wapen? |
Her er ditt vern mot vold, | Hjir kinst dy hoedzj’ tsjin kwea, |
her er ditt sverd: | hjir is ienriedigens: |
troen på livet vårt, | ljeau yn ús libben, |
menneskets verd. | minsklike weardigens. |
For all vår fremtids skyld, | Foar al ús takomst’ge saak, |
søk det og dyrk det, | sykj’ it en hoedzj’ it, |
dø om du må - men: | stjêre as’t moat – mar: |
øk det og styrk det! | fermeardrj´ it en fersterkj´ it! |
Stilt går granatenes | Stil gean granaten |
glidende bånd | oan’d rinnende bân. |
Stans deres drift mot død | Kear harren drift ta dea |
stans dem med ånd! | kear harren mei ferstân! |
Krig er forakt for liv. | Kriich ferachtet libben. |
Fred er å skape. | Freed is te ferkiezen. |
Kast dine krefter inn: | Garje dyn krêften: |
døden skal tape! | de dea sil’ ferlieze! |
Elsk og berik med drøm | Flij en berik mei dream |
alt stort som var! | alles dat wurdt grut! |
Gå mot det ukjente | Gean nei it ûnbekinde |
fravrist det svar. | ûntfytmanj’ it antwurd. |
Ubygde kraftverker, | Ûnboude kirnsentrales, |
ukjente stjerner. | ûnbekinde stjêren. |
Skap dem, med skånet livs | Skep harren mei sparre libben |
dristige hjerner! | dryste harsens! |
Edelt er mennesket, | Edel is de minskheit, |
jorden er rik! | d’ierde is ryk! |
Finnes her nød og sult | Der is lek en brek |
skyldes det svik. | skuld is skandlik. |
Knus det! I livets navn | Knies dat! yn libbens namme |
skal urett falle. | ûnrjocht sil weifalle. |
Solskinn og brød og ånd | Sinneskyn, brea en geast |
eies av alle. | is fan ús allen. |
Da synker våpnene | Dan sinke de wapens |
maktesløs ned! | machteleas del! |
Skaper vi menneskeverd | Skeppe wy minskweardigens |
skaper vi fred. | skeppe wy freed. |
Den som med høyre arm | Dy’t mei harren rjochter earm |
bærer en byrde, | tôgje in toai, |
dyr og umistelig, | djoer en ûnoerdraagber, |
kan ikke myrde. | kin nea net moardzje. |
Dette er løftet vårt | Dat is ús belofte |
fra bror til bror: | fan broer oan broer: |
vi vil bli gode mot | wy sille goed soargje |
menskenes jord. | foar de minskewrâld. |
Vi vil ta vare på | Wy sille soargje foar |
skjønnheten, varmen | skjinnens en waarmte |
som om vi bar et barn | as wy bêrn fersoargje |
varsomt på armen! | jouwe ús earms skutte! |