Tineke Schokker
C. (Tineke) Schokker-Strampel (Eastermar, 27 july 1952) is in Frysk CDA-politikus en bestjoerster.
Tineke Schokker-Strampel | ||
politikus | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 27 july 1952 | |
berteplak | Eastermar | |
etnisiteit | Frysk | |
partij | CDA | |
Lid Provinsjale Steaten fan Fryslân | ||
amtsperioade | 1999 - 2007 | |
Lid Deputearre Steaten fan Fryslân | ||
amtsperioade | 2007 - 2015 | |
Boargemaster fan Flylân | ||
amtsperioade | 2015 - 2021 | |
foargonger | Ella Schadd-de Boer | |
opfolger | Michiel Schrier |
Libben en wurk
bewurkje seksjeSchokker sette mei har karriêre útein as ûnderrjochtster. Letter wurke se foar it blêd Frysk en Frij en wie se foaroanfrou by it Frysk Hynstesintrum yn Drachten. Hja hat ek opliedingsfoaroanfrou west by Kristlike Hegeskoalle Nederlân (CHN) in Ljouwert. Yn 1999 waard se lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân en fan 2007 oant 2015 wie se dêr deputearre.
Yn 2015 folge se Ella Schadd op as waarnimmend boargemaster fan Flylân.[1] Yn 2017 fergeat se by de Twadde Keamerferkiezings har stimmachtiging en helle dêrtroch De Telegraaf.[2] Datselde jier waard se foardroegen foar in fêste beneaming foar in tiidrek fan seis jier as boargemaster fan it Waadeilân. Op 12 oktober dat jiers waard se beëdige.[3] Op 7 septimber 2020 makke Schokker bekend oan de gemeenteried fan Flylân dat se frege hie har út har amt te ûntheffen, omreden oanwennigens fan it fêste lân.[4][5] Op 10 maaie 2021 waard Michiel Schrier boargemaster fan Flylân.[6] Foar de Earste Keamerferkiezings fan maaie 2023 stie Schokker op 'e sande plak op 'e gadingmakkerslist fan it CDA, itjinge net genôch wie om keazen te wurden.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|