Michiel Schrier (Vlaardingen, 17 maaie 1972) is in Frysk SP-politikus út Drachtster Kompenije.

Michiel Schrier
politikus
Michiel Schrier (2023)
Michiel Schrier (2023)
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 17 maaie 1972
berteplak Flaardingen
partij SP
gemeeteriedslid fan Smellingerlân
amtsperioade 2007 - 2012
2014 - 2015
2019 - 2021
deputearre fan Fryslân
amtsperioade 2015 - 2019
steatelid fan Fryslân
amtsperioade 2019 - 2021
fraksjefoarsitter SP Fryslân
amtsperioade 2019 - 2021
fraksjefoarsitter SP Smellingerlân
amtsperioade 2019 - 2021
boargemaster fan Flylân
amtsperioade 2021 - no
foargonger Tineke Schokker

Schrier is ôfstudearre as sosjaal psycholooch. Hy hat lang yn it UMCG wurke op de ôfdieling ûntjouwingsneurology. Dêrnjonken is er bestjoerslid by de stifting Kat in Nood.[1]

Politike karriêre

bewurkje seksje

Michiel Schrier hat sân jier lang riedslid foar de SP yn de gemeenteried fan Smellingerlân west. Yn april 2015 skode syn partij him nei foaren as deputearre. De SP sit mei CDA, FNP en VVD yn de koälysje. Kielstra waard de earste SP'er yn de Deputearre Steaten fan Fryslân. Yn syn portefúlje hat er Miljeu en hanthavening (ynklusyf de FUMO), Duorsume enerzjy (ynklusyf de Mynwet), Sosjaal belied en soarch, Fyts- en kuierbelied en Sport.

Schrier wie 2019 oant 2021 lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân en wie SP-fraksjefoarsitter yn Fryslân en tagelyk SP-fraksjerfoarsitter yn Smellingerlân.

Schrier waard op 16 febrewaris 2021 troch de gemeenteried fan Flylân oanrekomandearre as boargemaster. Hy folge Tineke Schokker op en waard dêrmei de earste troch de Kroan boargemaster fan de SP. Op 10 maaie 2020 waard er ynstallearre mei bywêzen fan Arno Brok, de kommissaris fan de Kening yn Fryslân.

Schrier is boaske en hat trije bern. Hy hat oant syn boargemasterskip yn 'e Drachtster Kompenije wenne. Hy is ponghâlder fan 'e stifting Kat in Nood.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: