Tineke de Jager-Van der Zee

(Trochferwiisd fan Tineke de Jager-van der Zee)

Tineke de Jager-Van der Zee (Wierum, 15 juny 1962) is in Frysk skriuwster.

Tineke de Jager-Van der Zee kaam yn Wierum op 'e wrâld. Se folge de PA, dat de foarrinner fan de PABO wie. Se wennet tsjintwurdich yn Dokkum en is pjutteliedster en kurusliedster Frysk, dat lêste fral by de AFUK.

Nei't se in kursus ferhalen skriuwen foar bern folge hie, begûn se te publisearjen, earst yn it tydskrift switsj en letter yn ff foarlêze. Se hat in passy foar it oerbringen fan it Frysk op bern en folwoeksenen. Geandewei kaam se yn 'e besnijing fan goedfrou Catharina Schrader; se hie wol ris wat fan har heard yn Dokkum. Nei't se in boek oer har liend hie, makke se in opset foar in roman en stjoerde it earste haadstik nei de KFFB. Redakteur Jacobus Knol hat har begelaat yn it skriuwen fan har debútroman. Yn 2008 kaam dy roman by de KFFB út ûnder de namme Goedfrou foar it libben. De roman waard goed ûntfongen en wie nei in skoft útferkocht. Yn in fraachpetear mei de Ljouwerter Krante sei de skriuwster dat se al in idee hie foar in twadde roman, mar se wie der noch net wis fan oft it wol in roman wurde soe. Fjouwer jier letter, yn febrewaris 2012, ferskynde har twadde roman. Dat wer by de KFFB en mei titel De bosklju. Dy roman spilet wer yn in fier ferline, it giet oer Thomas dy't in wike op Waltastate yn Wiuwert ferbliuwt.

Yn 2013 kaam har tredde roman by de KFFB út, Kiloknaller.

  • 2008: Goedfrou foar it libben (ferhaleroman)
  • 2010: Vroedvrouw tegen wil en dank (oersetting fan Goedfrou foar it libben)
  • 2012: De bosklju (roman)
  • 2013: Kiloknaller (roman)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: