Catharina Geertruid Schrader

(Trochferwiisd fan Catharina Schrader)

Catharina Geertruid(a) Schrader (Bentheim, septimber 1655 - Dokkum, 30 oktober 1746) wie in froedfou (ek wol: goedfrou) út Dokkum fan Dútske komôf. Ein 1670-er jierren ferfear hja mei har âlden nei Nederlân.

Catharina Schrader (troch J. Folkema, 1714)

Frou Schrader har earste man wie de sjirurgyn Ernst Willem Cramer út Bentheim. Yn 1713 wertroude hja mei de goudsmid en boargemaster fan Dokkum, Thomas Higt.

Foar har Dokkumer tiid hat hja noch in pear jier goedfrou yn Hallum west.

Catharina Schrader die sekuer ferslach fan de befallings yn har praktyk fan 1696 oant 1745, mar jout ek tal fan feiten oer de maatskiplike posysje fan har klanten. Dit Memory Boeck van de Vrouwens is bewarre bleaun en is part fan de bibleteek fan de KNMG. It wurdt beskôge as in wichtich medysk-histoarysk dokumint. Yn totaal hat Schrader by sa'n 4000 kreamen belutsen west.

De Amerikaanske histoarikus Simon Schama behannelet Catharina Schrader en har deiboek wiidweidich yn syn boek Overvloed en onbehagen oer de Nederlânske Gouden Iuw

De roman 'Goedfrou foar it libben' (KFFB, 2008) fan Tineke de Jager-van der Zee, giet oer Catharina Schrader.
De roman waard ek oerset nei it Nederlânsk: Catharina Schrader. Vroedvrouw tegen wil en dank. Dokkum, Dokkumerdiep, 2010. ISBN 978-90-75412-13-0

  • A. Geyl, Catharina Geertruyd Schraders. Investigatrice du caractère anatomique de la placenta praevia, Janus 1 (1896-1897) 537-540.
  • M.J. Elzinga, ‘Catharina Geertruid Schraders 1655-1745, It Beaken 16 (1954) 192-196.
  • S. van Tuinen, ‘It birop yn it Memorijboeck fan C.G. Schrader’, It Beaken 16 (1954) 192-196.
  • Simon Schama, The embarrassment of riches. An interpretation of Dutch culture in the Golden Age (z.p. 1987) 529-535.
  • Hilary Marland, ‘Catharina Schrader (1656-1745). Een bijzondere vroedvrouw of vrouw van haar tijd?’, yn: Monique Stavenuiter, Karin Bijsterveld en Saskia Jansens red., Lange levens, stille getuigen. Oudere vrouwen in het verleden (Sutfen 1995) 105-117.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: