Toer fan Skillaerd

De toer fan Skillaerd is de toer fan de eardere Marijetsjerke yn de buorskip Skillaerd by Mantgum.

Skillaerder toer
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert
plak Skillaerd
koördinaten 53° 07'N 5° 42'E
Arsjitektuer
boujier toer: 1661
sloopjier tsjerke 1884
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 8513 [1]
Kaart
Toer fan Skillaerd (Fryslân)
Toer fan Skillaerd

Neffens in oerlevering soe der yn Skillaerd eartiids in proasdij stien ha, werfan't de Marijetsjerke de kapel west hat. De eigners fan de state Hokswier hiene it rjocht de pastoar te beneamen. Mei de reformaasje waard de parochy fan Skillaerd gearfoege mei dy fan Mantgum, dêr't ek in oan Marije wijde tsjerke stie, mar it duorre noch oant yn de 18e iuw dat der in mienskiplike tsjerkfâdij wie. Noch eefkes, yn de Frânske tiid, waard de tsjerke wer roomsk om't de katoliken fan Easterwierrum de tsjerke brûke mochten. Oan it ûnderhâld fan de Marijetsjerke fan Skillaerd waard lykwols net in soad jild útjûn, sadat it tsjerkje brekfallich rekke en yn 1884 besletten waard de tsjerke ôf te brekken.

Oan de eastlike kant fan de noch besteande toer is te sjen wêr't de daksrâne wie. De toer waard boud yn 1661 mei help fan jild fan Douwe Willems, fan wa't de grêfstien njonken de toer leit. Eartiids wie de sealtektoer fersierd mei fazen en in liuwke, dy't der net mear binne. Ek it oarspronklik stiennen ferwulft yn de toer is net mear oanwêzich. De toer is fersierd mei pilasters, dy't boppe einigje yn ioanyske kapitelen. Oan de súdlike, westlike en noardlike kant binne kraachstientsjes te sjen mei ôfbylden fan duvels of ingels. Fierder binne der in pear ferware gevelstiennen en twa sânstiennen mei de merken fan timmerlju en in jiertal.

 
Oarlochsmonumint

Yn de toer hongen twa klokken, wêrfan't de âldste út likernôch 1300 stamde en yn it Frysk Museum bewarre wurdt. De hjoeddeiske klok waard yn 1957 getten en draacht it opskrift Komt klein en groot, de Heiland noodt.

Oarlochsmonumint

bewurkje seksje
 
Grêven bemanning Short Stirling EF 347, LS-T

By de toer is in oarlochsmonumint ta neitins fan de manlju dy't by it delstoarten fan harren bommesmiter Short Stirling yn de Twadde Wrâldoarloch boppe de Mantgumer Feart omkamen. Hja wiene op de weromreis fan in bombardemint boppe Berlyn, doe't yn 'e nacht fan 1 op 2 maart 1943 harren tastel troch in Messerschmitt fan de Ljouwerter fleanbasis oanfallen en yn 'e brân sketten waard. Alhoewol't de bemanning neffens de Ingelske opjefte sân telde, binne der acht grêven.


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • De tekst is ôfkomstich fan it lemma oer Eagum. It is mear as genôch foar in selstannich lemma oer de toer. De tekst yn it lemma oer de toer kin no wat ynkoarte wurde mei in ferwizing nei it selsstannige artikel.
  • www.rjhbrink.eu