Tomke (fûgel)
It tomke (Troglodytes troglodytes) is de ienigste fûgel út de famylje fan de tomkes dy't yn Europa foarkomt. Alle oare soarten libje yn Noard- en Súd-Amearika.
tomke | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Troglodytes troglodytes | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Oare nammen
bewurkje seksjeIt tomke wurdt yn it Frysk ek wol oantsjutten mei: Mûske, Múske, Tommelid as Winterkeninkje.
Foarkommen
bewurkje seksjeIt tomke is ien fan de lytste fûgelsoarten fan Europa en kin fanwege syn koarte wjukken net sa'n bêst fleane. Hy is sa'n 9,5 sm lang en waget 10 gram. Sawol it mantsje as it wyfke hawwe brune fearren. De opfallende sturt stiet rjocht omheech.
Fersprieding
bewurkje seksjeIt tomke is meast te finen yn tichte strûken foaral yn de buert fan wetter. Hy komt op it noardlik healrûn oer de hiele wrâld foar. Yn Euraazje komme sa'n 27 ûndersoarten foar en yn Noard-Amearika ek nochris 12.
Iten
bewurkje seksjetomkes ite meast ynsekten en harren larven en spintsjes. Ek ite se sa no en dan wol sied fan lytse plantsjes.
Fuortplanting
bewurkje seksjeIt mantsje begjint al by't winter mei it bouen fan in tal nêsten dy't er oan it wyfke oanbiedt. De nêsten binne rûn mei in yngong oan de sydkant en lizze meast krekt boppe de grûn. De nêsten wurde makke fan mos, blêden en gers. Ein april leit it wyfke 5-7 wite aaien mei readbrune stippen. Nei sa'n 14-16 dagen brieden komme de aaien út, wêrnei de beide âlden de jongen nog 2 wike fuorje foardat de jongen útfleane. It Tomke briedt meast twa kear yn it jier.