Topeka (Kansas)
Topeka (yn it Kansa: Tó Pee Kuh) is de haadstêd fan de Amerikaanske steat Kansas en ek haadplak fan Shawnee County. Yn 2000 hie Topeka 122.377 en de agglomeraasje 224.551 ynwenners. Topeka is nei Wichita, Overland Park en Kansas City de fjirde stêd fan de steat Kansas. Topeka leit oan de rivier de Kansas.
Topeka | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Kansas | |
County | Shawnee | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 127.473 (2010) | |
Oerflak | 147,6 km² | |
Befolkingsticht. | 863,5 / km² | |
Hichte | 288 m | |
Oar | ||
Stifting | 5 desimber 1854 | |
Tiidsône | CST (UTC-6) | |
Simmertiid | CDT (UTC-5) | |
Offisjele webside | ||
Offisjele webside Topeka |
Topeka betsjut "bêste ierappels dolle" yn de taal fan de Kansa en de Ioway. De bedoelde ierappel is de prairyierappel (Psoralea esculenta), dy't wichtich fiedsel foar de yndianen wie en is. De plaknamme Topeka waard foar it earst neamd yn 1826, de namme dy't de Kansa hiene foar de rivier de Kansas. De stifters fan Topeka keazen dy namme yn 1855, omdat it "nij wie, fan Yndiaanske oarsprong en swietlûdich."[1][2] De heal-Kansayndiaan Joseph James soe de namme Topeka útsteld hawwe.[3]
Skiednis
bewurkje seksjeYn 1854 waard Topeka stifte op it plak dêr't in feartsjisnt oer de Kansasrivier wie, 95 kilometer bewesten Kansas City. Yn 1859 waard útein set mei de bou fan it spoar tusken Topeka en Santa Fe. Hoewol't it eindoel Santa Fe net hieledal helle waard - it wienammentlik ienfâldiger om it spoar troch it súdliker Lamy oan te lizzen as troch Santa Fe dat fan hichten omjûn is - groeide it Atchison, Topeka & Santa Fe soar út ta in grutte spoarmaatskippij. Neidat Kansas yn 1861 in steat fan de Feriene Steaten waard, waard Topeka as haadstêd keazen.
Yn 1951 waard it koalbestjoer fan Topeka oanklage troch de ACLU, út namme fan it swarte skoalfamke Linda Brown, dy't oardel kilometer nei skoalle rinne moast, wylst in pear stjitten fierderop in blanke skoalle wie. De saak Brown tsjin de Underwiisried makke lang om let in ein oan de rasseskieding yn it Amerikaansk ûnderwiis.
Op 8 juny 1966 feroarsake in F5 tornado 100 miljoen dollar skea yn Topeka.
Demografy
bewurkje seksjeFan de befolking is 15,1% boppe de 65 jier en sy bestiet foar 35% út ienpersoanshúshâldings. De wurkleazens beslacht 4,4% (sifers folkstelling 2000).
Likernôch 8,9% fan de befolking fan Topeka is Hispanic en Latino, 11,7% is fan Afrikaanske oarsprong en 1,1% fan Aziatyske oarsprong.
It tal ynwenners gie omheech fan 120.847 yn 1990 oer 122.377 yn 2000 nei 127.473 yn 2010.
Klimaat
bewurkje seksjeJannewaris hat in trochsneed temperatuer fan -2,9 °C, yn july is dat 25,8 °C. Jierliks falt der trochstrings 894,8 mm delslach (feiten op basis fan de mjitperioade 1961-1990).
Ferskaat
bewurkje seksje- De Amerikaanske marine (US Navy) hat trije skippen USS Topeka nei de stêd neamd.
Berne yn Topeka
bewurkje seksje- Charles Curtis (1860), politikus en fise-presidint fan 'e Feriene Steaten
- Annette Bening (1958), aktrise
- Katrina Leskanich (1960), sjongster (fan Katrina and The Waves)
- Kylie Kalvetti (1992), pornoaktrise
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|