Kylie Kalvetti, echte namme ûnbekend (Topeka (Kansas), 12 juny 1992), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan mingd Finsk, Meksikaansk, Spaansk en Sweedsk etnysk komôf. Hja sette yn 2015 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn in stikmannich films.

Kylie Kalvetti
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 12 juny 1992
berteplak Topeka (Kansas)
etnisiteit Finsk
Meksikaansk
Spaansk
Sweedsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 2015 – no
offisjele webside
www.kyliekalvettilive.com

Libben en karriêre bewurkje seksje

Kylie Kalvetti waard yn 1992 berne, wierskynlik yn Topeka, yn 'e Amerikaanske steat Kansas, hoewol't der oer har berteplak wat betizing liket te bestean. Nei't se de middelbere skoalle trochrûn hie, ferfear se nei Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje. Dêr rekke se by de pornoyndustry belutsen, en yn 2015, doe't se 23 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie Kalvetti ein 2016 yn in santjintal pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as New Sensations, Devil's Film en Pure Play Media. Teffens hat se in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, benammen Brazzers en Reality Kings. Mei films as Her Black Lover, I Like Black Boys 15, Interracial Surrender 4 en Kylie's 18th Birthday op 'e webside TeensLoveBlackCocks.com hat Kalvetti har spesjalisearre yn ynterrasiale pornografy.

Kalvetti hat ûnder har karriêre as pornoaktrise gearwurke mei kollega's as Sara Jay en Johnny Sins. Njonken har aktearwurk is se ek aktyf as neakenmodel en hat se mei fotoreportaazjes yn ferskate neakenblêden pronke. Fierders wurket se ek as stripper en reizget se datoangeande de hiele Feriene Steaten ôf om op te treden yn stripklubs. Ek hâldt se in blôch by op 'e webside KylieKalvettiBlog.com.

Lichemsskaaimerken bewurkje seksje

Kylie Kalvetti is blank, mei brune eagen en brún hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.66 m lang, mei in gewicht fan 61 kg, en natuerlike kupmaat 33B. Behalven de gebrûklike piercings troch har earlellen hat se ek in tongpiercing en in nâlpiercing. Fierders hat se in tatoeaazje fan in tekst lofts ûnderoan op har búk en heup, en ien fan in ûntwerp op har rjochterfoet.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: